Douwe en it Fryske gea

Publisearre op 28 februari 2017

SJOERD BOTTEMA – 

Douwe Kootstra is net al te bleu, fynt it net slim om in bytsje op te fallen. De foarkant fan it omslach fan syn bondel mei colums wurdt dan ek hielendal yn beslach nommen troch syn eigen gesicht, dat ús string oansjocht. Neffens de flaptekst is Achterlik Fryslân in ‘grien’ boekje: it giet gauris oer natuer en miljeu. De ynhâld fan it boek mei dan grien wêze, oan de bûtenkant oerhearsket it blau: achtergrûn, besgroen, brilmontuer en eagen. Fral dat brilmontuer falt op. En dy eagen, fan in hast ûnnatuerlik blau. Dy bril, dat is meester Kootstra, dy’t in soad wit fan goed en ferkeard. Dy eagen, dat is it blau fan de ûnskuld, fan Douwe yn syn djipste wêzen, dêr’t er in hiel inkele kear in tipke fan sjen lit, de jonge, it jonkje, dat ek net wit hoe’t it moat en úteinlik it leafst mei syn elektryske treintsjes boartet: “Under de krystbeam komt ien fan myn klassike Märklinlokomotiven yn beweging. Hy slingeret syn sfearfol ferljochte folgers yn sierlike banen oer de flier.”

 

It ûntbrekt Douwe Kootstra dus net oan de noadige selsspot en gelokkich is it hiele boekje mear spotsk as belearjend, de skriuwer stekt net allinne mar in warskôgjend fingerke op – dat wurdt al gau yrritant – mar hat ek each foar komyske saken, bygelyks dat in ploechje froulju in lesbysk kuierpaad útset hat.

 

Natuer en miljeu hawwe it swier yn “dizze oan alle kanten nei pecunia stjonkende neo-liberale tiden”. Neo-liberaal, dat is by Douwe Kootstra in skeldwurd. Mar it leit net allinne oan de polityk, de boarger is krektlike skuldich. “It is mei de gemiddelde Nederlanner en it behâld fan in goed miljeu krekt sa as mei de Friezen en harren taal: belangryk, jawis, mar asjeblyft noait en nergens oerdriuwe. En dus komt der noait en nergens echt wat op ‘e hispel.”

De 46 columns dy’t yn Achterlik Fryslân bondele binne, ferskynden fan 1999 oant 2016 yn it magazine fan it ‘Fchyske Gê’, sa as dit ynstitút himsels op Omrop Fryslân yn it Hollands oanpriizgje liet troch in Gooise juf. Nee wat it Frysk oanbelanget, oerdriuwt it Fryske Gea beslist net. Mar goed, dêr is dy ynstelling ek net foar oprjochte.

Douwe Kootstra hat sels wat de gek mei al dat Nederlânsk. Hy struit geregeld mei Nederlânske – en Ingelske – wurden en útdrukkings, meastal om oan te jaan dat we de saken, ynstellingen en persoanen dêr’t it dan oer giet, net al te serieus nimme moatte. As er kontakt siket mei in grutte wenningferhierder giet dat bygelyks sa: “Uteinlik rekke ik fia de front desk officer, de omgevingsrelatiemanager en de woonconsulent projekten nei in dei as wat te plak by de contract- en carthotheekbeheerder.”

Dêr’t Elsevierwittenskipssjoernalist Simon Rozendaal tinkt dat wolfeart en omtinken foar it miljeu lykop rinne – it earste is in foarwearde foar it lêste – dêr konstatearret Kootstra dat it miljeu krekt slim te lijen hat yn de wolfeartssteat. Dêrby wurde faak de ferkearde skuldigen socht: yn Fryslân “grypt in kategory aaisikers, jagers en mear fan dy eachklepperige ûnferstannen, de achterútgong fan skries en ljip oan om de rôffûgels letterlik de nekke om te draaien.” Yn werklikheid is der “mar ien skuldige oan de achterútgong fan ús greidefûgels en ús lânskip en dat is de grutskalige, yntinsive lânbou.”

Net allnne de lânbou bedriget de natuer, men sjocht ek hyltyd mear beton en asfalt yn it lânskip. Ek op it eigen hiem: hyltyd mear “wurdt alle libben ferdreaun troch it skytskjinne, ûnwittende boargerdom dat hast dei oan dei mei harren hysterys gûlende blêdblazers de moadieuze stien- en grintflaktes om hûs en hear bejaget.” Sels hat Douwe in alternative tún, mei fruitbeammen en bijefreonlike blommen. Ien kear jiers meane, mei de seine. Mar dat seinemeanen is in hiel oe heden en lûkt in protte bekijks. “Doe’t de strjitte leech wie, ha ik moai hastich de triedsjemeaner fan buorman helle.”

It ûntbrekt Douwe Kootstra dus net oan de noadige selsspot en gelokkich is it hiele boekje mear spotsk as belearjend, de skriuwer stekt net allinne mar in warskôgjend fingerke op – dat wurdt al gau yrritant – mar hat ek each foar komyske saken, bygelyks dat in ploechje froulju in lesbysk kuierpaad útset hat. “Nei de desennialange heal-yllegale bosk-ekskursjes fan harren manlike kollega’s no dan lang om let in legitimearre pottepaad.” Dat jout romte foar allerhande soartgelikense inisjativen en de skriuwer fantasearret der even fleurich op los: “… straks ek rûtes foar promininte PvdA’ers en VVD’ers mei lange brede linten asfalt en om de fiifhûndert meter in fiks parkearterrein. En foar de rânestêdlike hollewaaigasten fan Grien Links in moai rûch ferdwaalspoar sûnder einpunt yn de Huitebuersterbûtenpolder. Wáár zegt u?”

De skriuwer is net altyd – en ek dat is in pluspunt – 100% rjocht yn ‘e lear. Sa jout er wol ôf op jagers en aaisikers, mar mei er sels graach fiskje. Kin dat eins wol, fiskje foar je plesier? Kootstra hat der gjin dúdlik antwurd op. Guon saken binne kompleks, jout er ta. Sa liedt de populêrens fan sinnepanielen ta it kappen fan mear beammen (want dy nimme it sinneljocht wei).

Sa’n bekentenis fan ûnwissens is frij seldsum, faker makket Kootstra him lilk. Mar hast altyd oerhearsket in lichte toan, wat net itselde is as myld.

In sitaat om dat te bewizen:

“Op myn koartingkaart reizgje ik geregeld mei de NS, meast neat te rêden. Noflik yn ‘e earste klas mei krante, boek en in eigen bakje kofje. Mar ek dêr rukt de stem des volks op, him hielendal leech keakeljend yn de smartfoan.”

De rake typearring, de skerpe formulearring: Douwe Kootstra wit der wol rie mei.

 

Douwe Kootstra, Achterlik Fryslân, It Fryske Gea 2016. €7,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels