• 26 augustus 2014

    De redaksje fan de Moanne siket foto's foar de fotorubryk ‘De lêzende mins – De lezende mens′. De foto-opdracht is in frije opdracht mei as tema ‘De lêzende mins’. Alle bydragen ferskine online en de moaiste ynstjoerings nimme wy op yn ús blêd. Meidwaan? Stjoer dyn bydrage oan de rubryk 'De lêzende mins' nei reaksje@demoanne.nl en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op.   [...]

  • 7 juli 2014

    KAREN BIES -  De telefoan gie. It wie Bert Looper, licht oerémis. De eksposysje fan Fristho-meubels yn Museum Martena soe hast iepene wurde en se hiene te min. Oft se myn dressoir trije moanne liene mochten. Ik haw in prachtich Fristho-kastje en in swak foar Bert, dus sei ik ja. Myn bern fregen wêr’t har knutselspul dan sa lang hinne moast. ‘Net seure,’ sei ik, [...]

  • 19 juni 2014

    KAREN BIES -  As jo ris ûnbehindere seks ha wolle yn in kelder, gean dan nei de nije parkeargaraazje Riedhúsplein yn Drachten. Dêr hat men alle romte en rêst dy’t men mar nedich hat, want it is dêr leech en fredich. It iennichste spannende wat dêr gebeurt is dat der alle oeren in klant fan Albert Heijn mei in karke by de roltreppen delkomt. Of [...]

  • 1 juni 2014

    KAREN BIES -  Syn eagen litte my net los. Troch de traaljes sjocht er my oan: ‘Wat haw ik ferkeard dien dat ik hjir sitte moat? Ik wurd gek hjir, fan dat lytse kefferke links en dy lulke rotsak rjochts. Doch de doar iepen en nim my mei.’ In smekende, mar tagelyk berêstende blik. Us hûn fan froeger koe presys sa sjen, as er achter [...]

  • 27 mei 2014

    Sjueryrapport Douwe Tammingapriis foar debutanten 2014 Wy hawwe 14 boeken lêzen en op sjuerygearkomsten en fia email besprutsen. Wy binne Bart Temme, Karen Bies en Simon Oosting, en wy hawwe dit dien om te sjen hokker proazadebút út de jierren 2011 oant en mei 2013 de Douwe Tammingapriis winne moatte soe. Wat ús opfoel is dat teminsten seis fan de ynstjoerde boeken útjûn wienen in [...]

  • 26 april 2014

    KAREN BIES -  Op keningsdei, de dei dat elk syn bern mei âlde rotsoai en in kleedsje oan de dyk set yn de hoop der in tsientsje oan te fertsjinjen, ferkocht ik myn boekekast. Net op strjitte, mar op ynternet. Ik woe 'm kwyt want hy wie sa grut en naam tefolle ljocht wei, tocht ik. De sinne bleau altyd yn dy kast hingjen, myn boeken [...]

  • 15 maart 2014

    KAREN BIES -  De kachel baarnt en der hinget in swiere lucht fan opdroegjende klean. Ik hear it tikjen op in toetseboerd, it flústerjen fan bern, de hege stim fan de frou fan de ynformaasjebaly. Fierders is it rêstich. Ik sjoch om my hinne. Dit is ien fan de bibleteken dy’t skielk sluten wurde fanwege besunigings. Ja, dy kachel koe miskien wat leger. Mar der [...]

  • 24 februari 2014

    KAREN BIES -  Wat soe ik graach goed hantwurkje kinne. Sels klean meitsje en mysels rêde yn tiden fan krisis. De naaimasine betsjinje as wie ’t in auto, gewoan de foet op it pedaal en gasjaan mar. Sokken breidzje, dat ik fan myn beppe leard ha en myn eigen dochter foardwaan soe, sadat dat ambacht, mei troch my, noch generaasjes lang oerlibje soe. Mar nee. [...]

  • 15 januari 2014

    KAREN BIES -  ‘Om twa oere begjint de rûnlieding.’ In man triuwt my in briefke yn hannen mei ynformaasje oer de tentoanstelling Facing Nature. Ik bin einlings wer ris yn Museum Belvédère. De bern (‘Saai! Dy skilderijen ha wy al sa faak sjoen!’) haw ik omkocht mei de belofte fan wat lekkers yn it museumkafee. Mar de permaninte kolleksje, mei âlde bekenden as Willem Van [...]