fotografy: Roelof van der Schaaf, www.zienz.nl

BoekWinterBoek: der is muzyk, der binne ferhalen …

ELSKE SCHOTANUS – 

Maltsje de Ridder-Jansma har ferslach fan BoekSimmerBoek – in jûn, 21 juny 2019, mei rom omtinken foar proaza – slút ôf mei de wurden ‘Op nei BoekWinterBoek?’ Fiif skriuwers skreaune in koart ferhaal en liezen it foar, der wie in goed stikje muzyk, der wie in flaubyt, Boeken fan Fryslân wie der mei in boeketafel en oan it barren wie in skriuwwedstriid ferbûn: in súksesformule dy’t om werhelling frege. En sa kaam it dat Martsje de Jong en Hilda Talsma mei stipe fan Boeken fan Fryslân it oandoarden en set in winteredysje op priemmen. Fûn BoekSimmerBoek plak yn it kafee Marktzicht yn Drachten, foar BoekWinterBoek, freed 31 jannewaris, waard in al like ‘echte’ kroech regele, diskear yn Snits: De Bakkersdochter. It is hast ûnmooglik, mar mei nóch mear besikers en mei nóch mear skriuwers dy’t oan de ferhalewedstriid meidiene, wie it súkses noch krékt wat grutter as de earste kear. In gouden formule.

 

En de reaksjes fan it publyk? Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake!

 

Martsje en Hilda stean by de doar: ‘Hee, leuk datst der bist.’ Myn brilleglêzen beslaan, want mei sa’n fyftich man is it smoardrok. It programma is noch net útein set, mar no al sit de sfear der al goed yn meidat Weima & vd Werf Frysktalige nûmers en covers bringe en elk mei elk stiet te praten. Elk mei elk, dat binne: skriuwers, in tal minsken dy’t oan de skriuwwedstriid meidiene, in útjouwer, partners en foaral ek: in soad ûnbekende gesichten, in nij publyk. Martsje praat de boel oan elkoar en dat docht se sûnder it papier derby te hawwen. Flot, libben, mei humor en adrem is sy likegoed in baas ferteller.

It tema is ‘Koek en Sophie’ en it binne Klaas Jansma, Baukje Zijlstra, Sipke de Schiffart, Henk van der Veer en Willem Schoorstra dy’t foarlêze. Alle bydragen binne op syn minst twa, trije kear sa lang as it frege tal wurden en dêrmei it bewiis dat proaza it hiel goed docht op it poadium: der wurdt fol oandacht nei harke.

Klaas Jansma set útein mei in ferhaal dêr’t anekdoaten oer skûtsjesilen en oer reedriden oan elkoar keppele en meielkoar ferbûn wurde. Yn it foar freget hy de harkers hokker anekdoaten anekdoaten binne – wierbard – en wat er sels optocht hat. Mear as ien kear sjit it publyk yn ’e laits.

Sa net by Baukje Zijlstra har ferhaal dat wat toan en ynhâld oanbelanget folle serieuzer is. Ut har roman De koma-korrektor docht bliken dat sy belangstelling hat foar skiednis, de skiednis fan har heit dy’t as soldaat yn Yndië west hat, by BoekWinterBoek giet it om in ferhaal dat úteinset yn de oarlochsjierren. In jonge mei in Joadske mem dy’t ûnderdûkt, in heit dy’t ferhuzet sadat de omjouwing der gjin weet fan ha sil dat syn soan joadsk is en de soan dy’t yn de oarloch nei Berlyn ta rekket. As Baukje Zijlstra lêst is it mûskestil yn it kafee.

Fan in hiel oar kaliber is Sipke de Schiffart syn ferhaal. Seks, en dan net it eroatyske, mar earder it pornografyske elemint derfan is, neist de dea, in weromkommend tema yn syn wurk. Suver skruten lêst er foar oer hoe’t er – yn werklikheid of yn syn fantasy – as jongkeardel in tocht op redens makket en by in tintsje bedarret, dêr’t er yn plak fan in beker sûkelarjemolke te heljen, syn earste seksuele ûnderfining opdocht. It is in drûchkomysk ferhaal en sa drûchkomysk lêzen dat de bier- en wynglêzen geregeld op en del dûnsje troch it bolderjende laitsjen fan de oanwêzigen. Wat in ferteller!

Dêrnei begroetet ‘snekolooch’ Henk van der Veer syn publyk mei in lûd ‘harré’. Hy lêst in sjoernalistyk artikel foar dat hy skreau op grûn fan in petear mei ‘Beppe Beest’, de útbaatster fan kafee ’t Kannet op It Hearrenfean, dy’t him har libbensferhaal fertelde, in ferhaal dêr’t har fassinaasje foar klompen en deadshollen in wichtige rol yn spylje. ‘Dêr moatst echt in kear hinne’, seit er letter.

As lêste wie Willem Schoorstra oan bar. Syn bydrage sette útein mei in moai poëtysk foardroegen stikje songtekst dat referearre oan in ferhaal – al as net wierbard – oer himsels en syn maat dy’t net allinne twa linkerhannen, mar ek twa linkerfuotten en sels twa linkereagen hat. Schoorstra is krêftich yn syn presintaasje en yn syn foarlêzen, boppedat der sit der in soad humor yn syn ferhaal. “‘Sille wy sneon ôfprate?’ ‘Saterdei’, ferbetteret Sipke. ‘Dan kin ik ek wol.’” Lykas Sipke de Schiffart nimt Willem Schoorstra gjin blêd foar de mûle as it om ’e seks giet. By him is in fagina gjin kut mar in stikelbarchje mei in iepen rechje!

It is te hoopjen dat de literêre tydskriften de fiif de skriuwers freegje de ferhalen te publisearjen. It ferhaal fan de winner fan de ferhalewedstriid komt op ensafh, ek de oare bydragen soe ik graach ergens lêze kinne. It wie Johannes Boorsma fan Drachten dy’t it boekepakket fertsjinne foar syn orizjinele en grappige winterferhaal. Hy lies it foar, mar net neidat Hilda Talsma omtinken joech oan alle sechstjin ynstjoeringen. Diskear wie der in twadde winner, nammentlik Inne Bilker fan Dokkum.

En de reaksjes fan it publyk? Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake! En mear fan soks en dat alles mei tank oan Boeken fan Fryslân, mar benammen oan Martsje en Hilda. Op nei BoekSimmerBoek.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.