Sljocht fan fuotbal

Publisearre op 2 april 2014

MEINDERT REITSMA – 

Nei sân jier is it ferfolch op it berneboek Skoare by FC Top fan Jelle Bangma (1955) útkommen: Kampioenen fan FC TOP. It earste boek oer de fuotbalferiening FC TOP wie populêr by de bern: it krige de Sulveren Spjeld 2008 fan de Fryske Berneboekesjuery. Beide boeken meitsje diel út fan in rige berneboeken, dêr’t ûnder oaren Willem Tjerkstra en Itty Sluis ek boeken foar skreaun hawwe. Yn 2003, 2004 en 2005 ferskynden fan dy rige alle jierren twa boeken. Skoare by FC Top wie yn 2006 lykwols foarearst de lêste. Fraach is dus wêrom it salang duorre hat foardat de rige fuortset waard. It hie foar de rige faaks better west en lit fuortendaliks nei 2006 mear boeken útkomme.

Yn Kampioenen fan FC TOP folget de lêzer yn koarte haadstikjes David en Kendra. David spilet al by topklup FC TOP en hat mar ien grutte dream: proffuotballer wurde. “Hy sjocht nei de grutte poster oan ’e muorre mei syn favoryt: Arjen Robben. Koe er earst mar in bytsje fuotbalje as hy, koe er mar in pear fan syn trúkjes. Moarn sil er dy wer oefenje, earst mar sliepe…” (s. 6). Kendra soe ek graach by FC TOP fuotbalje wolle, mar mei net fan heit en mem, want hokfoar famke fuotballet no? Se set lykwols har sin troch: yn it geheim jout se har op foar de fuotbaldagen by de feriening en giet útfanhûs by beppe.

Bangma skriuwt it ferhaal yn koarte, net drege sinnen: it gebrûk fan it Frysk is ienfâldich. Dêrmei slagget de skriuwer der yn om de ôfstân tusken de lêzer en de tekst te ferlytsjen. Wat dat oangiet ek meispilet, is dat Bangma neist it Frysk ek gauris Ingelsk en Nederlânsk brûkt. Dat slút soms goed oan by de realiteit fan de bern, bytiden giet it lykwols oan dy realiteit foarby. Sa is it brûken fan sporttermen as Panna Knock Out en high five gjin probleem, it gebrûk fan wurden as face to face namste mear: dêr hat it Frysk ommers wol in wurd foar.

Op mear plakken brûkt de skriuwer Nederlânsk, dêr’t it Frysk ek skoan brûkt wurde kinnen hie. Sa nimt er hiele dialogen tusken de trainer fan David en de spilers yn it Nederlânsk op. Neist de dialogen wurdt noch mear Nederlânsk brûkt. Sa sykje David en Kendra fan alles op ynternet op, de beskriuwings dy’t se dêr fine fan bygelyks fuotbalskuon binne folslein Nederlânsktalich: “Het gestroomlijnde design is perfect voor spelers met een smalle voet. Bovendien zijn deze voetbalschoenen ook gemaakt van syntethisch materiaal waardoor de voetbalschoen zijn vorm zal behouden.” (s. 22). Troch relatyf yngewikkelde taal te brûken, ûntstiet der in ôfstân tusken de tekst en de lêzer, wylst de skriuwer earder krekt besocht en ferlytsje dy ôfstân. Dan riist de fraach wêrom’t de skriuwer dizze kar makke hat. Soe it te krijen hawwe mei syn funksje by Cedin?

David en Kendra groeie mear nei inoar ta: se tútsje en wurde fereale. De relaasje fan David mei syn bêste freon Jeffrey komt dêrtroch slim ûnder druk te stean. Boppedat hat er yn it fuotbalteam mei Matthijs in grutte konkurrint, mei wa’t David mei ôfrekkenje moat. De spanning rint ûnderwilens op, want at de kommende wedstriden goed spile wurde, kinne se kampioen wurde! David hat him lykwols goed yn ’e nêsten wurke, sa liicht er en krijt er sels te krijen mei sjantaazje.

Wat Kampioenen fan FC TOP eins mist, is in spannende trochgeande line. De skriuwer makket hieltyd lytse begjintsjes, lykas de spanning yn de freonskip tusken David en Jeffrey. Nei in pear sinnen lit de skriuwer dat motyf wer hingje en begjint er mei wat oars. Bangma hie it ferhaal mear djipgong jaan kinnen troch guon fan dy begjintsjes faker weromkomme te litten. In goed begjin is haadstik acht, dêr’t Kendra har net in famke lykas de oaren fielt: sy sit ommers op fuotbal. Kendra hâldt in deiboek by en skriuwt dêr har gefoelens del, dat hie faaks in goed útgongspunt west foar in part fan it fierdere ferhaal.

Sa’t lykwols de titel fan it boek al foarseit, komt oan de ein alles goed, de lêzer bliuwt perfoarst net mei negative gefoelens efter. Dêr hat Bangma goed foar soarge: de styl is flot en it ferhaal is troch dy styl en it ienfâldige taalgebrûk goed te folgjen. Dochs wynt er him der ek wol ris wat te gau foar wei. Sa seagen we dat de skriuwer guon aspekten better útwurkje kinnen hie en dat it ferhaal dêrtroch in spannende trochgeande line mist.

Tsjin it lêst fielt David him ek alhiel better en komt sa mar ta ien konklúzje: “Wat is it libben dochs moai.” (s. 64). En sa is it.

 

Jelle Bangma: Kampioenen fan FC TOP. Afûk, Ljouwert 2013. 76 siden, € 14,00.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels