De ympekt fan lûd

Publisearre op 30 januari 2014

WENDY KENNEDY – 

“We beseffe te min wat lûd mei en foar ús docht”
It rûzen fan de wyn troch de boskjes. It geronk fan it pontsje. It ûnregelmjittige lûd fan drippen reinwetter dy’t fan beammen en planten op ’e grûn en yn ’e wetterplassen falle. Dat binne de lûden op samar in troch-de-wykse jûntiid yn jannewaris op it eilân De Burd by Grou. Hjir wennet Tjeerd Andringa, dy’t him in grut part fan ’e tiid dwaande hâldt mei lûd: mei soundscapes, om krekt te wêzen.

 

Soundscape
‘Der is eins net in goed Nederlânsk of Frysk wurd foar it Ingelske soundscape’, begijnt Andringa syn ferhaal. ‘Ik neam it altyd in lûdsomjouwing dêr’t immen diel fan útmakket. It is eins it tsjinoerstelde fan de normale normative wurkwize,wêrby’t it allinnich mar om desibellen giet. By in soundscape giet it om it gefoel dat lûd opropt. Is it lûd noflik of net? Gebeurt der in soad yn it lûd of just net? Watfoar emoasjes ropt it op? De taal fan ’e soundscape is kompleks. Ferskate lûden kinne elkoar fersterkje en byelkoar it ferhaal fan de omjouwing fertelle. It tagelyk hearren fan it lûd fan piken, kij, fûgels en de boer oan it wurk as in gehiel, kin in harmoanysk gefoel oproppe.’

‘Spitich genôch ûnderfine we dat gefoel net mear sa bot. Yn ’e stêd bygelyks wurde in soad lûden maskearre troch lûden fan it ferkear en apparaten lykas airko’s of oare saaie lûden. Soest it lûd fan it ferkear fuorthelje, dan hearst hiele oare lûden. It blaffen fan in hûn, bern dy’t boartsje of in frou dy’t it hûs skjinmakket. Dat binne noflike lûden om te hearren, wêrmei’t minsken harren feilich fiele. It saaie stereotype lûd fan ferkear is de rûs yn de wrâld. It lûd sels is eins net iens sa ferskriklik, mar it maskearret de lûden dy’t we leaver hearre wolle. Troch de saaie lûden is it lûd fan de eigenens fan doarpen en stêden der hast net mear.’

‘Dat betsjut trouwens net dat it yn doarpen automatysk better is as yn ’e stêd. It lûd dat by boeren weikomt is troch de jierren hinne lûder wurden en in doarp kin flak by in drokke dyk lizze. Oan de oare kant kin it yn in hofke midden yn ’e stêd hiel moai stil wêze. Echte stilte bestiet net, je hearre altyd wol wat, de wyn bygelyks. Stilte is eat harmoanysk, en net de ôfwêzigens fan lûd.’

Tjeerd Andringa (1964) is haaddosint Auditory Cognition by de ôfdieling Kunstmatige Intelligentie oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Hy hat him yn it ferline dwaande holden mei de ûntwikkeling fan kompjûterprogramma’s dy’t agressyf gedrach oan ’e hân fan lûd werkenne, en mei ûndersyk nei lûdsoerlêst. De lêste jierren hâldt er him dwaande mei soundscape-ûndersyk, en foaral hoe’t lûd positive en negative effekten op ús funksjonearjen hawwe kin. Op it stuit is er drok oan ’e gong mei de tarieding foar in nij ûndersyk by Talant yn Drachten.

 

Talant
‘Soarchynstellings foar minsken mei in ferstanlike beheining ha nea wat mei lûd dien. It kin samar sa wêze dat bewust omgean mei lûd positive effekten op harren kliïnten hawwe kin.’ Foar it ûndersyk is in kast fan 2,5 by 2,5 meter boud. ‘Yn de kast sit in Ambisonic lûdsysteem dat in 3D-effekt jout. Mei Ambisonic lûd wurdt besocht lûd fan in bepaalde omjouwing krekt sa as yn it echt ôf te spyljen. De harker moat it gefoel krije dat hy of sy echt yn dy omjouwing is. De hichteferskillen en de rjochting dêr’t it lûd weikomt binne goed te hearren. De lûden wurde mei fjouwer ferskillende mikrofoans opnommen en ôfspile oer acht ferskillende lûdsprekkers, opsteld yn kubusfoarm. Dat kreëarret it 3D-effekt. It jout harkers sterk it gefoel dat se in part fan de omjouwing binne. Se binne dielnimmer yn plak fan taskôger. Ut earder ûndersyk hat bliken dien dat minsken yn in 3D-lûdsomjouwing dwaande binne mei de fraach wat it lûd mei harren docht en watfoar gefoel it harren jout. By stereo lûd neame se foaral hokker boarnen se hearre.’

By it ûndersyk by Talant is it de bedoeling dat in oantal kliïnten frijwillich in skoftke op in poef yn de kast sitte en dan ferskate lûden hearre. Se meie derút wannear’t se wolle.Yn ’e kast hearre se bygelyks lûden út it bosk, bern dy’t boartsje of stilte. Se meie dat sels kieze. Andringa sil dan ûndersykje hokker lûden at se noflik fine.

‘Wat lûd mei minsken mei in ferstanlike beheining docht, is ûnderbeljochte. Dêr kin noch in soad winst yn behelle wurde. It auditive part fan de harsens fan minsken mei in ferstanlike beheining is faak normaal ûntwikkele, better as it fisuele diel. Troch te witten hokker lûden at kliïnten noflik of just net noflik fine, kinne problemen foarkommen wurde. Want lûd docht mear mei ús as dat wy yn ’e gaten hawwe’, seit Andringa.

‘De harsenstam bepaalt oft wy ús noflik fiele op basis fan lûden. Hearst feilige en noflike lûden, dan seit de harsenstam datst dy ûntspanne kinst. En dat is wer goed foar it ymmúnsysteem, kinst dan better sliepe en hast minder stress. It hat in wichtich sûnenseffekt. Geluid is dodelijk, wurdt ek wolris sein. Dat is net sa, mar it kin wol samar in pear libbensjierren skele. Wy binne hielendal fergetten hoe wichtich at lûd is. It is fan grut belang dat we dêr mear oer neitinke.’

 

Fryske lûden
‘Elts gebiet hat syn eigen lûd, dat jildt ek foar Fryslân’, giet Andringa fierder. ‘Bygelyks it lûd fan greidefûgels. Wy wenje no tolve jier op De Burd en it tal greidefûgels is hjir yn dy tiid flink ôfnommen, dus dat lûd wurdt hieltyd minder. In oar typysk Frysk lûd is it lieden fan ’e tsjerkeklokken yn ’e doarpen. Dat lûd kin foaral by âldere minsken hiel djip sitte. Der is in grut ferskaat yn Fryske lûden. Sa binne der ferskillende wynlûden: de wyn troch it reid, troch de beammen, troch it gers of oer it wetter. En hast fansels it lûd fan it fierljeppen en it keatsen. Ek it lûd fan ’e Fryske taal heart yn dat rychje thús. It hearren fan ’e taal kin bepaalde gefoelens by minsken oproppe.’

‘In pear jier lyn waard de foarstelling “Lân” fertoand op Governors Island yn Amearika. Sytze Pruiksma komponearre dêrfoar it lûd fan it Fryske lânskip en de greidefûgels. Friezen om utens dy’t al jierren yn Amearika wennen en nea lêst fan ûnwennichheid hiene, krigen dat by it hearren fan dy lûden yn ienkear wol. Sa djip kin dat sitte.’

Andringa wol yn it ramt fan Lwd2018 graach wat mei de Fryske lûden dwaan. ‘Klaas Sietse Spoelstra en ik hawwe it idee om 3D-lûd en 3D-filmopnamen te meitsjen fan Ljouwert. Dy opnamen wolle we dan sjen en hearre litte yn ferskate Europeeske stêden as promoasje fan Ljouwert. Oarsom wolle we ek lûd- en filmopnamen meitsje yn de Europeeske stêden dêr’t we hinne geane. Dy opnamen litte we dan wer yn Fryslân sjen en hearre. Lûd is kultureel, teminsten dat wie it. It wurdt hieltyd minder: in auto yn Parys heart itselde as in auto yn Londen. Hoe kultureel at lûd hjoed-de-dei noch is, sille we mei dat projekt ûnderfine moatte.’

Hokker lûden fynt Andringa sels eins moai en noflik? ‘Ik krij in goed gefoel fan lûden yn in park dêr’t in soad gebeurt. Ien dy’t gitaarspilet, in fytser dy’t foarbykomt, minsken dy’t oan it follybaljen binne. In plak dêr’t ik my altyd hiel goed konsintrearje kin, is de kroech. It moat dan wol in kafee wêze dêr’t de muzyk net te lûd stiet, dêr’t gesellich praat wurdt en dêr’tst de kofjeleppeltsjes kletterjen hearst. In oar lûd dêr’t ik in noflik gefoel fan krij, is at we yn ’e maitiid mei de ruten iepen sliepe en datst dan de greidefûgels hearst. Ik haw net in soad lûden dy’t ik ferskriklik fyn. Ja, at ik sliepe wol en ik in neefke hear. Of at je tanke oan ’e grutte dyk, wylsto it lûd fan al dy foarbykommende auto’s hearst. Dat fyn ik sa’n lilk lûd! Wat ik ek ferskriklik fyn, is muzak, dat is muzyk dy’t yn winkelsintra draaid wurdt.

 

It moat oars
Andringa fynt dat we wer nei in wrâld ta moatte mei in minsklikere maat. Dy’t wat lûd oanbelanget net dominearre wurdt troch saaie en stereotipe lûden lykas dy fan auto’s. ‘We kinne fansels net alle auto’s fuortdwaan of alle diken omlizze. Wat we wol dwaan kinne, is it ferkear stadiger ride litte of al it swiere ferkear oer in oare rûte liede. Wat ek kin, is alle parkearplakken bûten de doarpen oanlizze en de doarpen as kuiergebiet bestimpelje, dêr’t bern boartsje kinne.’

‘Yn bygelyks it sintrum fan Parys is it foar automobilisten net noflik om te riden. It iepenbier ferfier is wol hiel goed organisearre, dus dêr meitsje minsken in soad gebrûk fan. Ynwenners fan ’e stêd hawwe dêrom gjin auto of de auto krekt bûten de stêd te stean. Boppedat is op guon plakken yn ’e Frânske haadstêd de maksimumsnelheid oanpast fan 50 nei 30 kilometer yn ’e oere. Dêrtroch binne der minder autolûden en binne de echte stedslûden mear te hearren. Troch dat alles krijst in hiele oare sfear.’

Neffens Andringa wurdt de ympekt fan lûd op minsken noch net hiel serieus nommen yn ús lân, lit stean dat der belied op fierd wurdt. ‘Mar de tiid is dêr no wol nei. Der is al in hiel soad dien fanút de saneamde normative oanpak, dy’t allinnich mar fan desibellen útgiet. Der is no in grut ferlet om alles kwalitatyf better te meitsjen en minsken diele dy gedachte. De oerheid lûkt him werom, we moatte it mear sels en mei-inoar dwaan. Dat is it tema dêr’t eltsenien it oer hat: de participatiemaatschappij of – sa’t wy dat yn Fryslân neame – de mienskip.

De globalisearring hat in soad brocht, mar troch de sintrale autoriteit dy’t ûntstien is, is alles itselde. Dat jildt ek foar lûd. Dêrom moatte we alles lokaal optimalisearje en wer autoriteit yn eigen omjouwing wurde. Sa kinne we bepaalde situaasjes feroarje. Op it stuit steane sels de nauste strjitsjes yn ’e binnenstêden fol mei auto’s, mar wy kinne beslute dat we se fuorthelje wolle. Dan hearst wer folle mear oare lûden. Hoe’t it krekt allegearre komme moat, dêr moatte we mei-inoar achter komme. Hoe tûker at wy dêrmei omgeane, hoe moaier at de wrâld wurdt.’

 

 

Earder ferskynd yn de Moanne 13 (2014), 1 (jannewaris)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels