• 30 januari 2014

    WENDY KENNEDY -  “We beseffe te min wat lûd mei en foar ús docht” It rûzen fan de wyn troch de boskjes. It geronk fan it pontsje. It ûnregelmjittige lûd fan drippen reinwetter dy’t fan beammen en planten op ’e grûn en yn ’e wetterplassen falle. Dat binne de lûden op samar in troch-de-wykse jûntiid yn jannewaris op it eilân De Burd by Grou. Hjir [...]

  • 18 december 2013

    WIM DE BOER -  Op freed 25 oktober 2013 organisearre de Afûk de konferinsje ‘Wat moatte wy mei ‘dat’ Frysk yn 2020?’ oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Op de konferinsje wienen mear as 65 minsken út it ûnderwiisfjild oanwêzich: fan primêr oant heger ûnderwiis, fan dosinten oant bestjoerders, gemeenten, polityk en ûnderwiisfernijers. Mei de konferinsje woe de Afûk [...]

  • 11 oktober 2013

    HENK WOLF -  Is it slim as in taal útstjert? Nee, fansels net. Spitich miskien, sa't it spitich is dat der gjin dinosaurussen oer binne, mar net ien by syn rjocht ferstân leit der wekker fan dat de dinosaurus wei is. It is wol slim as talen lijerich wurde. Dat is in foarstadium fan útstjerren en dat stadium kin heel lang duorje. Sokke lijerige talen [...]

  • 12 september 2013

    HENK WOLF -  Taalkundig gezien leven we in spannende tijden. We zijn namelijk getuige van een verandering waarvan we al eeuwen vermoedden dat ze zou komen: het woordgeslacht verdwijnt uit het Fries en Nederlands. Momenteel hebben het Fries en Nederlands twee woordgeslachten. Zo hebben we de-woorden, zoals vaas, faas, man, hond en hûn. En we hebben it/het-woorden, zoals glas, glês, famke, meisje, boek en jampotje. [...]

  • 2 augustus 2013

    PIER BERGSMA - Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen. Ik haw in grut part fan myn bernejierren trochbrocht op it Fryske plattelân. Troch omstannichheden dy’t der net ta dogge, siet ik in pear [...]

  • 30 juli 2013

    COR VAN DER MEER - Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân. Hoefolle minderheidstalen binne der yn Europa? Der binne ûngefear sechtich [...]

  • 29 juli 2013

    REITZE J. JONKMAN - Toetsen is it ûndersykjen fan hoe goed oft ien wat wit of kin. Dat hat fansels alles mei learen te krijen. As ien leart, dan wit of kin er neitiid mear. Mar hoe witte wy oft ien wat mear kin of wit? Yn it ûnderwiis betinke leararen allerhanne repetysjes, proefwurken, oerhearringen, testen ensafuorthinne foar harren eigen klassen of groepen. Nei sokke [...]

  • 16 juli 2013

    KAREN BIES - Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien. Jo sjogge wat dêr fan kommen is. Ik wenje noch altyd yn Fryslân en it Frysk is op [...]

  • 2 juli 2013

    KERST HUISMAN - De referindumdiskusje oer de takomst fan it Frysk, oanpoene troch Piter de Groot, Frâns Kuipers en Willem Verf, is in nije omgong yngien. It idee liket - nei’t de provinsje finansjele stipe foar it plan ôfsnien hat - op dea spoar bedarre te wêzen. It niisneamde trijetal hat it der lykwols net by sitten litten en skreau fan’t maitiid in gearkomste út [...]