Doch mei oan Pennel!
Publisearre op 17 juli 2017
Doch ek mei oan Pennel! Stjoer dyn ferhaal of gedicht yn. En wa wit wurde dyn wurden publisearre! Lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije gedichten en ferhalen fia de Pennel-app. Of skriuw sels! De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets.
De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten.
Lêzers fertsjinje skriuwers
Lêsto graach Frysktalige boeken? Komst graach yn oanrekking mei Fryske poëzij? Miskien soesto sels wolris in resinsje skriuwe wolle? De Pennel app biedt skreaune en sprutsen teksten fan skriuwers dy’t harren wurk (noch) net fia in útjouwer publisearje, mar wol graach harren wurk lêze litte wolle. Alle moannen stean der fiif nije tekstfragminten klear om lêzen, belústere en beoardield te wurden.
Skriuwers fertsjinje lêzers
Hasto wolris wat yn it Frysk oan it papier of it byldskerm tabetroud? Tinksto der wolris oan om it op te stjoeren nei in útjouwer of sels te publisearjen? Dan soe it ynstjoeren fan dyn tekst nei de Pennel app in moaie earste stap wêze kinne. De app biedt (aspirant) skriuwers en dichters in poadium en bringt harren wurk ûnder de oandacht fan lêzers en útjouwers.
De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten. De app is in ynisjatyf fan Buro KLEI, yn gearwurking mei kultureel opinyblêd de Moanne en is ta stân kommen mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân.
Mear witte? Sjoch op Pennel.frl.
Kategory
Tags
app, dichten, ferhaal, Frysk, gedichten, literatuur, Pennel, Pennel app, poadium, Podium, poezie, poëzij, schrijven, skriuwe, verhaal
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]