It hert fan it ferhaal

Publisearre op 2 oktober 2013

MEINDERT REITSMA – 

Yn de nije ferhalebondel, It fûgelgebed, fan Jaap Krol (1970) steane suver altyd personaazjes sintraal dy’t yn harren eigen universum libje. “De ferhalen yn dizze bondel gean oer minsken dy’t sykje wat se fine, mar net altyd fine wat se sykje”, sa’t it skreaun is op de efterflap. Krol hopet troch it beskriuwen fan dy universums tichteby de personaazjes te kommen en sadwaande it hert fan it ferhaal te reitsjen.

It fûgelgebed is it fjirde boek fan Krol, waans ferhalen, besprekken en kollums ûnder oare ferskine yn it Frysk Deiblêd. Krol brûkt yn de nije bondel, besteande út 24 ferhalen, net in soad fariaasje: hy skriuwt hast altyd yn de doe-tiid en it personaal perspektyf. Hy lit de lêzer by syn personaazjes oer de muorre sjen, dêr’t er de iene kear better yn slagget as de oare.

“Dizich”. Dat wurd komt by it lêzen fan in grut tal ferhalen nei boppen: der hinget in dize om de ferhalen hinne dêr’t de lêzer bytiden net trochhinne komme kin en der foar soarget dat in ûnbefredigjend gefoel hingjen bliuwt. In ferhaal dêr’t dy dize dúdlik te fernimmen is, is ‘It bêzje balkon’. Yn dat ferhaal helpt de haadpersoan syn maat mei it ferhúzjen, wylst er de omjouwing sekuer yn him opnimt fanwegen syn ‘oanberne luiheid’. De relaasjes tusken de personaazjes wolle mar net dúdlik wurde, it is net direkt genôch en bliuwt yn de dize hingjen. Faaks wie it de bedoeling fan de skriuwer om krekt dat bleat te lizzen, mar it komt net goed oer fanwegen tefolle dize.

“… ik bin in frjemdling wurden…” (s. 15) seit de haadpersoan út it boppeneamde ferhaal. Dy gewaarwurding komt yn in soad ferhalen nei foarren, bygelyks yn ‘De smelle wei’, wat my oanbelanget it bêste ferhaal út de bondel is. De lêzer kriget op in prachtige wize tagong ta it universum fan in boer, dy’t djipleauwich en neffens eigen sizzen sûndich is om’t er nei in oare frou longeret. It ferhaal hat in kadâns dy’t hast alle oare ferhalen misse, wylst dy der foar soarget dat it personaazje prima delset wurdt en it noflik trochlêst. De taal is dan op syn moaist: “De boer ferwinske God, om’t er him sitte litten hie. Hoe koart de moeting ek west hie, op dat stuit liet de swarte frou him rilje sa’t er noch noait rille hie. It lichem stûke net, mar fielde frjemd en sterk, as wie er troch it iis sakke en sweve er einleas yn de romte ynstee fan yn it kâlde wetter te reitsjen. It fleis wie dan swak, it hie miskien noait sterk west.” (s. 26) Prachtich wurdt de skuld fan de boer yn kontrast pleatst mei de ûnskuld fan syn bern dy’t fierderop leaf yn ’e tún oan it boartsjen binne.

In ferhaal dêr’t de kontrasten en ôfstân tusken personaazjes ek goed wjerjûn wurdt, is ‘Drum boppe alles’. Yn dat ferhaal is de relaasje tusken in man en frou folslein beferzen: de frou smeit in swijend komplot tsjin har man, wat as gefolch hat dat de man haatgefoelens ûntwikkelet. Krol ropt lykas yn ‘De smelle wei’ moaie bylden op: “Se hiene in geheim, dêr’t, sa’t it hearde by in geheim, noait mear oer praat waard. Mar der siet in frjemde kronkel yn harren geheim: as se yn de stoel siet en de kofje oan it trochrinnen wie, dan waard der swijend oer sprutsen. (…) mar wat banaals (…) hie in brede, fêste muorre tusken harren oplutsen. As er oer dy muorre klimme soe, soe er yn in kreaze, ûnbekende tún sjen.” (s. 140 en 141) Sa set de skriuwer de universums fan de beide personaazjes goed del.

Lykwols slagget dat delsetten lang net by alle ferhalen. Lykas by ‘De fertraging’ dêr’t fuortendaliks yn it begjin it trochsettingsfermogen fan de lêzer flink op ’e proef steld wurdt: “In oantinken wie in sleauwe moeting tusken foarm en assosjaasje – de assosjaasje bestie altyd út ien wisse én ien fuortlitten of kenlik ferjitten entiteit of barren.” (s. 83) Je kinne it machtich fine of krekt net, mar it noeget net bot út en lês fierder. It gebrûk fan werhellings op side 85 soarget der ek foar dat it suver wat ferfeelsum wurdt: “It hearde net by de toutsjes oan de doarren dy’t oer de trepsleuning nei boppen rûnen, by de kafetaria mei de grutte ruten en de djippe yngong, by it buordsje ‘Pianostemmer’ neist de doar mei de griene klink. Net by de slachter mei syn stikjes woarst en foarsean sop, …” ensafierder, ensafierder. Al moat der wol by sein wurde dat it letter in stik better wurdt, it wurdt in ein transparanter. De ynhâld, in âlde man dy’t hieltyd mear fertraging oprint, is op himsels prima, spitich is dat it dan hingjen bliuwt yn de styl.

In ferhaal as ‘Dûke, swimme, driuwe’ jout in hiele feromming nei in rige drege, dizige ferhalen. Nei it lêzen fan de earste rigels, freegje jin ôf wêrom’t net alle ferhalen sa begjinne: “Dit wie oars in prachtich stikje greidlân. En dat net allinnich: de loft skiede silverwite triedden ôf en de bloeiende tûken fan it beamkegrien fierden in sêft petear mei de wyn. Hy fytste oer it stille fytspaad en wie hast betsjoend troch de kleurrike blommepracht – blau, pears, giel en rôs.” (s. 92) De ‘hy’ sil te swimmen en treft yn it wetter in nuvere swimmaat: in hûn. Dat sokke simpele ynhâld him dochs bêst lêze lit, komt benammen troch de humoristyske sênes dy’t it opsmyt en de goed opboude spanning. En dat is no krekt wat ik wol wat mist haw yn It fûgelgebed: humor en goed opboude spanning.

Al mei al kin de ferhalebondel sjoen wurde as in heal om heal bondel. Bytiden liket it oft Krol te lang boppe it ferhaal swevet, te lang de personaazjes observearret, koartsein: net troch de dize hinne komme kin. Mei as gefolch dat er, lykas in fûgel, wurch wurdt en sûnder it hert fan it ferhaal rekke te hawwen, op de grûn delkomt.

Jaap Krol: It fûgelgebed. Utjouwerij Bornmeer, De Gerdyk 2013. 160 siden, €15,00.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels