Wêrom moatte der toetsen komme foar it Frysk?

REITZE J. JONKMAN –

Toetsen is it ûndersykjen fan hoe goed oft ien wat wit of kin. Dat hat fansels alles mei learen te krijen. As ien leart, dan wit of kin er neitiid mear. Mar hoe witte wy oft ien wat mear kin of wit?

Yn it ûnderwiis betinke leararen allerhanne repetysjes, proefwurken, oerhearringen, testen ensafuorthinne foar harren eigen klassen of groepen. Nei sokke toetsen rôlet dêr in sifer út dat op in rapport komt te stean en dêrmei witte de âlders dat har bern in ‘foldwaande’ of in ‘ûnfoldwaande’ hat. Elke learaar, meie wy oannimme, docht dat op in earlike wize om elke learling rjocht te dwaan. As dat net sa is, sil in team of in teamlieder yngripe. Mar witte wy ek by in yntegere toetsing troch in yndividuele learaar op watfoar objektyf nivo de learling, de klasse of de skoalle sit? Hoe goed oft de bedoeling ek is fan dy learaar, de kritearia foar foldwaande of ûnfoldwaande binne foar in part troch de tafallige omstannichheden fan dy skoalle bepaald. Der is no yn dizze tiid fan ‘opbringstrjochte’ ûnderwiis ferlet fan nije objektivere toetsen, dy’t basearre binne op algemiene kritearia, fêststeld op grûn fan útkomsten út represintative stekproeven, ek foar it Frysk. Dêrmei kinne jildige en betroubere nivo’s fan de learling, klasse en skoalle metten wurde.


Objektyf nivo
Foar it mjitten fan it objektive nivo foar de behearsking fan in frjemde taal hat de Ried fan Europa it saneamde Europeesk Referinsje Kader (ERK) betocht. Oan de hân fan konkrete taalprodukten lykas in ynformeel briefke, in skoalopstel oer in ienfâldich ûnderwerp, in sollisitaasjebrief, in polityk betooch of in wittenskiplik artikel kin in objektyf nivo fêststeld wurde foar de skriuwer fan sa’n produkt. Mei de saneamde Ik-kin-beskriuwingen lykas: ‘Ik kin sinnen en regelmjitttich foarkommende útdrukkingen begripe dy’t te krijen hawwe mei dingen fan direkt belang en kin prate oer simpele en deistige taken dy’t in ienfâldige en direkte útwikseling oer fertroude en deistige kwestjes fereaskje.’ Wat yngewikkelder de taaltaken dy’t ien dwaan kin, wat heger it nivo dêr’t ien sit. Toetsen foar Ingelsk as Anglia en it Cambridge Certificate hawwe soartgelikense kritearia om it nivo fan in learling fêst te stellen. Dy binne earst fêststeld nei grutskalich ûndersyk. In resinte ûntjouwing foar it ûnderwiis yn Nederlân, en dus ek yn Fryslân, binne de kritearia dy’t steld wurde troch it Nederlânsk Referinsjekader foar (Nederlânske) Taal en Rekkenjen mei de saneamde fjouwer Funksjonele nivo’s: basisskoallelearlingen moatte oan de ein fan har skoalle op 1F-nivo sitte, vmbo-TG’ers op 2F, havo’ers op 3F en vwo’ers oan de ein op 4F. Ek dêrmei wurdt it behearskingsnivo oanjûn oan de hân fan konkrete taalprestaasjes. It nije toetsen is al oanwêzich yn Fryslân of sil dat yn alle gefallen de kommende tiid wurde.


Nije toets foar it Frysk
Alle reden om ek foar it nivo fan de behearsking fan it Frysk sa’n soarte fan nije toets te ûntwikkeljen. It Frysk sil ommers mei de beoardieling fan oare talen ferlike wurde, benammen dy fan it Nederlânsk en it Ingelsk. Krekt dêrom moatte der objektivere en betrouberdere kritearia komme om de behearsking fan in taal te beoardieljen. De fraach nei dy objektivere kritearia is al hiel konkreet útsprutsen troch de Ynspeksje fan it Underwiis. Dy hat yn it rapport Tussen wens en werkelijkheid (2009) oanjûn dat it ûnderwiisnivo fan it fak Frysk yn de basisfoarming net foldwaande is. Fierders wurdt konstatearre dat der kwalik sprake is fan in systematyske evaluaasje fan de resultaten en dat der in tekoart oan toetsen is. Haadynspekteur Rick Steur sei it lêsten nochris op in konferinsje oer toetsing fan it Frysk yn it basisûnderwiis: ‘Wy komme pas wer as wy de learopbringsten sjen kinne dy’t substansjeel binne.’ En noch wichtiger yn dit ferbân: ‘Toetsútslaggen moatte brûkt wurde by de fertaalslach nei it learen yn de klasse.’ Toetsen en lesjaan steane dus yn direkt ferbân mei inoar.

De nije toetsen kinne in better ynsjoch jaan oangeande hokker ûnderdielen de learling wol yn de macht hat en hokker ûnderdielen net. De nije toetsen hingje gear mei de digitalisearring dêrfan. De nije kompjûterprogramma’s binne sa opset dat it programma ‘sjocht’ wat de sterke en de swakke punten fan ien binne. Direkt nei it ôfnimmen fan de toets wurdt foar de yndividuele learling in oersjoch jûn fan wat syn nivo is op de skaal 1F oant en mei 4F (of yn de ERK-termen A1, A2, B1, B2, C1), en wat ûnderdielen ferbettering nedich hawwe. De kompjûter kin fuort in oefenprogramma op dy ferbetterpunten oanbiede. In gruttere differinsjaasje foar elke learling wurdt mooglik makke. De learaar hoecht net foar de hiele klasse it boek fan haadstik nei haadstik ôf te rinnen, mar kin in op de learling tasniene rûte folgje. Dat is net allinnich effektiver, mar ek motivearjender foar de learling, omdat er wit wêr’t er oan wurkje moat om foarút te kommen. Foar Nederlânsk binne op it stuit fan dy programma’s op de merk. Bygelyks Diataal en Score. Ek it Cito wurket oan sa’n systeem, mei de namme Squla.


Hoe moat sa’n toets foar de behearsking fan it Frysk der dan útsjen?
Hjirboppe is al neamd dat der foar de beoardieling fan it Frysk benammen nei dy fan it Nederlânsk en it Ingelsk sjoen wurde sil. It sjen nei de foarbylden fan Anglia en dy fan it Referentiekader Nederlânske Taal leit dan ek yn de reden. It lektoraat Frysk en Meartaligens fan NHL-Stenden is dêrom al begûn om in saneamde Frisiatoets te ûntwikkeljen neffens Anglia-model. Foar de fêststelling fan de nivo’s wurdt sjoen nei dy fan it Referinsjekader foar Nederlânsk. Op grûn fan represintative groepen learlingen fan basisskoalle oant en mei 6-vwo sille kritearia opsteld wurde oan ’e hân wêrfan’t in algemiener en objektiver behearskingsnivo fêststeld wurde moat. Underdiel fan it ûndersyk sil ek wêze te bepalen wannear’t in learling oan beskate punten fan grammatika ta is. Bygelyks by it ûnderdiel Tiidwurden (sjoch kader), brekking, meartalsfoarming, ensfh.

Dan kin der yn de kommende tiid in toets ûntstean dy’t yn it grutte ferlet fan in objektivere en betrouberder toets foarsjen kin. It ûnderwiis kin syn foardiel dêrmei dwaan en de ynspeksje hat dan it ark om dat fêst te stellen.

 

 

Reitze J. Jonkman is lid fan de kennisrûnte fan it lektoraat Frysk & Meartaligens; dosint Frysk CVO Zuid-West Fryslân

Comments
2 reaksjes oan “Wêrom moatte der toetsen komme foar it Frysk?”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.