Foar de feestdagen: boeken!
MARTSJE DE JONG –
Om kado te jaan, foar ûnder de krystbeam of om mei ûnder in tekken te dûken. Boeken!
En dat foar in kat
Libbensskôging troch Bonne, in boarre dy’t yn syn njoggende en lêste libben sit. Hy fertelt oer de minsken dy’t er yn al dy libbens trof, leave en wrede. Hy fertelt fan de lytse Ate, dy’t ek wreed blykte te wêzen, fan syn moetingen mei de skriuwer Trinus Riemersma en fan syn eigen wraak op it minskdom. Licht filosofyske bespegelingen út it perspektyf fan in kat dy’t ek yn syn lettere libbens wer by dyselde Ate weromkomt. Frysk en Nederlânsk yn ien bondel.
Ate de Jong
Het Nieuwe Kanaal
ISBN: 9789492457349
€19,50
– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –
De rebel
Andreas Pum tsjinne yn ’e Earste Wrâldoarloch en dat hat him in skonk koste. Hy lijt der net ûnder, want it regear hat him in medalje jûn en boppedat binne oaren der folle slimmer oan ta. Andreas leaut yn God, dy oaren net. Dy skelle op it regear en ha harren lijen dus fertsjinne, fynt Andreas. Hy krijt ek noch in fergunning en in draaioargel en dat fielt hy as wurdearring fan it regear. Oant er in rike fabrikant tsjin it liif rint en in konfrontaasje folget. Dan gean him de eagen iepen.
Joseph Roth, oers. Fedde Dijkstra
Bornmeer
ISBN: 9789056159917
€ 16,90
– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –
Blau fan dagen, griis fan ônrust

Blau fan dagen
Sierd Lautenbag is ’n kûnstskilder die’t met syn Bildtse landskappen de top beraikt het. Hij komt op ’n doad spoor telânde. De doad fan syn hait, dat hij nooit ’n plak geve kinnen het, plaagt him derbij hyltyd meer. Dan gaat hij drie maanden in Baskenland an ’t werk. D’r folgt ’n soektocht werbij at syn relasy en selsbeeld op ‘e helling komme te staan. ’t Is de eerste oorspronklike roman in de Bildtse taal en ’t debút fan de skriver.
Gerard Marcel de Jong
Louise
ISBN: 9789083269115
€ 19,50
– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –
Keunstner tusken berop en ropping
In het honderste geboortejaar van kunstschilder Jan Frearks van der Bij verscheen een tweetalig Fries/Nederlands standaardwerk over zijn leven en werk. Van der Bij hoorde bij de experimentele groep ‘Yn ’e Line’, die na de Tweede Wereldoorlog furore. Hij had eigenlijk huisschilder moeten worden, net als zijn vader, maar zijn hart en handen lagen bij de kunst. Van der Bij neemt met zijn typische mozaïeken en landschappen een bijzondere plek in de Friese kunsthistorie in.
Gitta Brugman en Elske Schotanus
Wijdemeer
ISBN: 9789492052865
€ 25,00