In hjerst oan see

Publisearre op 5 oktober 2013

In hjerst oan see… de namme fan in literêr evenemint yn it ramt fan De Moanne fan het Fryske Boek 2013 dat as fansels bylden en wurden opropt. In barren op Skylge dêr’t de see in wichtich elemint is, in etmiel mei ferhalen, gedichten en muzyk, in evenemint dêr’t natuer, kultuer, poëzy en literatuer ûnderfûn en belibbe wurde sille.

Der is op sneon in middeisprogram mei dichters en muzyk yn de dunen of oan see. Jûns is der in dichters- en ferhaleprogramma yn de sfearfolle 12de ieuske tsjerke fan Hoarn. De folgjende moarn kuieret skriuwer Kester Freriks troch it stille eilanner lânskip en fertelt. It programma begjint op sneon om 14.00 oere, en duorret oant de folgjende dei oant 12.00 oere.  It sil in bysûnder programma wurde mei Nederlânske en Fryske dichters en fertellers, en mei muzyk.

Sneon middeisprogramma op it Griene Strân
Fan 14.00 oere ôf mei 4 dichters: Anne Feddema (Frysk),Elmar Kuiper (Frysk),Joanne Hoekstra (Jonge Dichter des Vaderlands, Ned.), Joost Oomen (Ned.). Foardraachster Amarins Dotinga sil gedichten út ‘Ik ek fan dy’, de nijste dichtbondel fan Baukje Wytsma, foardrage. Der is bysûndere muzyk, inte op de natuer troch singer/songwriter Geert van der Velde fan The Black Atlantic.

Sneon jûnsprogramma (20.00 oere) yn tsjerke fan Hoarn
De dichtersjûn wurdt iepene mei Skylger gedichten. Dêrnei lêze Nederlânske en Fryske dichters/schriuwers foar út har wurk: Atte Jongstra (Frysk),Bernard Wesseling (Ned.),Anne Feddema (Frysk),Elske Kampen (Frysk), Elmar Kuiper (Frysk), Arjan Hut (Ned., Frysk, Liwwadders), Anne Vegter (De Dichter des Vaderlands, Ned.). Remco Ekkers lêst Slauerhoff. Muzikale omlisting fan de folkband Reizger.

Sneintemoarnsprogram yn de dunen by Hoarnske bosk
Om 9.45 oere begjint de kuier troch de dunen fan de Folkshegeskoalle ôf. Kester Freriks, skriuwer dy’t ek ferskate kearen op Oerol optreden hat, makket mei de besikers in moaie tocht troch de dunen, fertelt oer de natuer en de fûgels en sil foarlêze ít eigen wurk.

 

Kaartferkeap, arranzjeminten en ûnderdak: info@folkshegeskoalle.nl. Ynformaasje is te krijen by info@tresoar.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels