Resinsje ‘Wat in koffer seit’

Publisearre op 24 juni 2021

SJOERD BOTTEMA –

De Tsjechysk-Dútske Ilse Weber (1903-1944), har man Willi en de jongste soan Tommy waarden yn 1942 deportearre nei Theresienstadt. De âldste soan Harnuš wie yn 1939 mei in bernetransport fia Ingelân nei Sweden reizge. Yn Theresienstadt skreau Ilse nachts, as se net sliepe koe, gedichten. Dy gedichten waarden troch har man ferstoppe. Hy oerlibbe as troch in wûnder Auschwitz en krige nei de oarloch út alle hoeken fan Europa gedichten tastjoerd dy’t skreaun wiene troch Ilse. Achttjin gedichten binne bondele yn it boekje Wat in koffer seit, mei in oersetting fan Eppie Dam. De bondel is ûntstien nei in fersyk fan Inez Timmer, yn tarieding op it teaterprogram Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber, dat oarspronklik yn 2020 yn premiêre gean soe, mar troch koroana koe dat net trochgean.

Inez Timmer en Tseard Nauta spilen yn april fan dit jier in oanpaste en ferkoarte ferzy yn de kelder fan skoallemienskip Comenius yn Ljouwert. Der ha 17 foarstellingen west foar yn totaal 400 learlingen. Timmer en Nauta hoopje dat se de foarstelling letter noch echt yn it teater spylje kinne. ‘Der sitte noch safolle aspekten oan dit ferhaal dy’t oandacht fertsjinje. Dat kinne we net lizze litte.’

Ilse Weber skreau ienfâldige, tagonklike gedichten, dy’t de wrede wrâld fan Theresienstadt ynkringend oproppe. It binne teksten om stil fan te wurden, it giet oer sok net te befiemjen leed dat it suver ûnbeskamsum liket om de oersettingen fan Eppie Dam kritysk te hifkjen op literêre kwaliteit. Oan de oare kant ferplichtet dy dramatyske eftergrûn dat men oan de útbylding dêrfan , de ferwurding, hege easken stelt. Dy fakmjittige omgong is in foarm fan respekt. As Eppie Dam syn oersettingen bedoeld binne as in earbetoan, dan moat de kwaliteit dêrfan it oarspronklike wurk safolle mooglik benaderje. Dat moat alteast it stribjen wêze. Sa is dan dochs te ferantwurdzjen, fyn ik, dat ik – hoewol’t it dus yn it ljocht, of it skaad, fan de beskreaune werklikheid totaal ûnbelangryk is wat ik fyn fan de foarm dy’t de oersetter dêrfoar keazen hat – dêr toch wat oer sis.

 

De bondel iepenet mei it titelgedicht, Wat in koffer seit.

Ik bin in lytse koffer út Frankfurt am Main

en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein?

Hij droech in stjer, wie âld en koe neat mear sjen

En hij hold my stiif beet, as wie ik syn bern.

Yn ‘e oarspronklike tekst stiet ‘er hielt mich gut’, wat yn de oersetting dus ‘hij hold my stiif beet’ wurden is. Ek moai is de oersetting fan rigel 15: ‘Nun bin ich schmutzig, mein Schloss hält nicht mehr / No bin ik sútrich, myn slot klapt omheech’.

Yn it gedicht Wiggele is ‘Wiegala wiegala wille, / wie ist die Welt so stille’ oerset as ‘Wiggele wiggele wûnder, / de sinne is al ûnder’ en dat is suver in ferriking. Yn de oarspronklike tekst komt allinne de stilte nei foaren, yn de oersetting de stilte en it tsjuster. Boppedat wurde dy twa aspekten as in soarte fan wûnder belibbe.

Yn Stückhen Freifeit stiet de plysje ‘schweigend auf der Brücke’, yn Kromke frijheid (wat in moaie oersetting ek fan de titel) is dat oerset as ‘swijend en strak’, wat noch sterker in muorre fan gefoelleazens opropt.  In ‘unkrautüberwuchertes Feld’ (sa’n typysk Dútsk gebed sûnder ein) is yn it Frysk ‘in fjild fol stikels’ wurden.

‘Sehnsuchtsschwer’ is ek sa’n lang, moai Dútsk wurd. It Fryske ‘ûnwennich’ stekt dêr toch wat keal en bleekjes by ôf. Dat leit him lykwols oan de taal en net oan de oersetter. It Frysk hat gewoan net sa’n moai wurd.

 

Soms giet it wat op en del mei de oersetting:

 

Ich schäle Kartoffeln den ganzen Tag                                Ik skyl ierappels de gânse dei

Mit hundert anderen Frauen.                                               Mei hûndert skilende froulju.

Ich sitze in dem dumpfen Verschlag                                   Bedompt is ús hok, de ein fan wei,

vom frühen Morgengrauen.                                                  Dêr’t moarns al de knollen rôlje.

 

Ich sitze da und höre kein Wort                                           Ik skyl mar ta en hear net in wurd

von dem, was die Frauen erzählen.                                    Fan wêr’t de froulju oer redendiele

Meine Gedanken sind so weit fort,                                    want myn gedachten bin hiel fier fuort

wenn  meine Hände schälen.                                                Wylst de hannen mar skile en skile.

 

Wêrom ‘de gânse dei’ en net ‘de hiele dei’?  ‘De ein fan wei’ is in ôfseage stoplape fanwege it rym. ‘Morgengrauen’ is in sfearbepalend wurd dat yn de oersetting ferdwûn is.

Mar ‘redendiele’ (trochinoar hinne snetterje) is byldzjender as it wat flakke ‘erzählen’. En ‘skile en skile’ ropt sterker it gefoel op fan einleaze werhelling as inkeld ‘schälen’. Tige slagge is de oerstting fan rigel 17 yn dit gedicht: ‘Und Stunde um Stunde langsam verrinnt’ / ‘De oeren dy krûpe, as mij like mêd’.

 

Hiel moai is de fertaling fan Die Hungernden, benammen de earste twa strofes:

Sie gehen ihres Wegs mit müdem Schritt,                       Har gongen bin swier en dreech is har wei,

der Hunger, der Hunger, der Hunger geht mit.             De honger, de honger, de honger giet mei.

Er wühlt im Leib und zehrt am Gebein                              Hij wrot yn ‘e hûd, hij mergelt it murch

und grabt sich tief in das Antlitz hinein.                           En lûkt djippe spoaren yn ’t antlit sa wurch.

 

Und was den Menschen adelt und ehrt,                          En al wat it minskdom siert en ferheft,

der Hunger, der Hunger, der Hunger zertört.                De honger, de honger, de honger dy nekt.

Man bricht die Treu, verletzt das Gebot                           Men brekt goede trou en skeint it gebod,

und verkauft sein Gewissen für trockenes Brot.           Ferkeapet de siel foar in byt en in brok.

 

Mei in krússtelling yn rigel ien (subjekt/predikaat + predikaat/subjekt), alliteraasje yn rigel trije (hij mergelt it murch) en plastyske formulearrings yn rigel seis (nekt) en rigel acht (in byt en in brok).

Yn Brief an mein Kind wurdt it achtjierrich soantsje beskreaun as ‘klein und zart’, yn ‘e Fryske tekst is dat ‘ús lytse skeet’ wurden.

It boekje is sober en stylfol útfierd. Mei behelp fan de oersettingen binne de Dútske teksten aardich goed benei te kommen. Moai dat de oarspronklike teksten ek ôfdrukt binne. Sa komt it ferhaal fan Isle Weber twa kear ‘binnen’. Nochris, it stiet my tsjin om oer ‘moai’ en ‘prachtich’ te praten as der oan sa’n ferskrikking as Theresienstadt referearre wurdt, mar ik doch it toch: Wat in koffer seit is in yndrukwekkend monumintsje.

Wat in koffer seit – Fersen út Theresienstadt
Skreaun toch Ilse Weber
Oersetting Eppie Dam
Afûk 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels