Wy kinne sels ek in hiel soad

Publisearre op 2 juli 2013

KERST HUISMAN –

De referindumdiskusje oer de takomst fan it Frysk, oanpoene troch Piter de Groot, Frâns Kuipers en Willem Verf, is in nije omgong yngien. It idee liket – nei’t de provinsje finansjele stipe foar it plan ôfsnien hat – op dea spoar bedarre te wêzen. It niisneamde trijetal hat it der lykwols net by sitten litten en skreau fan’t maitiid in gearkomste út oer it tema ‘Fierder mei Frysk’. Dy gearkomste waard troch sykte fan ien fan de ynlieders, Akademy-direkteur Reinier Salverda, ien kear útsteld. Op 25 juny kaam it derfan, en it soe, sa hie wurkgroep-sekretaresse Antsje Postma yn it foarútsicht steld, in flymskerpe diskusje wurde.

No koe Antsje dat net helpe, en de Gysbert Japicx-seal siet moai fol mei belangstellenden, elk mei de bêste bedoelingen, mar in flymskerpe diskusje waard it net. Ek it aardige ferhaal fan ds. Lieuwe Westra oer syn betinkingen by it referindumidee, dat op himsels wol in pittich debat útlokje kind hie, brocht de oanwêzigen der net ta. Dat hie neffens my ek te krijen mei de gearstalling fan it oanwêzige selskip. Dat bestie benammen út persoanen dy’t ynstitúsjoneel en/of beropsmjittich dwaande binne mei it Frysk. Miskien lei de oast dêr sels wol.

In ding dat my wol frijwat steurde wie in tendins, sa like it wol, om de oplossingen by útstek te sykjen yn it op gong bringen fan, by foarkar troch de provinsje (dus de oerheid) beskikber te stellen jildstreamen foar inisjativen, bygelyks it meitsjen fan filmkes en dy te publisearjen op Youtube of in oare ynternetmooglikheid. Mei oare wurden: te sizzen of te skriuwen dat der wat barre moat, dat de oerheid mei jild komme moat en dat soks dan troch oaren útfierd wurde moat. It ûnderwiis moat ferplichtsjender wurde, der moatte regelingen komme foar dit en foar dat. No is dat foar in part fansels ek wol sa, mar wy kinne ek sels as yndividuen folle mear, folle mear as in soad minsken tinke.

Om dat foarbyld fan Youtubefilmkes ris by de kop te pakken. Ik wie fan doel om ek wat te sizzen yn de gearkomste, mar ik haw it net dien. Dan hie ik myn ferhaal yn in menút of sa ôfraffelje moatten en dan wie it tusken de wâl en it skip bedarre. Ik hie myn bydrage oan de diskusje begjinne wollen mei in fraach oan elkenien yn de gearkomste. Dy fraach wie: Wa fan jimme is hjir op de hichte fan it bestean fan it hiel noflike en publyksfreonlike programmaatsje Moviemaker, dat standert op elke Windowskompjoeter sit, en wa kin dêr mei wurkje? Ik tink dat it oantal hannen dat omheech gien wie, as dat al it gefal west hie, op de fingers fan ien hân te tellen west hie. Dat soe my yn elk gefal net fernuvere hawwe, wend as wy allegearre binne oan it publisearjen fan yn sa geef mooglik Frysk sa goed mooglik ûnderboud skreaune stikken yn de Ljouwerter, it Deiblêd, ús tydskriften en bewegingsblêden. Mar miskien fersin ik my.

Mar hoe dan ek, mei dat programma is it mooglik sels thús alle mooglike filmklipkes te meitsjen. En jo leare it sa. En it op Youtube setten is ek hiel maklik. Ik wol der foar pleitsje dat elkenien dy’t him of har mei Fryske taalpolityk of hokker Fryske aksje dan ek dwaande hâldt, it wurkjen mei dit programma leart en dêr dan wat kreatyfs mei docht. Ik wol jimme op de hichte bringe fan myn eigen ûnderfiningen op dit stik fan saken.

It begjin leit by de foar-foarige ferkiezingsjûn yn it Provinsjehûs en de oarsaak wie ús aller goefreon Durk van der Schaaf. It wie op it stuit dat kommissaris Ed Nijpels de einútslach fan de ferkiezingen bekend meitsje soe, en hy die dat yn syn eigen, ûnneifolgber hite-earapel-yn-de-kiel-Hollânsk. No hie de man by syn kommen ûnthjitten dat er yn it iepenbier ek Frysk sprekke soe. Hy ferpofte dat, lykas wy allegearre witte, en Durk – ik stie in pear meter fan him ôf – makke him dêroer begryplikerwiis nochal lulk. Syn reaksje wie lykwols nochal neffens Fryske tradysje. Hy rôp de fertsjintwurdiger fan de Majesteit mei ferheffing fan stim ta, dat er soks ek yn it Frysk sizze koe en dat er dat by eintsje beslút sels ek noch ûnthjitten hie. Fuortdalik stapten der twa kleankasten op ús Durk ôf en makken him resolút dúdlik dat er soks mar te litten hie of oars… Durk, dy’t dochs wol graach de ferkiezingsútslach fierder witte woe, swijde. Hiel begryplik, ik soe it ek dien hawwe. En de commissaris, hij brabbelde vrolijk voort.

Mar doe tocht ik: dat hie dochs ek wol oars kind. As wy dêr noris mei in groep stien hienen en wy hienen de kommissaris lûd mei wat bassen, tenoaren, alten en in inkelde sopraan tasongen en him der sjongend op ferge om no dochs echt ris te dwaan wat er ûnthjitten hie. It soe wat fan de grutte fan it koar ôfhongen hawwe, mar dan hienen de troch de provinsje ynhierde kleankasten folle mear út de wei sette moatten as no tsjin dy iensume Durk. Ik bin doe begûn te dichtsjen: Praat dochs Frysk, o kommissaris, sprek ús taal dat kin jo skoan. Fine jo noch dat dit raar is, aanst fynt elts it deagewoan. Ensafuorthinne, op de wiis fan it rûnom bekende ‘Heitelân’. Ja fansels, jo moatte in wyske nimme dat in soad minsken wol kenne en dêr´t jo noflik op mei-âlje kinne, krekt as yn de fuotbalstadions, en net ien of de oare heechsteande muzikale en tekstuele kreaasje fan Hindrik van der Meer, sa´t it tsjintwurdich liket wol de hûssjonger fan de Ried fan de Fryske Beweging. En byleaven ek net ien fan dy beleine teksten út it Frysk lieteboek.

Al dwaande seach ik, dat jo foar ‘kommissaris’ ek hiel goed ‘boargemaster’ sjonge kinne, of ‘Jopie Sta-hal’, om ris in bekende anti-Fryske kwerulant fan destiids te neamen. It rimet dan wol net hielendal mear, mar de tekst is fierders hiel brûkber en jo sjonge oer dat iene wurd dat net rimet, hiel maklik hinne. Dêrom steurt it net. It lietsje soe yn alle mooglike sitewaasjes mei anti-Fryske ûnferstannen hiel goed te brûken wêze. Ik seach it al hielendal foar my: wat soe dat in libben yn de Fryske brouwerij jaan kinne! Want dat libben en de dêrút mooglik fuortkommende opskuor, dêr bin ik fan oertsjûge, dêr hawwe wy ferlet fan. Dit mei-âl-sankje dat ik earst noch it kommissarisliet neamde, haw ik begjin dit jier, mei it nijs fan de kommende troanswikseling en de kommende besite fan Willem Alexander oan de provinsje Fryslân, omset yn ‘Keningsliet’. Want wêrom soenen jo Willem Alexander net sjongend sa’n fersyk dwaan kinne? Hy is by eintsje beslút haad fan de Nederlânske steat en dy steat hat ús taal offisjeel erkend.

Eins slach ik no noch in lyts stapke oer. It soe earst ‘Keninginneliet’ wurde, want Beatrix wie noch Majesteit en Willem Alexander die noch yn wetter, port en wenten yn Mozambique. No wit ik wol, HaKaHa hie yn Makkum mei grutte muoite ‘Tige tank’ oer har lippen krigen, en o, wat wie it omsittend laach fan boargemaster Theunis Piersma út de skroeven – De Keninginne Hie Frysk Sprutsen! – mar it wienen mar twa wurdsjes. Dat hie ek wol oars kind. Se wie oars noch mar krekt keninginne, doe hold se al yn it iepenbier op Curaçao in taspraak yn it Papiamentu – in moaie taal, en alle respekt – mar it Frysk wie doe al offisjeel erkend en it Papiamentu net. Ik wit noch dat de FNP-ôfdieling Boarnsterhim doe de Majesteit fersocht om no ekris Frysk te sprekken en hoe’t doe in komplete Fryske krite yn de omkriten fan Grou yn in kramp skeat. Soks Dienen Jo Dochs Net By In Keninklike Heechheid, fûnen dizze stânfriezen. Tiden hawwe tiden. Mar nei ‘Makkum’ tocht ik: se moat it mar ris witte. Ik sette de tekst dus wat om: Praat dochs Frysk o keninginne. Mar doe kaam Willem Alexander. Dat keninginne koe, sa mocht ik fêststelle, ek wol, want Máxima Zorreguieta wie (en is) mar al te sljocht op dy titel, dus wêrom soenen wy har dy wille net gunne!

Dus doe hie ik in keningsliet, dat sawol geskikt wie foar Willem Alexander as – mei in lytse wiziging – foar Máxima, en dat – mei al wer in lytse wiziging – ek hiel gaadlik is om noch altiten dy Frysk-fijannige wiispraters yn gearkomsten út folle boarst ta te sjongen. Om no fuortdalik ek mar in restriksje te neamen: it heart allinnich brûkt te wurden tsjin autoriteiten en lju dy’t har autoritêr gedrage, en never noait nea tsjin lean- en op oare wize ôfhinklike Hollânsk-pratende AH-kassafamkes en bern, om mar in pear groepen te neamen. Mar doe ûntduts ik dat ik in grut probleem hie. Want hoe krije jo soks op doeltreffende wize ûnder de minsken? Ik fiske hjir en dêr ris wat, mar de reaksjes wienen faken nochal skruten laitsjend sûnder dat de lju my byfoelen. En soms ek noch behoarlik sunichjes, sa’n bytsje yn de trant fan de Fryske krite fan Grou doedestiids: ‘Dat doet men niet.’ No fyn ik dat jo soks hiel bêst wol dwaan kinne. Mei sportkommintator en sjoernalist Johan Derksen bin ik nammentlik fan betinken dat net wy der foar de Majesteit binne, mar (yn de republikeinske tradysje dat wy gjin ûnderdienen binne) de Majesteit der foar ús is, salang’t de mearderheid fynt dat der in monargy wêze moat. En siz no sels: hy krijt der ek in mear as foarstlik salaris út de publike middels foar. Dêr mei er, ek foar de Frysktaligen yn Fryslân, wolris wat foar weromdwaan.

En stel jimme allegear ris foar, hokker útwurking in Fryske taspraak fan Willem Alexander en-of Máxima hawwe sil op de ivige ferbrekkers en twivelriedigers ûnder de Frysktaligen! No wit ik wol dat de ynhuldigingstaspraak fan Willem Alexander op de website fan it Oranjehûs ek yn it Frysk te lêzen wie, mar in taspraak fan tsien minuten yn it Frysk en yn it iepenbier is noch hiel wat oars. Dat soe dochs echt pas breaking news wêze. En kom my net oan mei it argumint dat de man fan hûs út gjin Frysk sprekt en dat er it dus net kin. Wa’t dat seit, mislediget Willem Alexander. Fansels kin er wol in goede Fryske taspraak hâlde. Hy lit syn ferhaal yn linich Frysk oersette troch perfester Arjen Versloot of perfester Goffe Jensma, oefenet in pear kear mei de beide mannen en hy lêst it op, krektlyk as de Troanrede. En foar Máxima moat it hielendal maklik wêze. Se hat har as Spaansktalige ek it Nederlânsk eigen makke, dat wie pas echt in karwei! En dan prate se beiden mar wat mei in aksint of brijkje wat, wat soe dat ek. Dat docht Omrop-ferslachjouwer Onno Falkena ek, hoe geef-Frysk er fierder ek sprekt.

It slagge my úteinlik om de tekst fan it liet publisearre te krijen yn Lyts Frisia, it lytste bewegingsblêd (no noch lyts, mar it blêd ûnder de nije rezjy fan Gerben Abma fertsjinnet bêst hiel wat mear lêzers) dat wy kenne. It wie wol in hiel tradisjonele oplossing, dat moat ik tajaan. Ik hie yn dat stikje yn Lyts Frisia ek noch oproppen om in grut koar te foarmjen dat Willem Alexander en Máxima by har besite oan Fryslân tasjonge soe. Net dat ik dêr no sa’n soad fidúsje yn hie (ik ken sa stadichoan de Fryske rûnten wol aardich), mar jo koenen noait witte. Bertus Postma hie my oer de mail noch moed ynsprutsen mei syn opmerking: ‘Gjin sjongend folk op ierde wurdt warleas wei’ en foarseach as de fleurige optimist dy’t er is, dat der grif wol in pear tûzen sjongers har opjaan soenen. Mar nee, it waarden der mar in stik of fiif. Bêst genôch, mar dêr is mei de bêste wil fan de wrâld gjin grut koar mei te foarmjen, dat eventuele kleankasten wjerstean kin en boppe it Oranje-jûchhei útkomt.

Der komt by dat allinnich al it foarwurk foar de besite fan Willem Alexander in grut propagandistysk effekt hawwe kind hie. As der wol sa’n tritich, fjirtich entûsjastelingen west hienen, hienen wy fansels elke sneons oefenje moatten. Ik hie al in boer op it each dêr’t wy dat yn de skuorre bêst in oerke dwaan mochten. By de earste oefening hienen wy fansels Omrop Fryslân TV, Gestel TV en Froeks TV útnoege om dêr opnamen te meitsjen. Der wie grif wol in filmer te finen dy’t soks bûten de trije media om ek wol dwaan wold hie. Sa’n filmke hie syn wei ek wol fûn. Wy soenen ek net alle sneons nei dy boer ta hoechd hawwe, mar ek ris it sjongen oefenje kind ha by de Aldehou, de Stiennen Man of by de tsjerke fan Easterein, of by need by it byld fan Piter Jelles yn Ljouwert, of noch mear by need foar Paleis Soestdijk of Noordeinde. Ek dat koe filme wurde, en ek dy filmkes soenen har wei wol fine. As wy it sa dien hienen, hie der mooglik al fantefoaren it nedige O-heden oer west, mei de Fryske taal yn it brânpunt fan de belangstelling. It hat no net west, mar it kin yn de takomst, foarôfgeand oan in nije keninklike besite, likegoed noch altiten. Ach ja, deidreamen falle op de rotsen…

Mar lokkich hawwe wy, oars as yn de tiid fan Kneppelfreed, no it ynternet. Earst haw ik noch yn my omgean litten, om dan mei eigen begelieding op in akkordeon, it lietsje sels mar te sjongen en dat filmje te litten – ik hie al in filmer ree fûn – en dat fia it ynternet te fersprieden. Mar dat idee haw ik mar wer gau loslitten. Soks moatte jo oan Iris of Doutzen Kroes oerlitte. Lokkich kaam ik doe fia freonen yn kontakt mei in sjonger, dy’t ree wie it lietsje mei akkordeonbegelieding (ien fan syn eigen musisy) te sjongen en my dat digitaal takomme te litten. Ik hie wol al heard fan de moaie mooglikheden fan Moviemaker, mar hie my noch nea dêryn ferdjippe. Dat haw ik doe mar dien. De wurking derfan hie ik yn in oerke troch, en nei twa dagen hie ik in filmklip. Moviemaker jout trije mooglikheden, dy’t ek yn kombinaasje te brûken binne: lûd, tekst en byld. It lûd hie ik, de teksten koe ik type en it byld hie ik ek nei ien middei mei in digitaal fototastel op de fyts troch Ljouwert en Himpens.

Doe haw ik it klipke fan in pear menuten op Youtube setten. Earst ien mei Fryske en Nederlânske tekst. Doe haw ik ek noch ien mei in Dútske ûndertiteling makke, en ien mei in Ingelske. En ein juny is der ek noch ien mei in Spaanske ûndertiteling by kommen. En as ik der nocht oan haw, kin der oer in skoftsje ek noch wol ien yn it Russysk by, want it is no by eintsje beslút it Nederlânsk-Russyske freonskipsjier. By it bekendmeitsjen yn de Ingelsk- en Spaansktalige wrâld is gebrûk makke fan kontakten dy’t lju hjir hawwe yn it EFA-fermidden, de Dútske koe ik sels regelje, fanwege myn kontakten by de Fryske Rie. Oant no ta hawwe de trije earstneamde klips mear as 1600 ‘views’ (op de Ingelske en Dútske site ek inkelde hûnderten) oplevere, wylst der hielendal gjin reklame foar makke is. In lyts oantal dêrfan moatte as ‘dûbeltellingen’ beskôge wurde; der hawwe ek wol in pear Westerlauwerske Friezen nei de oare sjoen. Ik haw de webadressen allinnich trochmaild oan in stikmennich minsken en it klipke inkelde kearen dield op myn Facebook-account. Elke kear as ik de klipkes iepenje, sjoch ik dat der wer in pear besikers bykommen binne. It hellet it fansels net by de offisjele Oranjeklips, mar ik haw der elke kear wol in soad wille om. En ik moedigje ek elke kear minsken oan om de webadressen fan de lietsjes troch te jaan oan freonen en goekunden. Want Youtube registrearret elke besiker mar ien kear. Dan helje se miskien de 2000 of wa wit noch hegere oantallen ek noch wol. Yn it begjin tocht ik: As ik de 100 helje, traktearje ik, mar it binne der no al 16 kear safolle. En no mar hoopje dat eltsenien dat lietsje út de holle leart!

Der wie in reaksje fan immen dy’t it mar neat fûn dat der ien rigeltsje yn it lietsje stiet, dat har tsjinstie: Sil gjin Fries him mear ferbrekke, ’t is noch leaver dat hy stjert. Ik haw doe yn myn antwurdmailtsje útlein dat dit irony wie en rjochte wie tsjin dat woaste wurdradikalisme yn guon Fryske rûnten, dêr’t wy neat mei opsjitte. Ik haw har ek ferteld wat de oanlieding fan dat iene sintsje yn it liet wie. Inkelde jierren lyn wie ik by de Warnsbetinking en it reinde en it waaide dat it rikke. De lieding besleat doe de byienkomst by de stien op te heffen en mar in skoft earder nei it wênstige ferieningsgebou yn Warns te gean. En wylst it selskip dêr behaachlik byien wie en de rein tsjin de ruten sloech, song it út folle boarst: Hurde Friezen bliuwe wy. Ik haw net meisongen. Ik koe allinnich mar hiel hurd gnize. En fierders: fansels binne der dochs ek no noch lju dy’t yn de niisneamde Fryske krite-kramp sjitte, mar dy foarmje mar in hiele lytse minderheid. De reaksjes op Youtube en Facebook op it keningsliet binne – op ien ôfwaaide en fansels anonime lêbige opmerking op Youtube nei, allegearre posityf.

No moatte jo mei Frysk aktivisme of klips op Youtube wol oppasse. Myn opmerking oer it perfoarst net tasjongen fan leanôfhinklike Hollânsk pratende kassafamkes by de Albert Heijn hjirboppe wiist der op, dat ik my dat ek hiel goed bewust bin. Mar der steane sokke rare Frysktalige klips op Youtube, dy’t my hiel tryst en moedeleas meitsje. Ik doel hjir yn it bysûnder op inkelde klips fan Strawelte en Jitizer. No wit ik wol, dat Jitizer it der net sels op setten hat (mei ik oannimme), mar de ien of de oare fan. It Fryske aktivisme of wat it dan mar wêze mei fan sokken helpt ús net fierder, earder in hiel ein efterop, sa net op in efterstân dy’t net mear yn te rinnen falt. Nim no dizze klip fan Jitizer. Ik soe elk dy’t dit lêst fersykje wolle om ris goed nei de earste tritich tellen fan dizze klip te sjen. In stel as ridders mei spearen ferklaaide Fryske Neandertalers dy’t – hoe ûn-Frysk, hoe lef, fansels in hiele groep tsjin ien – in skynber Hollânske frou mei stekizers bedriigje en tramtearje. Ast leaust dat al dy 300.000 froulju yn Fryslân folslein yn de knoop sittende sado-masochistes binne, dan sil mei sa’n klip in tal sympatisantes te winnen wêze. Mar sa is it gros fan de Fryske froulju hielendal net. Dat binne selsbewuste, aardige en behelpsume wêzens, dy’t fan grutte betsjutting foar de Fryske striid wêze kinne, mar dy winst hjir nea net mei. En lês ris dy opmerking fan sa’n frustrearre puber as Jacob van der Meulen, dy’t derop setten hat:  Dea mei dy slettebak!! Dan tink ik allinnich mar: hy hat it der fjouwer jier lyn opsetten, ik hoopje dat er sûnt wol syn ferstân weromfûn hat en ta wiisheid kommen is. En nim ek mar ris inkelde tekstfragminten fan de Jitizerhearen sels: Slach dy Hollanners foar de kop, en: in Hollanner is in bist dat is gjin minsk. En dan hat in fan by in oare klip setten: Tink derom Fryslan boppe, de rest deaskoppe!! En dan ek noch wer sa’n healwizen ien by in klip fan Strawelte: Fryslan boppe!! de rest mast dea skoppuh!! Ik haw fan de bandleden hjiroer gjin inkelde krityk of distânsje heard. Mar it is net mear in kwestje fan ferskil yn smaak, lit stean fan poetyske frijheid, dat yn in liet altiten kinne moat, dat is gewoan moardnerstaal. En it is, behalve dat it misdiedich is, want oproppend ta deaskoppen, fan in oanstjitlike dommens. Ik wol hoe dan ek net dat myn krewearjen foar it Frysk en Fryslân assosearre wurde kin mei dit soarte troch Jitizer en Strawelte ynspirearre ûnferstannen. Ik kin my ek net foarstelle dat ien fan de lêzers fan de Moanne dat wol.

Myn doel is trochsnee Friezen en Friezinnen in ienfâldich middel oan de hân te dwaan dêr’t jo hiel gaadlik aksje mei fiere kinne: de tekst fan in lietsje dêr’t jo yn gearkomsten mei fan dy ferfelende klieren wat oan hawwe kinne. Jo hoege mar mei in stik of fjouwer, fiif minsken te wezen en jo kinne sa’n hiele gearkomste dêrmei yn jo rjochting stjoere. Net ophâlde mei sjongen fansels as de foarsitter hammeret, mar trochgean oant it liet út is en by need opnij begjinne. Fiif of seis minsken sette jo yn in gearkomste minder maklik oan kant as ien, om noch mar net te sprekken fan tsien of 20. Fierders gyng it my derom, it selskip by Tresoar dat fierder oer it Frysk prate woe, op de hichte te stellen fan it bestean fan Moviemaker en de mooglikheden. Want ik bin derfan oertsjûge dat amper ien dêr der ek mar fan wit. Der wurdt noch fierstentefolle dien, dat it meitsjen fan in klipke foar Youtube in soarte fan Geheim fan de Magiërs is, mar ik fyn krekt dat safolle mooglik minsken op it Fryske mêd dat witte moatte. Ik soe dy wittenskip oan safolle mooglik striders en striidsters foar ús taal trochjaan wolle, sadat it net by kretology en oproppen bliuwt, mar minsken sels wat dwaan kinne. Neam it mar it befoarderjen fan de selswurksumens. Dat is mei fierwei de measte Frysktalige sites op it ynternet no net sa.

Elk fan ús kin mei wat goodwill fan freonen en wat iver en ynset hiel wat foar elkoar krije. De keningsklip is wiswier net professioneel, der sil fan alles oan mankearje, mar hy hat gjin sint koste en it effekt is der wol deeglik en dat effekt kin noch folle grutter wurde. En no haw ik noch net iens in digitale filmkamera, mar ik tink ek dy oan te túgjen. De digitale lûdsklip fan dy sjonger en syn muzikant foarmje wol deeglik professioneel wurk, mar it hoecht yn fierdere útfiering alhiel net perfoarst professioneel. Dat kin ik ferdúdlikje oan de hân fan in alleraardichst klipke, dat ik op Youtube fûn fan in op himsels wol wer professioneel optreden fan Linda Schilder, sjongeres fan de Noardhollânske ‘palingsound’-band Mon Amour (en muoikesizzer fan de bekende Annie – mei de gouden stim – Schilder fan BZN), dy’t yn It Haske op de Jouwer opiens spontaan it Frysk folksliet sjongt. No haw ik net in soad mei folkslieten, ik besykje sadree’t it gefaar driget dat it Wilhelmus en it Frysk bloed tsjoch op ynsetten wurde, my sa lyts mooglik te meitsjen en as it heal kin, efkes te pisjen te gean of sa, mar dit Frysk folksliet fan Linda is skitterjend. Dit Hollânske fanke sjongt it yn treflik geef Frysk, sûnder ek mar mei ien spoarke Nijpels-aksint. In frou yn it publyk hat it mei har mobyltsje filme. Earst hâldt se de kamera efkes no net sa professioneel horizontaal, sadat it liket dat Linda leit te sjongen, mar dat wurdt gau letterlik rjochtsetten. Mar se hat it op Youtube setten. It mei der om my foar alle ivichheid op stean bliuwe. Klik hjir foar de link fan dizze klip.

Dit soarte selswurksemens moatte wy folle mear yn de praktyk bringe. Ik bin derfan oertsjûge dat dêrmei in soad kriich, optimisme en wille weromkomme kin by minsken lykas wy, dy’t somtiden hiel tryst en ûngelokkich binne ûnder de twang en de gnizerij, dêr’t ús taal oan bleatstiet. Ik tink sels dat wy mei it op grutte skaal kreatyf tapassen fan dit soarte mooglikheden sels wolris op termyn in omkear bewurkstelligje kinne, better as troch in djoer referindum te organisearjen. Dat kostet in smite jild en it leit oer de Fryske takomst de doem fan ûnomkearberens. Dat moat net. Want elke nije generaasje komt, hoe min it der somtiden ek foar liket te stean, dochs elke kear wer mei nije hoopfolle dingen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels