De tradysje fan it ekspansyf fertriet
ABE DE VRIES –
requiem
wês stil en harkje want dêr efter de tsjerkedoarren
oan de râne fan de stêd en fierderop yn ’e romte fan it lân
klinkt in grut orkest en sjongt in koar fan tûzenen kielen
neffens de partituer fan de komponist
in requiem
molkeriders yn in lange rige besette de diken
de tsjillen rûzje binne de kleiende fioelen
it sjongen begjint yn ’e rein yn it wetter
yn it risseljend blêd fan hjerstige popelieren
in prachtich sa drôvich refrein
kij falle yn en balte de bassen en it touwurk
fan skippen slacht de maat tsjin de mêsten
sirenes fan suvelfabriken
klinke as tryste trompetten
en fan alle klokketuorren liede de klokken
neffens de partituer fan de komponist
nimt op ’e helling de foarman syn hammer
en slacht op ’e romp fan it skip fan stiel
de paukeslach ta eintsje beslút
en stilte falt
foar de grutte man fan de lytse dingen
de held fan it âld-papier
de pake de heit en de leafste
alles
de weinen en fabriken
de beammen en it wetter
de fûgels en de bisten
en wy yn dizze tsjerke
swije
yn in stilte dy’t alles oerstimt
Hûnewacht (Afûk, 2012) is de twadde bondel fan Simon Oosting (1959, Skarsterbrêge); foar syn earsteling Rauwe fisken op wynfearwolkens (Bornmeer, 2007) krige er yn in 2008 de Fedde Schurer Publykspriis. It earste skift fan de nije bondel, ‘toatems’, stiet yn it teken fan in ferstoarne heit. Ut dat skift komt it boppesteande gedicht ‘requiem’.
Letterlik ‘alles’ nimt ôfskie yn it fers: net allinnich de minsken dy’t yn in tsjerke fergearre binne om de deade de lêste ear te bewizen, mar ek de molkeriders, tsjillen fan (molke-)auto’s, de rein, de blêden oan de beammen, kij, touwurk fan skippen, molkefabriken, klokketuorren en de foarman op ’e helling litte fan har hearre. Dit requiem is in requiem dat songen wurdt troch minsken, dingen en de natoer, miskien wol troch alles dat yn it libben fan de ferstoarne belangryk wie. It plattelân dat hjir ôfskie nimt, is in boereplattelân, it is de produksjekeatling fan de molke dy’t ôfskie nimt fan, sa is de suggestje, immen dy’t yn dy wrâld bestie en wurke, in feeboer of in wurknimmer fan it molkefabryk.
Dêrby moat ik tinke oan it ferneamde fers fan Obe Postma, ‘As ik opdroegen wurd’, en dêrút de rigels:
Mar as de klok begjint te lieden – sa riist it foar my op –
Soe der dochs net wat trilje kinne yn dy oare stompen en spitskes, sa’t hja fier yn it rûn my kundich wienen?
Hear dy lange skraits fan Koarnwert ris – sil ien sizze – dat is foar dy soan fan Piter Obes.
(..)
Alsa bejout it fers fan Oosting him yn de tradysje fan it ekspansyf fertriet: as de minske gûlt, gûlt syn hiele wrâld mei. Dat is in prachtich poëtysk gegeven.
Oft de útwurking yn dit fers hielendal slagge is, wit ik net. De dichter leit it nochal dúdlik foar ús del. Hy draacht emoasjes oan dy’t al út titel en oanklaaiïng sprekke (in ‘drôvich’ refrein, ‘tryste’ trompetten), dat is wat dûbelop. It wurd ‘requiem’ is de titel al, mar wurd yn it fers ek nochris op in aparte rigel delset. Dat is miskien wat tefolle fan it goede. Oosting hat dêrby keazen foar in fierhinne foarmleas (frij) fers wêrby’t net fan elke wytrigel de funksje oan te wizen is. It jout it gedicht it karakter fan in mimering, wylst de heechspanning fan it tema miskien better tsjinne wie mei inselde (foarm-)spanning yn de tekst.
Simon Oosting, Hûnewacht (Afûk, Ljouwert 2012)
Comments
Ien reaksje oan “De tradysje fan it ekspansyf fertriet”