• 16 juli 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -  Kreatyf sfearke hinget der op it eardere Flexaterrein yn Snits. Yn in soarte fan doarpske ambiance wurkje tweintich carvers hurd oan harren kreaasjes fan sân. De skulptueren foarmje it Zandsculpturen Festival Friesland dat oant en mei ein septimber te besykjen is. Lipkje Ferwerda fan ‘e Jouwer is ien fan de bouwers. Wat in gigantyske bouwurken steane hjir. It is eins krekt [...]

  • 27 juni 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -  ‘Er is niets mooier dan ’s ochtends mijn atelier binnenkomen en het ochtendlicht door één van mijn glaswerken te zien schijnen. Het spel van licht wat dan ontstaat, de gekleurde schaduwen op de vloer, dat is magisch.’ It is dúdlik: glêskeunstner Monique Verbruggen hâldt fan glês. As ik it foarportaal fan it atelier ynkom, rin ik tsjin in skeind stik glês-yn-lead [...]

  • 15 april 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -  ‘I’m looking for Anne en Sypke Bajema’, sis ik tsjin de jongfint dy’t yn ‘e tún fan Dundastreet 10 stiet te wrotten. Unwis sjoch ik de man oan. Ik gean derfan út dat de minsken dy’t ik krekt neamde net mear libje. ‘O yes, they’re in the house, walk on.’ Ik rin in trepke op nei de foardoar, kuierje troch hal [...]

  • 2 januari 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -  Filmmakker Jeroen Hoogendoorn hat gjin plan. En gjin regels. Hy folget yn alles syn gefoel. En dat gefoel hat allegeduerigen de oanstriid om op syk te gean nei de wierheid. Dy hopet er dan wer te finen yn dat gefoel. Folgje jo it noch? ‘Dit is het digitale gedeelte van mijn habitat’, seit Jeroen Hoogendoorn as ik syn studio yn Penjum [...]

  • 31 oktober 2013

    THEO KUIPERS -  Bestjoerders fan keatsferienings wurde somtiden in bytsje wyt om 'e kop as der in merkeljier op komst is. Want jubilea betsjutte ekstra wurk en grutte finansjele útjeften foar de min of mear ferplichte festiviteiten. Der moat in oansprekkende keatspartij organisearre wurde, reunykeatserij, aktiviteiten foar de jeugd, in bysûndere feestjûn en fansels in jubileumboek. Guon bestjoerders sjogge der, mei it weromrinnend tal frijwilligers [...]

  • 1 oktober 2013

    MARRIT DE SCHIFFART -  It liket in bûnt ferskaat, de kolleksje fan de Jouster Rolf van Hulten. Oan de wite muorren fan Museum Belvédère hinget foaral abstrakte keunst, en dochs: hjir en dêr skimeret der wat figuratyfs trochhinne. Fryske skilders yn de skynwerpers? Ja, mar dêrneist hinget ek wurk fan nasjonale en ynternasjonale keunstners. En dan is der ynienen dy fitrine mei Song keramyk út [...]

  • 13 september 2013

    MARRIT DE SCHIFFART -  Earne op de souder fan de monumintale wenning yn de Ljouwerter Transvaalstrjitte lizze twa âlde skriften dêr’t har earste ferhaal yn stiet. Caja Cazemier (53) skreau it doe’t se tsien jier wie. No steane der omtrint fjirtich boeken op har namme. Yn septimber ferskynt de nijste: Foarstelling, it aksjeboek fan de Moanne fan it Fryske boek. It is foar it earst [...]

  • 11 september 2013

    MARRIT DE SCHIFFART -  Krekt op tiid waard se wekker. Lykwols, it lêste byld fan de aaklike dream bleau hingjen. It byld – in steigerjend hynder dat har hast fertrape – nestele him foargoed yn har holle. En dus fertaalde se it nei in foto: NachtMerrie. De spektakulêre print smiet har in plak op yn de Nederlânske groepseksposysje fan Photoville, it ynternasjonale fotofestival dat fan [...]

  • 18 juli 2013

    MARRIT DE SCHIFFART - Tomke mantsje altyd blier… Luuk Klazenga, ‘heit’ en tekener fan Tomke, is wiis mei dy earste sin fan it yntrolietsje fan Tomketiid. It figuerke - dat er al sûnt 1996 op papier set – is ek echt altyd blier, neffens him. ‘Tomke hat noait in min sin, laket altyd, hiel soms is er wol lilk of fertrietlik, om wat er meimakket, [...]