De Blaue Toer giet op lokaasje

ELSKE SCHOTANUS – 

Oan de griisstiennen soudering hinget in lampe mei glêzen tsjelken dy’t oan beide siden fan de romte mear as ien kear wjerspegele wurde. Oan de achterwand fan it spylflak hingje, oan houtene kleanstokjes wytlinene jurkjen omseame mei kant: de ûnskuld. Dat part fan it dekôr hat tagelyk in praktyske funksje, nammentlik it ûnsichtber meitsjen fan de dûbele doarren nei de tentoanstellingsromte fan it Museum Belvédère.

De teatermakkers fan de Blaue Toer, dy’t earder stikken fan Aggie van der Meer yn it Marne Teater en de Broeretsjerke fan Boalsert brochten, giet ‘op lokaasje’, ‘want,’ sa fertelt skriuwster Aggie van der Meer – de grand old lady fan de Fryske literatuer – ‘yn Boalsert lûke we toch ek meast publyk fan bûten’. De muzykteaterfoarstelling Cecilia Tan wie twa jûnen yn it ‘glêzene’ Belvédére te sjen en dizze moanne noch fjouwer yn de eardere ‘stiennen’ Flach Drukkerij yn Snits. Aggie fan der Meer skreau it skript op grûn fan de tekst fan har novelle (2012) mei deselde titel.

‘It boek wie better’, in útspraak dy’t gauris te hearren falt as it om film giet: in ferhaal dat ôfwykt, persoanaazjes dy’t oars útfalle as sy in taastber uterlik, mimyk, in stim krije, as de lêzer, op grûn fan letters, wurden op papier, him foarsteld hie. De novelle Cecilia Tan, ha ik lêzen – besprutsen sels – dat, as ik my op ien fan de stuollen deljou en sa ris om de grutte holle foar my hinne kypje, freegje ik my ôf oft soks ek foar it stik jilde sil. It antwurd seit in simpel: nee.

Muzykteater wurket oars as it wite doek dat, hoe’t in filmferhaal de sjogger ek meifiere kin yn ’e spanning en ’e emoasje fan in ferhaal, toch altyd plat bliuwt. De rook fan ’e seal, dy fan ’e spilers en, soest de eagen ticht dwaan, dan nóch bist derby. Falt de stroom yn ’e bioskoop útfalle, dan is der neat oars as… in wyt doek; soe yn in teaterseal itselde barre, dan is der altyd noch de betizing fan ’e spilers, in gjalp, it trippeljen fan fuotten. It skript – en dan doel ik net sasear op de lieten, mar op de sprutsen teksten – stiet tichtby dy yn it boek, mar it is de fysike oanwêzigens fan spilers dy’t makket datst boek en spul toch net neist elkoar leist yn de de sin fan better of minder. Mear noch as by film giet it om onvergelijkbare grootheden.

Cecilia Tan. Der is de piano dêr’t Dennis Dronkers it acht froulju tellende ensemble dat, yn prachtige felkleurde klean – kontrastearjend mei de jurken dy’t part fan it dekor útmeisje – tuskentroch kommintaren en oanfollingen op it tekstspul sjongt en aktearret, op begeliedt. De froulju fan it koar ha, sa ha ik begrepen, in Musyk Teater Class folge by Dennis Dronkers en Ypy Zysling. It risseltaat mei der wêze: Prachtige, libbene teksten, mei feart en faasje brocht, de iene kear steand, ferspraat oer it spylflak, in oare kear rinnend troch de seal, yn guozzestap. Of, justjes foaroer bûchd, de hollen by elkoar, rabjend oer Cecilia Tan, de moaie, mar riedselachtige frou dy’t har koartby nei wenjen set hat yn it lytse provinsjestedsje dêr’t it ferhaal spilet. Cecilia, dy’t alle manlju om ’e finger wynt, sels de kapelaan… En watfoar man komt dêr alle moandeis by har oan de doar om in pakje ôf te jaan? In tút en fuort… De buorfrou, sterk delset troch Janet Hendriksma, sil it wol even útsykje en jout de rabberijkes sichtber genietsjend troch oan elk dy’t it mar hearre wol: tagelyk it publyk yn ’e seal.

Al falt der by guon fan de spilers inkeldris in fersprekkinkje te hearren of krije de troch Cecilia útsprutsen sinnen út en troch, benammen yn de monologen, net hielendal it passende reliëf, sy bringe moaie rollen: Folkert Sijbrandij as de styfheit dy’t de jonge frou mei syn hannel yn drugs – en seksueel – yn ’e tange hat, Mart de Jong as de kapelaan dy’t knap fan har yn ’e besnijing is, Haye Postma as Walle dy’t, nei’t er út ’e finzenis ûntsnapt is, beskûl by har siket, har bedriget, mar ek, op in stuit, ûntteie lit. En Attie Brouwer as Cecilia dy’t, as Walle wer fierder giet harsels tekoart docht, wat oan it begjin fan de foarstelling al bekend is. Al is it ferhaal, lykas it boek, net alhiel oannimlik, spilers en koar sette in foarstelling del dy’t it sjen beslist wurdich is.

 

Elske Schotanus besocht de premjêre fan Cecilia Tan, 5 oktober 2013. Foar mear ynformaasje en kaarten foar de restearjende jûnen yn Snits, sjoch blauetoer.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.