• 23 december 2013

    KAREN BIES - De lêste kear dat wy mei kryst nei tsjerke giene, wie yn 2008. It moast en soe. De bern wisten amper wa’t it kindeke Jezus wie en ik bin hiel gefoelich foar krystferskes. ‘Ere Zij God’ fyn ik it moaiste. Ik hie no al in pear jier It Krystferhaal oan de bern foarlêzen want op de iepenbiere basisskoalle dogge se dêr net [...]

  • 28 oktober 2013

    KAREN BIES -  It is smoarhyt en yn de fierte trillet de lucht boppe it asfalt. We ride op de Ofslútdyk, yn ús blauwe Toyota Corolla stationwagon, boujier 1999. De auto hat gjin airco mar arko: ‘alle raampjes kunnen open’. In âlde grap fan sunige minsken. It swit rint ús by alles del. Us auto is ien fan de lilkste auto’s dy’t ik ken. Buorman [...]

  • 16 juli 2013

    KAREN BIES - Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien. Jo sjogge wat dêr fan kommen is. Ik wenje noch altyd yn Fryslân en it Frysk is op [...]

  • 10 juli 2013

    KAREN BIES - De boppeseal fan Hotel Reekers op ’e Jouwer, in kreakjende houten flier, tl-buizen dy’t de dochs al bleke pubergesichtsjes ûnferbidlik yn it ljocht setten. De famkes stiene links, de jonges rjochts en dan rôp dûnslearaar Piet de Boer: ‘Vandaag kiezen de dames een heer!’ Dan wie it saak om op dyn spesjaal foar dûnsles oanskafte pumps sa gau mooglik oan de oare [...]

  • 22 mei 2013

    KAREN BIES - ‘Ze zijn zich rotgeschrokken in Friesland,’ seit Annechien Steenhuizen kalm. It is in dei neidat it rapport fan de KNSB en NOC*NSF útlekt is nei de NOS. Ja Annechien, wy leine sa lekker te koesen, ûnder it matras lei de 50 miljoen al klear, feilich opburgen foar as it safier wie. Mar dêr makken jim ús wreed en krekt op ’e tiid [...]

  • 19 februari 2013

    KAREN BIES -  Nei jierren fan balstjurrich nee sizze en stoer praat fan ‘dy flauwekul doch ik net oan mei’ bin ik no om. Ik sit op Facebook. In kollega hie in projekt dêr’t jo allinnich oan meidwaan kinne fia Facebook, dat ik tocht: toe dan mar. Sûnder foto fan mysels, want dy krijst ommers noait wer fan it ynternet ôf. Dus pleatste ik in [...]

  • 12 januari 2013

    KAREN BIES -  Op myn kast leit in steapeltsje boeken, yn desimber krigen, dêr’t ik noch net ien fan lêzen ha. Dat jout neat, papier is geduldich. It wachtet op my, jierrenlang as it moat. Dan wurdt it stadichoan wat giel oan de rântsjes en tin. It lekkere luchtsje fan it nije giet der ôf en dan krije jo in stoffige souderlucht en noch letter, [...]

  • 6 april 2012

    By de útrikking fan de Rink van der Veldepriis kaam it hege wurd der wer ris stammerjend út: seks op syn Frysk giet net fansels. De skriuwer fan it winnende boek like neffens it sjueryrapport “mei yntime sênes ferlegen te wêzen, want de dialogen dêr binne de knoffelige kant it neist”. Elkenien yn de trouseal fan it Drachtster gemeentehûs lake, de skriuwer sels ek. Wat [...]

  • 6 maart 2012

    KAREN BIES -  Skilder Jochem Hamstra wol der mei ophâlde. Dat leaust net, ast sjochst watfoar skilderijen oft er makket. Mar faak hat er skjin syn nocht fan it keunstner-wêzen. De jildkrapte – ek al ferkocht er ferline jier 14 wurken, hy kin der net fan libje. “En dan tinkst: wêr doch ik it eins foar.” Wat him der ta set om dochs alle dagen [...]