Skuld en boete

SJOERD BOTTEMA – 

Ale van Zandbergen debutearre yn 2013 mei de roman Littenser merke. Dêrmei makke er rûnom yndruk. It boek krige yn 2014 de Rink van der Veldepriis foar it bêste Fryske proazawurk, de Douwe Tammingapriis foar it beste debút en waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2015. As in skriuwer mei sa’n yndrukwekkend debút mei in twadde boek komt, binne de ferwachtingen heech: soe Famke famke krekt sa boppe it gemiddelde útstekke as Littenser merke?

 

Skriuwen is skrassen, en dêr ûntbrekt it wolris oan yn dit boek. Dochs is Famke famke in útsjitter. It hat meardere lagen, it jout in moai tiidsbyld, it hat humor, it hat djipte, it is spannend, it is dramatysk.

 

Der binne in pear opfallende oerienkomsten tusken beide boeken. Beide telle se aardich wat siden en beide ha se twa tiidlagen. It ferhaal begjint yn 2012. De haadfiguer, Haije Alkema, is dan 56. Net troud, al tritich jier op keamers. Haije wurket as learaar Nederlânsk oan in middelbere skoalle yn Ljouwert. Hy krijt hieltyd mear muoite mei it learaarskip, rekket mear en mear oan ’e drank en meldt him úteinlik siik. Underwilens hat syn húsbaas kunde krigen oan in galeryhâldster út Amsterdam, in blitse dame, dy’t eartiids as Lies troch it libben gong mar har no Lisabel neamt. Eartiids, dat is yn 1973: Lies wie doe ien fan Haije syn freondintsjes mar waard úteinlik troch him oan kant set foar in oar. Lisabel is weromkommen om wraak te nimmen. It is de skeakel – skuld en boete – tusken de beide tiidlagen yn it boek, 1973 en 2012.

Behalve twa tiidlagen dy’t elkoar ôfwikselje is der binnen elke tiidlaach hieltyd sprake fan in wikseljend perspektyf: geregeld dûke der kursive stikjes op wêryn’t in personaazje kommentaar jout op in oare romanfiguer of op wat der bart. Dy ôfwikseling jout Van Zandbergen syn styl in hiel eigen karakter, wurket relativearjend of ferdjipjend en soarget foar in libben gehiel.

Yn 1973 is Haije krekt nei in oare skoalle ferhuze, syn tredde. Hy is in flotte prater, in wat wetige puber en in echte ‘womanizer’. As it ferhaal begjint, slacht er om mei twa freondinnen fan syn foarige skoalle, Yfke en Lies. Lies sjocht it geskarrel fan Haije mei in skalk each oan. Se wol Haije foar harsels ha. En dan ferskynt Saapke op it toaniel, in klasgenoate fan Haije op syn nije skoalle.

Saapke slacht in soad om by Lukkes Leijenaar, in 73-jierrige âldfeint. Se helpt Lukkes wat mei it berêden fan syn pleatske. Oantrune troch Saapke fertelt Lukkes in prachtich ferhaal oer in âlde leafde, oangripend en fermaaklik tagelyk. Sa’t Lukkes syn yntinsjes fan doe (leafde) heaks steane op dy fan Haije yn 1973 (seks), sa is Saapke it tsjindiel fan Haije: gjin brekbere ûnskuld, dat net, want se kin har bliksems rêde, mar suver en puer natuer, sis mar. Dat komt fansels op ’e kop ferkeard.

Krektlyk as yn Littenser merke is it taalgebrûk yn Famke famke ‘geef Frysk’, soms wat âld-frinzich (‘winliken’, ‘lofts’, ‘loaits’, ‘ûnthjitte’), soms ek wat houterich (‘klaaiïngstik’, ‘teweibrocht’, ‘hillichskeining’, ‘kantoarnoadichheden’). In grut part fan it ferhaal spilet him ôf yn it fermidden fan blowende pubers en dan ûntstiet der in wûnderlike kombinaasje fan steech en dreech Frysk en útroppen, tuskensintsjes en iroanysk kommentaar yn moadieus Ingelsk. Op de siden 421 en 422 – de grande finale – liket it as wol de skriuwer it ympressionistysk proaza fan de Tachtigers parodiearje: “Hy gûlropt de wurden”, “dronken rinfladderje de einen alle kanten op”.

Haije hat dan krekt oan Lisabel ferteld wat der yn 1973 bard is mei Saapke en hoe’t dat syn fierdere libben beynfloede. De boetedwaning dy’t er himsels oplein hat, stimt Lisabel net mylder mar makket har namste grimmitiger en fersterket har yn har foarnimmen: wraak!

En sa eindigje tiidlaach 1 en tiidlaach 2 beide like sensasjoneel en dramatysk. Dat komt oan, sa’n slotdreun, en dan ek noch twa kear, al hat de oanrin wat oan ’e lange kant west, foaral yn de tiidlaach dêr’t it boek mei begjint en eindiget, dy fan 2012, dy’t soms fersilet yn bysaken. ‘In der Beschränkung zeigt sich erst der Meister’, skriuwen is skrassen, en dêr ûntbrekt it wolris oan yn dit boek. Dochs is Famke famke in útsjitter. It hat meardere lagen, it jout in moai tiidsbyld, it hat humor, it hat djipte, it is spannend, it is dramatysk.

 

Famke famke, Ale S. van Zandbergen. Het Nieuwe Kanaal 2017, 425 siden, €22,50

Comments
Ien reaksje oan “Skuld en boete”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.