Charlie Chaplin fan sân

Publisearre op 16 juli 2014

MARRIT DE SCHIFFART – 

Kreatyf sfearke hinget der op it eardere Flexaterrein yn Snits. Yn in soarte fan doarpske ambiance wurkje tweintich carvers hurd oan harren kreaasjes fan sân. De skulptueren foarmje it Zandsculpturen Festival Friesland dat oant en mei ein septimber te besykjen is. Lipkje Ferwerda fan ‘e Jouwer is ien fan de bouwers.

Wat in gigantyske bouwurken steane hjir. It is eins krekt arzjitektuer.
‘Ja, dat kloppet. Yn sânskulptuerelân besteane twa soarten bouwers, de figuratyf sterke bouwer en de arzjitektoanysk sterke bouwer. Ik bin mear fan it figurative, lit myn kreativiteit de frije loop as ik in tekening skets. Ik ha my de techniken sels oanleard, bygelyks troch my te ferdjipjen yn boeken oer anatomy. It belangrykste is dat de ferhâldingen klopje. Fierder moatst rekken hâlde mei de wetten fan de swiertekrêft. Om’t sân ‘swier’ materiaal is, falle útstekkende dielen. Dêrom is de basisfoarm fan in sânskulptuer ek altyd in trijehoek.’

“Dit is echt in baan, wy wurkje njoggen oeren deis. De latte leit heech, organisaasjes easkje hieltyd hegere kwaliteit.”

Do boust al goed tweintich jier sânskulptueren, kenst elkenien, bist ûnderdiel fan de scene.
‘It begûn foar my yn 1992 yn Skeveningen. In Amerikaansk team makke dêr doe skulptueren op it strân. It ynspirearre, ik fûn it wakker moai. Mei de bern boude ik ek altyd al útwrydske sânkastielen. Doe’t de organisaasje witte liet dat se it jier dêrop Nederlânske bouwers freegje woenen, ha’k my oanmelden. Nei dy kear ûntstie der in scene yn ús lân. Wy wienen echt pioniers, der hong in soarte fan gipsy-sfear: wy krigen útbetelle yn bier en sliepten op it strân. Dat is no oars, dit is echt in baan, wy wurkje njoggen oeren deis. De latte leit heech, organisaasjes easkje hieltyd hegere kwaliteit.’

‘Undertusken binne der oer de hiele wrâld sa’n 600 minsken dy’t dit dogge. Nederlân stiet boppeoan wat it tal carvers oangiet. Dy minsken reizgje fan projekt nei projekt, fan Japan oant Kanada. It is in way of life. Sels bin ik semy-berops, ik doch hjirneist noch oare dingen, wurkje ien dei yn ‘e wike by De Jouster Klokkenmakerij en kom fierder rûn as zzp’er troch te yllustrearjen en te skilderjen. Mei it sânskulptuerjen doch ik it wat rêstiger oan, ik wol net altyd mear út in koffer libje, kies allinne de festivals dêr’t ik perfoarst hinne wol. Dy lúkse ha’k, om’t ik destiids de kâns krigen ha om in portfolio op te bouwen. It is in lyts wrâldsje, wy fiskje allegearre út deselde fiver en dy fiver komt alle jierren wol leech. De kontakten rinne fia Facebook, dat is it platfoarm om útnoege te wurden of dysels oan te melden.’

Ik sjoch Batman, E.T. en Jack Sparrow. Do hast sels Charlie Chaplin en Shrek makke. Koest dyn aai wat kwyt yn it tema Hollywood?
‘In leechdrompeliger tema as Hollywood is fansels hast net te betinken. Dat hat de organisaasje mei sin dien: it doel is om safolle mooglik publyk te lûken. De organisaasje hat ús ek frege om foar populêre ûnderwerpen te kiezen. De skulptueren hawwe dêrtroch in heech Disney gehalte. Dat is wol in bytsje spitich, as makker kinst dyn kreativiteit net echt yn it ûnderwerp kwyt. Mar it is ek begryplik, in sânskulptuerefestival is in kommersjeel festival.’

‘Der binne ek events dy’t folle keunstsinniger binne. Hjir betinke wy ús eigen ûnderwerpen, mar by oare events wurdt dat ek wol dien troch in artistyk lieder, dêrtroch sit der in ferhaal, in djippere laach, yn en wurdt it nei in heger peil brocht.’

Favorite ark?
‘De skeppe! Foar alle bouwers stiet in grutte bulte sân klear, it skulptuerjen sels bestiet foar in grut part út it fuortskeppen fan dat sân. It byld sit der al yn, moat der allinne noch úthoud wurde. Sânskulptuerje is dus mear byldhouwe as boetsearje. Fierder brûk ik leppels, klaaimeskes, troffeltsjes, metselark en fegerkes. Ik ha ek altyd in reidsje om ‘e nekke, dêrmei blaas ik oerstallich sân fuort. Sadree’t ik in part klear ha, spuitsje ik dat yn mei in selluloaze-oplossing. Dat wurket krekt lykas hierlak. De sinne en de wyn binne nammentlik de grutste fijannen fan in sânskulptuer. De sinne droeget it sân út en de wyn waait de details fuort. Dêrom wurkje wy altyd mei wiet sân en hâlde wy it sân ûnder it bouwen ek wiet.’

It perfekte sânskulptuer?
‘Is makke fan hoekich sân! Wy brûke gjin strânsân, dat is te rûn, omdat de hoekige rannen der troch heech- en leechwetter ôfskuorre binne. Dit sân komt út in put by Ketlik. It is goed ynstampt, dêrtroch wurdt it hoekich en ‘klikt’ it as legoblokjes yn elkoar. Wy krije it yn bekisting oanlevere, as wy de kisten derôf helje, hâlde wy in blok sân oer en dêr snije wy it byld út.’

 

It Zandsculpturen Festival Sneek wie tagelyk it poadium foar it NK sânskulptuerjen. Lipkje Ferwerda wûn mei har byld fan de film Shrek de tredde priis.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels