Thialf
KAREN BIES –
‘Ze zijn zich rotgeschrokken in Friesland,’ seit Annechien Steenhuizen kalm. It is in dei neidat it rapport fan de KNSB en NOC*NSF útlekt is nei de NOS. Ja Annechien, wy leine sa lekker te koesen, ûnder it matras lei de 50 miljoen al klear, feilich opburgen foar as it safier wie. Mar dêr makken jim ús wreed en krekt op ’e tiid wekker.
Net yn Thialf op it Hearrenfean, mar op in nije iisbaan yn Almere moatte skielk de ynternasjonale wedstriden riden wurde – yn in hal dy’t se ‘Icedôme’ neame (sjoch dy ô, sels ús dakje wolle se oernimme, de skoften).
Better berikber, is it argumint. Foar wa? Wolle Amsterdammers no ynienen wól as oranjeskildere dwazen nei it reedriden ta? Mei in boekje om de rondetiden yn op te skriuwen?
Flevolân soe de saken finansjeel better foarinoar hawwe, want Almere kin samar 180 miljoen krije fan in Amearikaanske ynfestearder. Se rekkenje op 1,2 miljoen besikers. No dat moatte wy dus noch sjen. As der aanst gjin kop komt, sille Annemarie Jorritsma-en-dy dochs ta de bûse moatte.
De Friezen hawwe har té ryk rekkene op har histoarje, seit de KNSB.
So what? Wy ha teminsten histoarje! Thialf bestie al lang, doe’t se dêr dy hiele polder noch droechlizze moasten en útsjen dat se net fersûpten yn de Sudersee. De histoarje is dat jo foar reedriden oanlis ha moatte en ûnderfining. Djoere redens, glêd iis: it jout neat, mei sloppe ankels wurde jo gjin hurdrider (dat wit ik al sûnt ik myn lêste 500 meter ried yn in persoanlik rekôr fan 2.05’37”). En wat Thialf hat, hat Almere net: it publyk, dat sels de grutste hampelman nei de einstreek raze sil.
Mar trouwens, as se sa graach ride wolle dêr yn Flevolân en tinke dat se it better regelje kinne as wy hjir, lit se dan dy Alvestêdetocht ek mar oernimme. By Emmeloard opstappe op de Swolsefeart, moai rjochtút ride nei Marknesse. Dan ôfsakje nei Kraggenburg, de Swarte Mar oerstekke, dat sil it dreechste eintsje wurde. Klune nei Ens, dan de Ketelmar oer wrakselje, stimpelje op Urk, en hop, by Lelystêd wer nei binnen. Troch it histoaryske Swifterbant (de Swifterbantkultuer), it ûnlijige Dronten en it sigerige Biddinghuzen, oer poldersleatsjes nei de Feluwemar. By de wyn op nei Seewolde, mar dêr is gelokkich de gloarje fan Almere. En wat ha se genoaten ûnderweis, de riders en foaral it publyk, fan dat karakteristike polderlânskip. Sa betelber, sa berikber, sa… leech.
Mooi ferwurde, dit is eins net te betinken. Lit it by in advies bliuwe, alle sekerhied is hjir ien Thialf.
Flevolân hald no fansels bulten mei jild oer nei dat bliken die dat de berch dy’t der komme moast ek al neat mear wie as in ‘luchtkasteel’. As dat al mooglik west wie hie it fan itselde in hichtebaan wurde kinnen op 1 km. hichte as nog heger. Leuk foar de fytsers, de skieërs en reedriders. Foar de reedriders is der no noch hoop. De fytsers en skieërs binne al wer mei beide fuotten werom op ierde.
Geweldich, Karin!
Moai sein en sa wier!!