Fiif fragen oer Mercator

COR VAN DER MEER –

Wêr wurdt Frysk praat yn Europa?

De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân.

Hoefolle minderheidstalen binne der yn Europa?

Der binne ûngefear sechtich minderheidstalen dêr’t de offisjele definysje fan it language charter yn acht nommen wurdt. Der binne lykwols folle mear minderheidstalen, bygelyks dy fan de Dútske minderheden dy’t oer hiel Europa ferspraat binne. Yn Europa sprekke ûngefear 55 miljoen minsken in minderheidstaal (rûge skatting). Dat is sa’n tsien prosint fan alle Europeeske ynwenners. Yn alle Europeeske lannen wurde minderheidstalen sprutsen, útsein Yslân.

Wat soe de Fryske taal noch fersterkje kinne, fergelike mei Baskelân en Wales, dêr’t se it hiel goed foarelkoar hawwe?

Om mei te begjinnen, de Basken en de Welsh wrakselje ek mei harren taal, it is net sa dat sy it op alle terreinen better dogge. Ut ien fan ús lêste projekten (Language Rich Europe) kaam ûnder oaren it folgjende nei foaren:

Yn it basisûnderwiis yn Fryslân hawwe de measte skoallen op syn heechst ien oere wyks reservearre foar it Frysk (útsein de trijetalige skoallen); dat is net genôch om de leardoelen te heljen. Allinnich it tal lesoeren Frysk ferheegje is net genôch om dat te ferbetterjen: net allinnich de kwantiteit moat omheech, ek de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis moat better. Kwaliteit en kwantiteit geane hân yn hân.

Yn it bysûnder moat de learare-oplieding fierder ferbettere wurde, sadat der mear en better kwalifisearre leararen beskikber komme, mei spesifike kennis op it mêd fan it lesjaan yn in meartalige omjouwing. ‘Content and Language Integrated Learning’ (CLIL) is in goede wize om it tal oeren dat bestege wurdt oan Frysk ûnderwiis te ferheegjen, sûnder tiid op te slokken fan oare fakken. CLIL wurdt brûkt op trijetalige skoallen yn Fryslân (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk wurde dêr brûkt as fiertaal by oare fakken); dy skoallen binne in goed foarbyld fan hoe’t mear learlingen ynteressearre wurde kinne foar twa- en trijetalich ûnderwiis.

Watfoar posysje nimt it ûnderwiis yn it Frysk yn ast it fergelikest mei ûnderwiis yn oare minderheidstalen?

Yn it ûnderwiis is der romte foar strukturele oandacht foar it Frysk. Jammer genôch wurdt der net foldien oan de ûndertekene ferplichtings dy’t fuortkomme út it Europeesk Hânfest foar Regionale- en Minderheidstalen. Yn in stúdzje út 2009 fan Mercator waard al dúdlik dat it oantal foar Frysk beskikbere oeren yn elts gefal tusken de fjouwer en seis oeren yn de wike lizze moat om te foldwaan oan de easken fan it hânfest. Oer it algemien kinne wy wol sizze dat de Fryske taal as minderheidstaal in goeie middenmoater is yn Europa.

Baskelân hat in yn ferhâlding sterk meartaligensprofyl yn it basis- en fuortset ûnderwiis wat Spaansk, Baskysk en de wichtichste frjemde talen (oanfierd troch it Ingelsk) oanbelanget. Yn it heger ûnderwiis, de skreaune parse, de publike sektor en it bedriuwslibben winne meartaligensprofilen fluch oan reliëf en ynfloed. Yn ’e takomst wurdt ien en oar fêstlein en fersterke, troch by de ûntwikkeling fan it ûnderwiissysteem oan te stjoeren op meartaligens.

Yn Wales wurdt der oanhâldend omtinken en muoite bestege oan de gelikense behanneling fan Welsh en Ingelsk. Op it mêd fan ûnderwiis is grutte foarútgong boekt, mar yn oare sektoaren falt noch in soad wurk te dwaan. Beide talen wrakselje mei it feit dat studinten op lettere leeftiid (nei it sekundêr ûnderwiis) harren wer folle mear rjochtsje op de nasjonale taal. Frjemde talen en ymmigrantetalen binne amper oanwêzich, sels yn ’t ûnderwiis.

Is de groeiende grutskalichheid (Europa) net in grutte bedriging foar minderheidstalen?

De lêste jierren is de oandacht foar minderheidstalen yn Europa tanommen. Troch de technyk en ynternet kinne de sechtich minderheidstalen goed gearwurkje en harren lûd en miening hearre litte yn Brussel. Mercator is troch syn platfoarmfunksje yn Europa dêryn in wichtige spiler. Troch de gearwurking binne de Europeeske fûnsen en ûndersyksprogramma’s makliker tagonklik en beskikber foar de lytse talen. De ekonomyske krisis is dan earder in bedriging fanwege de besunigings op kulturele saken en wichtige programma’s foar lytse talen, lykas dy op it mêd fan meartaligens.

 

Cor van der Meer is haad fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen (yn it koart: Mercator). Dat ynstitút falt ûnder de Fryske Akademy en docht ûndersyk nei meartaligens en it learen fan talen op skoalle, thús en fia kulturele partisipaasje. Mercator rjochtet him dêrby op Europeeske minderheidstalen. Dêrneist is it de taak fan Mercator om de kennis dy’t opdien wurdt by dy ûndersiken te fersprieden ûnder beliedsmakkers, professionals en ‘gewoane’ boargers. Uteinlik hopet Mercator te berikken dat der mear kennis en bewustwêzen ûntstiet oer alle aspekten fan meartalich ûnderwiis en it learen fan talen.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.