Minlik
Publisearre op 17 juni 2020
RENÉ DE HAAN –
Wylst myn hannen
Bywêzigens sykje
Sjoch ik mysels
Troch it kâlde begryp
Net wêr’t ik thús
Mar wêze wol
Ik ha de lûden
Fan it oargel folge
De loft flústerret
Oer de râne fan hjirnei
Sêft mar tichteby
Kuierjend op harren
Tinken en dwaan
Ferbûn troch ûnder
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]