Toyota

KAREN BIES – 

It is smoarhyt en yn de fierte trillet de lucht boppe it asfalt. We ride op de Ofslútdyk, yn ús blauwe Toyota Corolla stationwagon, boujier 1999. De auto hat gjin airco mar arko: ‘alle raampjes kunnen open’. In âlde grap fan sunige minsken. It swit rint ús by alles del.

Us auto is ien fan de lilkste auto’s dy’t ik ken. Buorman Automan hie ús daliks al ferteld dat fan dit type auto mar inkele tûzenen út it fabryk rôle binne. Soest tinke: in collector’s item. Mar nee, gewoan ‘net sa courant’.

Fan foaren liket it noch wat, mei dy sympatike, rûne corolla-lampkes en in gril as in laitsjende fisk. Mar de achterein is der sa knoffelich oanplakt, as hiene dy Japanners te let betocht dat der ek noch in kofferbak by moast. Dus hat er in platte kont, gjin figuer eins. En dan is it ek noch in hiel leech model. Komst der amper út, ast langer bist as ien tachtich. Ekstraatsje: hy stjonkt nei twaddehânsk reek en wiete hûn.

Mar yn de leafde giet it nei ferrin fan tiid om belangrikere saken. Us auto docht it altyd. Hy hat trije ton op ’e teller en is noch net tenein. Oplûke docht er as in âld man, mar as er ien kear syn favorite tempo helle hat, in krappe 100, kin er ivich trochride nei de hoarizon.

Ik wol wol hurder, op de Ofslútdyk meist 130, mar dan begjint er te protestearjen. Hy raast, skoddet en hinget yn ’e kont. Wy wurde faak ynhelle, troch gruttere, skjinnere en stillere auto’s. Minsken sjogge wat begrutsjend oerside, mar dat duorret dus noait lang.

Ik lit ’m dan mar bekomme yn syn eigen ritme. Gromjend fan genot bringt er ús feilich teplak op de camping oan see. Dêr draaie wy (it moat mei twa hannen) de rútsjes wer ticht en klimme wy stiif nei bûten, krimmenearjend oer dy âlde stjonkbak.

Mar as ik letter wer op it parkearplak kom, sjoch ik him al fan fierren stean, tusken al dy SUV’s en MPV’s. Paublau, altyd laitsjend. As in âlderwetsk statement tsjinoer de nije boargermansauto’s, dy’t meastentiids nei in pear jier oan de kant set wurde foar in oaren.  Us auto hellet net ien yn, mar hy is de boargerlikheid ál foarby.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.