fotografy: Vera Damhuis

Luzen

KAREN BIES –

De lêste kear dat wy mei kryst nei tsjerke giene, wie yn 2008. It moast en soe. De bern wisten amper wa’t it kindeke Jezus wie en ik bin hiel gefoelich foar krystferskes. ‘Ere Zij God’ fyn ik it moaiste. Ik hie no al in pear jier It Krystferhaal oan de bern foarlêzen want op de iepenbiere basisskoalle dogge se dêr net oan. Dêr spilet in heit, tafallich myn man, alle jierren de krystman. Hy krijt in brângefaarlik krystmanpak fan de Aldi oanhyst en ropt de hiele jûn ‘Ho, ho, ho!’ In waarm en wrachtich krystgefoel krije myn bern dêr dus net fan mei.

Dy krystfakânsje ûntduts ik by myn dochter luzen yn it hier. En ja hear, myn soan hie se ek. Ik belle de âlders fan de bêste freontsjes op. Sy winsken ús in goeie fakânsje en soene har bern even checke. Net alle âlders aksepteare sa’n berjocht like maklik, trouwens. Ik wit fan in freondinne, dy’t jierrenlang op skoalle Haad Luzememmen wie, dat se hiel foarsichtich it minne nijs oerbringe moast: ‘By de luzekontrôle ha wy by jo soan luzen fûn.’ Se krige de reaksje: ‘Nee hear! By ús yn de Swettepolder ha wy gjin luzen!’

Ik skamme my net, mar ik siet der mar moai mei. Op ynternet lies ik: gjin luzesjampoo brûke, dat is gemyske troep. Twa oeren lang sette ik myn bern yn de oliifoalje. Ik wosk se mei griene sjippe, struide mei baking soda. Mei in luzekaam kjimde ik it lange blûne hier fan myn jankende dochter. Yntusken hiene myn man en ik ek luzen. Ja echt. Hy ien, ik twa. It wie de dei foar Kryst. Wy wosken en kjimden. Us bern fûnen it leuk wurk om in lús te finen, wy hawwe oars ek gjin húsdieren.

Mar it wie my noch net genôch. Us alternative drogist advisearre ‘tea tree oil’. In pear drippen oalje yn it hier hâldt luzen op ôfstân, sei er. Dat diene wy dus, alle fjouwer, en sa sieten wy krysttyd yn tsjerke. Ik fernaam dat ‘Tea tree oil’ hiel sterk rûkt, nei tee, krûden en menthol. Wat doch ik hjir, tocht ik, en wat stjonke wy ûnkristlik.

Gelokkich waard ‘Ere zij God’ songen en by it stikje ‘Vrede op aarde’ hold ik it, as gewoanlik, net droech.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.