Tsien fan Hylkje

Publisearre op 4 mei 2017

SJOERD BOTTEMA –

Hylkje Goïnga is foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Ferline jier ferskynde ûnder de titel Tsien fan Hylkje in lytse kar-út, gearstald troch Douwe Kootstra. Goïnga har ferhalen binne fan alle tiden, skriuwt Kootstra yn syn foaropwurd, en om’t Goïnga har bondels al lang útferkocht binne, waard it tiid foar in nije útjefte. It wurk fan Hylkje Goïnga is wolris fergelike mei de ferhalen fan Roald Dahl. Beide skriuwers ha wol nocht oan ûnnocht en meie graach sa wat losjeswei en lichtfuottich ferhelje oer grouwélige saken. Oan ‘e ein komt faak in ûnferwachte draai.

 

It synisme is ek by Hylkje Goïnga folop oanwêzich en dat jout oan har wurk in wrang of op syn minst in hartich smaakje.

 

Ien fan de meast typearjende en ek bekendste ferhalen fan Goïnga is Optimaal funksjoneare. Martha hat by har freondinne Jessica iten. De beide froulju binne noflik oan it neitafeljen en sa, babbeldebabbeldebabbel, komt stikje by bytsje in lugubere wierheid oan it ljocht. Op healwei komt de earste ûnthulling: Jessica hat har man deasketten. Ik mei dat hjir rêstich ferklappe, want dat is net de echte clou fan it ferhaal, dy komt pas twa siden fierder en docht wol wat tinken oan de sitewaasje dy’t Jan Wolkers beskriuwt yn it ferhaal Gevederde vrienden (te finen yn de bondel Gesponnen suiker). Dêr hâldt ek alle oerienkomst mei op, yn it rollepatroan tusken man en frou is by beide skriuwers alles krekt oarsom en de lichte toets fan Hylkje stiet heaks op de bloedige – letterlik en figuerlik – earnst fan Wolkers. Typearjend foar Goïnga is dat de man yn kwestje lykas de measte manlju in ferfelende klier is dêr’t net mei te libjen falt. De irony wol dat er net allinne yn syn libben massaal oanwêzich is yn Jessica’s bestean, mar ek nei syn dea.

Yn It libben is hearlik komt de draai pas hielendal oan ‘e ein. De ikfiguer makket alle dagen as frijwillichster in kuierke mei ien fan de bewenners út it bejaardehûs. De âlde man yn syn rolstoel is in bazich figuer, in tirannyk baaske dat syn guodlik selskip alle kanten útstjoert. Sa guodlik is dy helpster trouwens ek wer net, echte moederaasje hat se net mei de pasjint, se is yn wêzen frijwat ûnferskillich en dat wurdt oan ‘e ein sa klear as in klûntsje: dêr rint it raar mei pake ôf en hat syn begeliedster de grutste wille.

By it ferhaal Spikers skeat my in haadstik út in boek fan Cees Buddingh’, De avonturen van Bazip Zeehok, yn ‘t sin. Yn it ferhaal fan Goïnga hiert Martha in handige (en kreaze!) jonge yn om hjir en dêr in spiker te slaan, want dêr komt har eigen man net oan ta (“… Jaap is allinnich mar geleard en dat is miskien wol fijn, mar hast der fansels fierder ek niks oan.”). Martha rekket hielendal hoteldebotel fan dy moaie jonge en betinkt hieltyd mear plakken dêr’t wol in spiker kin. “Fan alles koe ik ynienen betinke om op te hingjen oan in simpele spiker: waskhantsjes, strikken, handoeken, hjir en dêr koe der noch wol in skilderijke by of in lampke, of in blomke of in kaai of in borduerseltsje”.

Yn it boek fan Buddingh’krijt de haadfiguer in baantsje by de stedssanearing. Syn wurk bestiet út de ôfbraak fan krotwenten yn ‘e binnenstêd. Op in dei wurdt syn ploech lykwols nei in nagelnij hús stjoerd yn in wyk yn oanbou. De mannen sjogge der wol wat fan op, mar ja, sy meitsje de tsjinst net út by iepenbiere wurken, dus oan ‘e slach. De hiele sitewaasje wurdt hilarysk as der in ferhúswein arrivearret. De reaksje fan de nije bewenner en hoe’t de slopers dêrmei omgeane docht sterk tinken oan it hâlden en dragen fan de man en de frou yn Goïnga har ferhaal: as er thúskomt konstatearret de man dat in klusser op oanstean fan syn frou nochal rûch yn harren hús taholden hat.

By Buddingh’ giet it ek foaral, lykas by Goïnga, om de tûkelteammen tusken man en frou, op deselde luchtige, lakonike toan. Mar it perspektyf leit 90 graden oars. By Buddingh’ is de man it guodlike, ûnnoazele slachtoffer fan de liepe, selssuchtige frou en by Hylkje Goïnga is dat fansels krekt oarsom. Bazip Zeehok syn skarreltsje hjit Agnietje en dat is gjin tafal. Dy Agnietje is nammentlik de froulike protagonist yn de novelle Oudhollandse Burgervrijage fan Justus van Effen, skreaun yn 1733. En as sadanich it prototype fan de deeglike, flinke jongfaam út de lytse boargerij. Har manlike wjergader – “een timmermansknegt, een wakkere welgemaakte jonge” – is allike flink en braaf. Van Effen bedoelde it allegear posityf: de ienfâldige brave boarger is in foarbyld foar de hegerein. By Buddingh’ krijt dat allegear in synyske draai en is dy brave boarger foaral skynhillich. Dat synisme is ek by Hylkje Goïnga folop oanwêzich en dat jout oan har wurk in wrang of op syn minst in hartich smaakje.

Thús is de maggi op is de titel fan ien fan de seis bondels dêr’t Douwe Kootstra in kar út makke hat. Dêr is safolle mei sein as dat de ‘brave’ boarger behalve skynhillich en selssuchtich foaral saai is. Mar oan de ferhalen dy’t Goïnga skreaun hat oer dat libben sûnder ‘maggi’, en dat jildt net allinne foar de trije dy’t ik hjir oanstipt ha mar ek foar de oare sân (en de rest), sit wol deeglik smaak. Noch altyd. Yndie, tiid foar in nije útjefte.

 

Tsien fan Hylkje, Ferhalen fan Hylkje Goïnga, gearstald troch Douwe Kootstra. Afûk, Ljouwert 2016, €7,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels