De dreambylden fan Maartje Roos

MARRIT DE SCHIFFART – 

Krekt op tiid waard se wekker. Lykwols, it lêste byld fan de aaklike dream bleau hingjen. It byld – in steigerjend hynder dat har hast fertrape – nestele him foargoed yn har holle. En dus fertaalde se it nei in foto: NachtMerrie. De spektakulêre print smiet har in plak op yn de Nederlânske groepseksposysje fan Photoville, it ynternasjonale fotofestival dat fan 19 oant 29 septimber plakfynt yn New York.

It is net de earste kear dat Maartje Roos (27) út Hurdegaryp yn New York eksposearret. Nei dielname oan New York Photo Festival 2011 en Photoville 2012, waard se no dus foar de tredde kear útnoege yn de Big Apple. De kurator fan de Nederlânske groepseksposysje, Aloys Ginjaar, leaut yn har wurk. Hy organisearret de eksposysje Keep on Dreaming foar it fotofestival yn it renovearre Brooklyn Bridge Park. ‘Hy selektearre NachtMerrie, it byld fan it steigerjende hynder, út myn besteande wurk’, leit Maartje út. ‘Om’t de foto fuort komt út in dream, past it goed by it tema. Lykwols, it wie âld materiaal. NachtMerrie hong ferline jier bygelyks yn Tresoar mei Noorderlicht. Ik woe eins leaver nij wurk sjenlitte yn New York.’ En dus levere Maartje noch in foto, hoopjend dat ek dy goed genôch wêze soe foar Photoville. Dat slagge, der hingje yn septimber net ien, mar twa foto’s fan de Friezin yn de Nederlânske seecontainer. Keep on Dreaming bestiet yn totaal út sechtich foto’s fan 23 Nederlânske fotografen.

 

NachtMerrie

 

NachtMerrie
In foto fan Maartje begjint faak mei in skets yn har holle. Dat idee, dy belibbingswrâld, set se om yn byld. Dêrby freget se it uterste fan har kreativiteit. ‘Ik doch alles sels, lokaasjes, modellen, klean en de bewurking.’ Oan ien byld giet dus in hiel proses foarôf, sa ek by NachtMerrie. ‘Dat steigerjende hynder yn myn dream wie in Frysk hynder. Dus gie ik op syk nei in Frysk hynder dat op kommando steigeret. Net maklik, want Fryske hynders binne koppich, learde ik, alle hynders hjir yn ‘e buert kamen net yn oanmerking.’ Ynternet brocht útkomst en úteinlik kaam de fotografe út yn Spijkenisse. By Tamme, in Fryske hynst dy’t beleard wie en op kommando steigerje koe. Laitsjend: ‘De foto hjit NachtMerrie, mar it is dus in hynst. Gelokkich paste Natasja, de eigenaresse fan Tamme, hiel goed yn it plaatsje yn myn holle, dat skeelde in syktocht nei in geskikt model. No hoegde ik allinne noch mar in jurk foar har te hieren.’ Neidat Tamme en Natasja fêstlein wienen, teach Maartje nei Grins foar de achtergrûn. ‘It pleintsje by de Aa-kerk wie geskikt om’t dêr sokke moaie âlde klinkerts lizze. It spielde doe’t ik de foto makke, dat jout in spannend effekt.’

 

Keep on dreaming-web

 

Keep on Dreaming
De twadde foto hat deselde namme as de Nederlânske eksposysje, Keep on Dreaming, en is ynspirearre op famkesdreamen. ‘Ast jong bist dreamst folle mear, bist frijer. Folwoeksenen ferlieze dy dreamen troch relativearringsfermogen. Lytse famkes dreame allegearre wolris dat se as prinses op in grut kastiel wenje. Foar dizze foto hie ik in pear stekwurden yn myn holle: lyts dûnsjend famke, in te grutte prinsessejurk, âld kastiel en in Pyreneeske berchhûn. Yn it begjin hie’k trouwens allinne it byld fan sa’n hûn yn ‘e holle; ik hie gjin idee watfoar ras oft it wie. Ik hie sa’n bist sjoen yn de film Finding Neverland.’ Ek foar dizze foto reizge Maartje stêd en lân ôf: it kastiel is it Poptaslot yn Marsum, ‘dy keamer ha’k foar in part ferboud’, it famke is Amber út Bitgummole, ‘sy kaam thús, yn har eigen feilige omjouwing, op de kyk’, de hûn waard fûn yn Laren (Gelderlân) en hjit Izabelle, ‘ik moast wachtsje oant it bist wer wat hier hie, want doe’t ik kontakt mei de eigener hie, ferhierre de hûn krekt’, de bear en it hynderke komme fan in samler út Boelensloane, ‘dêr hie’k ek in âlde porseleinen pop fotografearre, mar dy hat de foto net helle’. De fotografe smede de ferskillende foto’s op har kompjûter yn Hurdegaryp yn elkoar. Har wapens by it bewurkjen fan foto’s binne har ynlibbingsfermogen en Photoshop, it bewurkingsprogramma dêr’t se alle ins en outs fan wit.

Tusken wurklikheid en fantasij
Dit alles leveret de sfearfolle bylden op dy’t se it leafst makket: op de grins fan wurklikheid en fantasij en mei in skilderachtich ljocht. Dat ljocht is har spesjaliteit. ‘Ik bin altyd dwaande mei it ljocht, wachtsje op it goede momint. Faak is dat moarns betiid of jûns as it begjint te skimerjen, flak foar in bui kin ek, as de sinne noch krekt om it hoekje komt.’

 

‘Keep on Dreaming’ is fan 19 oant 29 septimber te sjen op fotofestival Photoville yn New York. Yn febrewaris 2014 hinget de eksposysje yn Amstel Gallery yn Amsterdam. Sjoch ek: www.roosphotography.nl en www.beeldagent.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.