Styfmem ierde is noch altyd aktueel

MARTSJE DE JONG –

Yn augustus 2020 publisearre heechlearaar rurale sosjology Jan Douwe van der Ploeg in wiidweidich artikel oer de roman Styfmem ierde fan Theun de Vries yn it Ingelsktalige Journal of Peasant Studies, in ynternasjonaal wittenskiplik tydskrift dat him rjochtet op de maatskiplike posysje fan boeren, lânarbeiders en migranten. It Journal of Peasant Studies hat in soad omtinken foar tema’s lykas boerestriid, boerebewegingen en lânboupolityk en hechtet fanâlds in soad belang oan de klassikers yn it fakgebiet. Dêrby komt der hieltyd mear omtinken foar bygelyks romans en films. Sadwaande lei it foar Van der Ploeg foar de hân om oer Styfmem ierde te skriuwen.

Stiefmoeder aarde, de roman út 1936 fan Theun de Vries dy’t letter ferskynde yn in Fryske oersetting ûnder de titel Styfmem ierde, is in klassyk wurk yn de agraryske stúdzjes, dat him neffens Jan Douwe van der Ploeg ûnderskiedt troch de wize wêrop’t de skriuwer syn krityk op de hearskjende ideeën oer de boerestân ferbynt mei it deistich libben fan de minsken. Tagelyk komt yn it boek dúdlik de politike striid nei foaren dy’t yn dy tiid spile en dy’t de sosjale ferhâldingen foargoed feroarje soe. Nei hast hûndert jier is it boek noch altyd aktueel.

Alexander Schwarz

Jan Douwe van der Ploeg (1950) is emearitus heechlearaar fan de Wageningen Universiteit. Hy wurket noch altyd as Adjunkt Heechlearaar oan de China Agricultural University yn Peking. Hy hat in fassinaasje foar romans oer it boerelibben, sa as er dat sels neamt, en doe’t er troch redakteur Annie Shattuck fan it Journal of Peasant Studies frege waard om in klassiker te besprekken, wie er gau út ’e rie.

Efkes foar dy’t it net lêzen hat: wêr giet it boek oer?

‘De grutte ferbinende ferhaalline giet oer Jarig en Tjalling, soannen fan de grutte boer Wychman Wiarda. Jarig skaait út nei heit, is de grutte boer, mei alle poeha dy’t dêrby heart, mar giet finaal ûnderút. Tjalling is earst lânarbeider, mar it slagget him om in lyts eigen bedriuw op te bouwen. Mei oare wurden, Tjalling is de “wrotter” dy’t it wol rêdt.

Ik fernim oan de ynternasjonale reaksjes op myn artikel dat foaral dy “krússtelling”, sa’t dy troch De Vries komponearre is, yndruk makket. Foaral ek om’t de roman dúdlik makket dat it hjir net giet om tafallichheden. Styfmem ierde lit hiel helder sjen dat der neist in ekonomyske logika ek in sosjale logika bestiet en dat de kombinaasje fan dy beide ferrassende draaien opsmite kin.’

Wat makket Styfmem ierde nijsgjirrich foar it ynternasjonale lêzerspublyk?

‘De roman beskriuwt op in bytiden hertferskuorrende wize it plattelânslibben yn de 19de iuw. Tagelyk is it in goed dokumintearre werjefte fan de sosjale striid yn dy tiid. Styfmem ierde keppelet it deistich libben en de dreamen fan arbeiders en boeren op in bewûnderensweardige wize oan de grutte politike en ekonomyske ferskowingen doe.

Dêr komt noch wat by: Theun de Vries wie in oertsjûge kommunist en in belêzen man. Hy wie thús yn de marxistyske teory. Mar de kommunisten fan doe begriepen de boeren en boerelânbou net sa goed. Har dwaan en litten waard bepaald troch arbeiders en kapitaalbesitters. Foar boeren wie der, teoretysk sjoen, gjin plak. De boerestân waard sjoen as wat dat oan it ferdwinen wie. Seker Lenin makke dêr in punt fan: hy tocht dat de boerewrâld útinoar falle soe yn rike, kapitalistyske heareboeren en, dêrneist, in knoarre earme lânarbeiders. Yn dat ramt besjoen wie de roman in frijplak foar waarnimmingen en útiensettingen dy’t net yn dy teory pasten. Krekt dát is de kaai ta, en de krêft fan, Styfmem ierde. Kinst it sjen as in undercover ferhaal. It fertelt datjinge dat yn dy tiid net lûdop sein wurde mocht.

En, as spilet de duvel dermei, Styfmem ierde stiet ek heaksk op it modernisearringsferhaal dat hjoed-de-dei dominant is yn de westerske wrâld. De teory fan modernisaasje wol dat de lytse boeren ferdwine, sy kinne it net mear bolwurkje, wylst de grutte boeren trochgroeie en oerwinne. En dat is mar foar in part wier.’

Hoe waard de roman destiids ûntfongen en waard de maatskippijkrityk dêryn erkend?

‘Ut de lanlike en provinsjale parse fan dy jierren blykt oars net as lof. Styfmem ierde wie yn de twadde helte fan de jierren tritich miskien wol ien fan de meast lêzen boeken. Ek ûnder boeren. Sawol grutte as lytse boeren fûnen der in soad fan har gading yn. Ek yn krityske sin. It ferhaal oer Jarig, de grutte boeren dy’t derûnder strûpe, azemet hiel bot de sfear fan “fan heechmoed fergean”. Se binne “behekst troch it grutte jild”, sa skriuwt De Vries letterlik. It binne “jildduvels”(!). Ek it begryp dat stadichoan groeit tusken Tjalling (de lytse boer) en Karel (in Domela Nieuwenhuis-man) seit gâns. Dat liezen hja yn de stêd ek graach. Lit my it oars sizze: Styfmem ierde toande destiids ek oan yn hoe’n grutte mjitte oft radikaal links it deistich bestean fan gewoane minsken begriep en wist om te setten yn byldzjende fertellingen.

De roman fûn yn alle gefallen syn paad nei it easten fan Europa ta. Net nei it westen. Hoe kin dat? Wie de politike situaasje yn it westen sa oars, of miskien de lânbou as sektor? Of hie de mear kommunistyske tagedienens fan de befolking yn it easten dêr ynfloed op?

‘Ja, de faktoaren dy’tst neamst ha sûnder twivel meispile. Miskien noch wol wichtiger as de kommunistyske oriïntaasje fan de doetiidske befolking yn East-Europa is it feit dat de lannen yn it easten yn dy tiid noch sterk agrarysk wiene. It wiene peasant societies. Yn it westen begûn dat, hielendal nei de Twadde Wrâldoarloh, sterk te feroarjen. Dan krijst dy wûnderlike, hast surrealistyske ferhâlding tusken oan de iene kant in mienskip, elite en wittenskip dy’t de boeren net begripe, en oan de oare kant in boerebefolking dy’t de maatskippij net begrypt. No ja, ast sjochst nei de strapatsen fan hjoed-de-dei, nei stikstofwet en Farmers Defence Force, dan sjochst dat der wat dat oanbelanget net folle feroaret. It ûnbegryp fan wjerskanten is in konstante yn de tiid.’

De nazys neamden it boek in ‘wiere bydrage oan Blut und Boden-keunst’…

‘De nazys besochten sier te meitsjen mei bepaalde aspekten fan it boek. Neamden it in goed boereboek fol populistyske skaaimerken. Theun de Vries naam dêr radikaal ôfstân fan, ûnder mear yn it doetiidske Volksdagblad. Dêryn stiet bygelyks: “Het recht van boeren op vrije toegang tot en bezit van land […], een van de hoekstenen van Stiefmoeder aarde, impliceert dat het absoluut onmogelijk is dat er iets anders is dan vijandschap tussen de auteur en de nazi’s […]. Want het fascisme reduceert de boer tot een lijfeigene en een loonarbeider voor grootgrondbezitters […].”

Ast soks werlêst dan fielst by wize fan sprekken noch it grús fan dy roerige tiid omheech stowen. De Vries waard yn de oarloch aktyf yn it ferset, waard arrestearre en ynternearre yn Amersfoart. Nei’t er dêrwei befrijd wie troch it ferset, sette De Vries syn ûndergrûnske wurk troch.’

Wat is neffens jo noch de urginsje fan Styfmem ierde?

‘Wat my oanbelanget is dat op meardere saken werom te fieren. Lit my der in pear neame, dêr’t nammers foar opgiet dat se fier foarby it Fryslân fan doe en no rikke. Yn it foarste plak lit De Vries sjen yn hoe’n grutte mjitte oft it buorkjen foar de direkt belutsenen sels safolle is as striid, in trochgeande striid om oerein te bliuwen en in striid om foarút te kommen. In duorjend wrakseljen, sa’t ek Hylke Speerstra sa moai skriuwt. In suver hast fysike wrakseling mei dysels, it bytiden wjerstribbige fee, de ûnwillige grûn, mar ek in wrakseling mei de meiminske, mei de hearskjende ekonomyske ferhâldingen. Dêrneist lit De Vries sjen dat dy wrakseling alles te krijen hat mei it gruttere barren. Op it tredde plak is der dan noch de ferwizing nei de eigensinnigens, de koppigens en de hoop. Boeren binne gjin marionettepoppen dy’t inkeld de bewegingen fan merk, belied en technology folgje. Faak sette se in eigen koers út.’

Hie it net passender west om in hjoeddeiske roman as ûnderwerp te kiezen?

‘Ik ken Styfmem ierde al sûnt myn jonge jierren. Boereromans, of, better sein, romans oer it boerelibben, fassinearje my al hiel lang. Ik beskôgje Groun en minsken fan Reinder Brolsma, Styfmem ierde fan Theun de Vries en De oerpolder fan Hylke Speerstra as hichtepunten dêryn. Miskien hie it wol passender west om in hjoeddeiske roman te kiezen, miskien ek net. De boeken yn dat sjenre binne ek en foaral tige wichtige boarnen foar wittenskiplik ûndersyk en teoryfoarming. Dy boeken fetsje foarfallen, ûntwikkelingen en gefoelens dy’t by wize fan sprekken ûntkomme oan de taal fan de wittenskip, mar dy wol enoarm ferrykje kinne. Al mei al tink ik dat Fryslân grutsk wêze mei op Theun de Vries en syn wurk.’

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Theun de Vries 

Theunis Uilke (Theun) de Vries (Feanwâlden, 1907 – Amsterdam, 2005) hat in ûnbidich oeuvre efterlitten, besteande út ûnder mear poëzij, essays, novellen en romans. It meast bekend by it grutte publyk is er lykwols troch syn sosjale en histoaryske romans.

Theun de Vries wie in kommunist yn ieren en sinen. Dat betsjutte dat er likegoed meistanners as tsjinstanners hie. Mar der wie, bûten de kommunisten om, wis wol in bredere kring dy’t him en syn wurk wurdearre. Hy krige yn 1963 de P.C. Hooft-priis en waard yn 1974 sels foardroegen foar de Nobelpriis foar literatuer. Ek krige er in eare-doktoraat fan de Universiteit fan Grins.

Martsje de Jong is oersetter, redakteur en skriuwer

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.