fotografy: Anne Feddema

It giet om ’e djipte

MEINDERT REITSMA – 

Ljouwens, de stêd dêr’t De krêftproef  fan Piter Boersma (1947) him ôfspilet, is in nuveraardich plakje. Minsken dy’t in skoft troch de loft fleane? Immen efter it behang plakt? De ynwenners fan Ljouwens sjogge der net raar fan op.

Boersma skriuwt de lêste tweintich jier oan in opfallend konsistint oeuvre, yn it earste nûmer fan literêr tydskrift Ensafh fan dit jier hat Bouke Oldenhof dêr in moai en nijsgjirrich stik oer skreaun. Oldenhof omskriuwt de tematyske konstanten sa: “It ferlet fan ôfsûndering fersus it ferlet fan kontakt, it isolemint en de stilstân tsjinoer de dûns.” (s. 46) Neist dy tematyske konstanten brûkt Boersma ek konstanten yn syn styl: syn proaza kin omskreaun wurde as fragmintarysk: koarte, poëtyske sinnen en haadstikken. Ek karakteristyk is dat er in absurdistyske skriuwstyl hantearret; yn syn boeken is fan alles mooglik, lykas it troch de loft fleanen. Ek wat personaazjes oanbelanget slút De krêftproef oan by earder wurk fan Boersma, nammentlik dat de personaazjes sykje nei it lok en nei de krekte libbenshâlding.

Dat sjogge wy werom yn it haadpersonaazje Jelle Westerbaan. Hy is freelance sjoernalist, mar dat is nei eigen sizzen mar bysaak, it giet om de dreamerijen; wat der yn ’e holle omgiet: hy is in ‘actman’. Hy fielt him “In blêd dat mar jier yn jier út troch de stêd dwerrele, mar net samar wat, nee op in bepaalde wize mei in beskaat doel.”(s. 5). Jelle Westerbaan hat foar himsels trije doelen foar eagen: útfine wa’t er is, wêr’t er is en de wichtichste: de wrâld gelokkiger meitsje.

Om dat te realisearjen betinkt er de wiere krêftproef: in omkearde flat bouwe yn de wyk Heechwert te Ljouwens. Neffens Jelle moat de flat de grûn yn, omdat it by alles yn it libben giet om ’e djipte. Mei syn freone- en kunderûnte makket er in plan foar dat hast net út te fieren projekt. Yn dy rûnte rinne neist ‘gewoane’ nammen as Willem Rypstra en Sytske Veninga ek dichters as Velimir Chlebnikov (1885-1922), Richard Brautigan (1935-1984) en Paul van Ostaijen (1896-1928) rûn. Dat is in wûnderlike kar, dêr’t it absurdisme fan Boersma ek út bliken docht. Dy kar is tige goed slagge, de histoaryske persoanen komme ta libben en soargje foar in soad humor. De wurdt ek geregeld ferwiisd nei it wurk en libben fan de dichters. Spitich is dat de oare personaazjes minder goed út de ferve komme, se bliuwe faak te keunstmjittich.

It projekt kriget de wûnderlike namme ‘Happa Jella’ mei, der wurdt in plan opsteld om it in súkses wurde te litten. De wykbewenners krije de kâns om sels harren eigen wrâld ûnder de grûn te bouwen. Der is ûnder de minsken net in soad wjerstân, wat eins wol wat nuver is.

It lêste haadstik hjit ‘Apoteoaze’, lykwols is it tsjinoerstelde eins it gefal. Troch te boartsjen mei taal, absurde sitewaasjes en dialogen te kreëarjen hat Boersma in humoristyske roman skreaun. Bygelyks op side 163: “Paul van Ostaijen farde yn syn kano oer de stjerreloft. Hy fielde him himelsk.”

Soms wurdt de lêzer lykwols yn betizing efterlitten, krekt of hat de tekst neat te sizzen en is der gjin ferbân te ûntdekken. Wat moat de lêzer bygelyks mei it haadstik ‘Pop’ op side 62 dêr’t Jelle en syn freondinne Reinou Wobbes yn petear binne? Dêr de twadde helte fan:

Twa skoalbern fytsten harren foarby. De jonge sei wat, it famke lake lûd.
‘Hetaere,’ sei er.
‘Sa tinke manlju,’ sei se.
‘Dit is in âlde seedyk,’ sei er, ‘oan dy kant wie de see.’
‘No en?’
‘Fenus.’
‘Ik bin gjin stjer,’ sei se.
In heal oere letter kamen se yn ’e lijte fan in hûs mei in blommetún derfoar. Se wiisde him op ’e flinters.
‘Pop.’
‘Einlings,’ sei se.

Gelokkich makket Boersma it op oare plakken mear as goed mei sinnen as de folgjende: “’Ut ’e fierte wei komt it wrinzgjen oandraven. It wrinzgjen wrinzget Wiidiepen wrinzgjende noastergatten.’” (s.124)

It is it personaazje Homme Booij dat seit dat wy ea allegearre foar ús eigen krêftproef stean sille. De lêzer is troch De krêftproef faaks better taret op dy krêftproef, dy’t ier of let syn beslach krije sil. Piter Boersma hat ek foar in krêftproef stien en is dêr yn alle gefallen sûnder grutte kleanskuorren trochhinne kommen.

 

Piter Boersma: De krêftproef. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012. 240 siden, €14,00 (e-boek); €17,50 (papieren útjefte).

Comments
Ien reaksje oan “It giet om ’e djipte”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.