fotografy: Florian Cats

De Kliko-bak fol fertwirre tinzen

ABE DE VRIES – 

Op myn stjerbêd wol ik tate ha, sa hjit de nije, fjirde dichtbondel fan Anne Feddema (1961, Ljouwert). Fryske dichters binne sljocht op tate, liket it wol; Sytse Jansma syn debútbondel (Wa’t tate seit moat ek wisky sizze, 2008) hie de memmemolke earder al yn de titel. Feddema liket langstme nei reïnkarnaasje útdrukke te wollen. Dy’t op syn stjerbêd tate krijt, is ommers eins wer in poppe.

“De bondel rint aardich op mei myn skilderwurk, dat spilet him ek om it hûs ôf,” seit de dichter-skilder yn it begeliedende parseberjocht. “Krekter sein, yn ’e tún.” De eigen tún, in moai plak foar tinzen oer bloei, fergonklikheid en in nij begjin. Op it omslach fan de bondel dus ek in túnskilderij, ‘Túnljocht’ (1992), fan eigen hân. No, dan hjir ek mar in túngedicht:

 

Hjerstsonate

Dichters dearnis
Dei is hast foarby
Ik garje bjirketûkjes
Ut it stribbelich
Tommeltsjuster
Fan ’e tún
In hjerstfers soe faaks
Wolris wat wêze
Mar hjerstfersen hearre by
Dichters yn ballingskip
Fier fan harren bertegrûn
Yn frjemde tunen in eksoat
Sa sit ik mei de griene bak
Wêr o wêr o KLIKO yn in fers
Litte je no sa’n bio-bak?
Ik glimkje, ik brek tûkjes
Tinzen fertwirje kreakjend
Mei in lêste bjirkeblêd.

 

‘Hjerstsonate’ hat skaaimerken dy’t yn in protte fan Feddema syn gedichten foarkomme. Bygelyks: de anekdoate as basis, de koarte rigels, it ûntbrekken fan de measte lêstekens, it ferwizen nei keunstners of keunst (hjir: sonate), it foar it effekt brûken fan eptich-Fryske wurden (‘stribbelich’), nijfoarmingen (‘tommeltsjuster’), humor (de Kliko-bak), stêfrym (‘dichters dearnis’) en praattoan (‘soe faaks / wolris wat wêze’). Opfallend yn dit fers – en yn de hiele bondel – is it ûntbrekken fan ít hannelsmerk fan Feddema syn eardere poëzij, it útropteken as ‘útsmiter’.

In hjersttún as dekor soe faaks in ‘swier’ fers oproppe kinne, sa net by Feddema. Hy jout krekt kommintaar op dat literatuerhistoaryske ferskynsel:

Mar hjerstfersen hearre by
Dichters yn ballingskip
Fier fan harren bertegrûn
Yn frjemde tunen in eksoat

 

By sokke ferballe dichters heart Anne Feddema net, want hy dichtet oer syn eigen tún, yn de stêd dêr’t er berne is, yn in skift dat net om ’e nocht ‘Yn en om it hûs’ hjit. Hy is gjin eksoat, hy is in autochtoan. De fynst yn it fers is dat de rol fan eksoat twa rigels fierder oernommen wurdt troch de Kliko-bak. Dy bak is sawol in eksoat yn de eigen tún (Kliko-bakken binne in nijerwetse útfining) as ek yn it gedicht sels:

Wêr o wêr o KLIKO yn in fers
Litte je no sa’n bio-bak?

 

It boartsjen mei it dichterlike en it net-dichterlike is ien fan de sterke punten fan Feddema syn poëzij, en dêr jout dit fers sa in moai foarbyld fan. Yn de lêste trije rigels slagget it de dichter ek noch en meitsje it dekor fan de hjersttún suggestyf yn it ramt fan de eigen einichheid:

Ik glimkje, ik brek tûkjes
Tinzen fertwirje kreakjend
Mei in lêste bjirkeblêd.

 

De tún opromme, de holle leech? In dichtbondel as bio-bak fol fertwirre tinzen? De wize dichter-op-leeftyd dy’t ien is mei syn hjersttún? It kin allegear. En de lêzer tinkt de sirkel sels wol rûn: yn ’e maityd sil dy tún ommers wer bloeie as nea tefoarren.

Anne Feddema, Op myn stjerbêd wol ik tate ha (Afûk, Ljouwert 2013, €15,00)

Comments
Ien reaksje oan “De Kliko-bak fol fertwirre tinzen”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.