It rif
AGGIE VAN DER MEER – Hy hie de laptop iepenklapt. Hy wist dat se har no twong om har nergens mei te bemuoien. Doe’t er in kertier letter allinnich noch mar omrûn hie, weage se it derop om him foar te stellen om foar de kofje in moai ein te rinnen. Goed, hie er sein. […]
Laudatio Gysbert Japicx-priis Koos Tiemersma
Bêste Koos Tiemersma, achte oanwêzigen, Yn it foarste plak graach myn hertlike lokwinsk, út namme fan de Fryske Akademy, oan de bekroande skriuwer fan hjoed, Koos Tiemersma alias Froon Acker, mei de Gysbert Japixc-priis 2015, him takend foar syn lêste roman, ‘Einum’. ‘Einum’ is in besûnder boek, en dêr woe ik hjir graach trije dingen […]
Tusken eachwink en ivichheid
NIENKE JET DE VRIES – Metten, Lauden, Priem, Terts, Sekst, Noon, Fespers en Kompleten. Dat binne de acht gebeden dy’t op fêste tiden fan de dei yn in kleaster bean of song wurde. In Fryske skriuwster giet acht dagen nei in kleaster yn Seelân. Se sit op keamer acht. Ien fan beide spikerkes dêr’t it […]
De Blaue Toer giet op lokaasje
ELSKE SCHOTANUS – Oan de griisstiennen soudering hinget in lampe mei glêzen tsjelken dy’t oan beide siden fan de romte mear as ien kear wjerspegele wurde. Oan de achterwand fan it spylflak hingje, oan houtene kleanstokjes wytlinene jurkjen omseame mei kant: de ûnskuld. Dat part fan it dekôr hat tagelyk in praktyske funksje, nammentlik it […]
Stedhûs Boalsert
WILLEM HAANSTRA – Midden in Bolsward staat een huis. Vier eeuwen lang ging het fraaie gebouw door het leven als het gemeentelijke stadhuis. Sinds 1 januari 2011, na het opgaan van een vijftal gemeenten in de nieuwe gemeente Súdwest-Fryslân, is het stadhuis opgehouden een raadhuis te zijn. Wat blijft, is het stadshuis, het huis van […]
Gysbert Japicxhûs Lêzing
Eala, Hjirby noegje wy jo fan herten út ta it bywenjen fan in lêzing oer it wurk fan Gysbert Japicx troch Hein de Jong. De Jong is psychiater fan berop, mar hâldt him ek dwaande mei psychoanalityske bestudearring fan literêre teksten. Syn lêzing hat as titel: De Friesche Tjerne fan Gysbert Japicx en de oersetting […]
Gysbert Japicx-hûs Sljucht en rjucht 1908
It wie op in moaie neisimmerdei dat der in kreaze, skredige man de winkel ynkaam. Blond, blauwe eagen, sa’t je dat allinnich by echte Friezen sjogge, en op ’e tried. ‘Moarn’ en as wie er paadwiis yn ’e winkel, sa dûkte er ûnder de kast dêr’t twaddehânske Fryske boeken te keap steane. Ja, we befine […]
Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitusjonalisearring
UPDATE, Tiisdei 15:27: Fan Matthé ten Wolde, bestjoersadviseur fan deputearre Jannewietske de Vries: “Skriuwer, dichter en essayist Durk van der Ploeg is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011.” GYSBERT EN DE FRUCHT FAN DE FRYSKE YNSTITUSJONALISEARRING “Wy hawwe as sjuery oanjûn dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar […]