Papier

KAREN BIES – 

Op myn kast leit in steapeltsje boeken, yn desimber krigen, dêr’t ik noch net ien fan lêzen ha. Dat jout neat, papier is geduldich. It wachtet op my, jierrenlang as it moat. Dan wurdt it stadichoan wat giel oan de rântsjes en tin. It lekkere luchtsje fan it nije giet der ôf en dan krije jo in stoffige souderlucht en noch letter, as net ien it mear lêze wol, in weake âldpapierlucht. Dy griist my oan, docht my tinken oan grouwe swarte spinnen yn it fytsehok op it skoalplein. It âld papier waard dêr sammele en by it opromjen skeaten dy grizels samar foar it ljocht, ûnder de âlde doazen wei.

Mar in nij boek is it fijnste wat der is. De strak snijde siden, stevich ynbûn, de swarte inkt fan wisse letters dy’t it ferhaal fertelle.

Foar kadootsjes bedarre ik dus yn de boekhannel. Dêr lei op de toanbank in e-reader. Hy koste dik hûndert euro, mar der passe withoefolle boeken op dus dat kin al gau út. Ik haw him beetholden. Hy lei noflik yn myn hân. En ik mocht him even teste. Der stie al in boek op, de biografy fan Joop van den Ende. Dy hie ik ek al lizzen sjoen yn ’e etalaazje. Joop seach my yntins oan, mei de blik fan de keunstminner mei jild, dy’t tinkt te witten wat ik sjen wol, ien hân yn ’e bûse fan syn toverbroek. Joop waard sa beljochte as wie der in strielekrâns om him hinne. De hillige Joop. Dy biografy hoech ik net te lêzen, ek net op in e-reader. Alhoewol, altyd noch leaver dat as nei ien fan syn musicals ta.

Der stie noch in boek op de test-e-reader. Vijftig tinten grijs. In boek dêr’t ik gjin fyftjin euro foar oerha, mar wol nijsgjirrich nei bin omdat ik oeral graach oer meipraat, ek oer frouweporno, ek al seit elkenien dat it ‘sa min skreaun is’. Ja ja. En út de bibleteek hoech ik it net, wa wit hokker doarpsgenoaten it besmodske hawwe.

Sa kin ek nij papier my oangrize. Mar it hat noch altyd mear libben en karakter as in e-reader, dy’t my ynienen oanfielde as in kâld en ûnpersoanlik ding. Ik haw him wer weromjûn. Dan mar wat fize âlde boekjes yn in doaze.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.