Tusken eachwink en ivichheid

Publisearre op 5 maart 2014

NIENKE JET DE VRIES – 

Metten, Lauden, Priem, Terts, Sekst, Noon, Fespers en Kompleten. Dat binne de acht gebeden dy’t op fêste tiden fan de dei yn in kleaster bean of song wurde. In Fryske skriuwster giet acht dagen nei in kleaster yn Seelân. Se sit op keamer acht. Ien fan beide spikerkes dêr’t it sifer acht mei oan de doar befêstige is, is stikken wêrtroch de acht oerdwers hinget en sa in lemniskaat foarmet, it ivichheidssymboal. Foar de ik-persoan symbolisearret it lemniskaat takomst en ferline, mei yn it krúspunt it hjir en no. Dy trije tiidsbepalingen, it ferline, it no en de takomst foarmje de trije ferhaallinen.

It ferline krijt stâl troch de histoaryske brieven fan de Boalseter pater Rogatus Hoogma. Pater Hoogma siet healwei de tweintichste ieu yn in Braziliaanske melaatsken-koloanje en skreau nei syn famylje yn Nederlân oer Mariaferskiningen en de ferskynsels dêrom hinne. Sa rûnen flessen miswyn spontaan oer en wienen slim sike minsken op slach genêzen.

Yn it no, op it krúspunt fan it ferline en de takomst, giet in Fryske skriuwster nei in Sieusk Benediktinerskleaster om oan harsels ta te kommen en de brieven fan pater Hoogma te lêzen. Mar, ‘As it ferline neat betsjut foar it hjoed, wat soe it hjoed dan mei de takomst te krijen ha?’ (s. 176) It ferline en it no sizze mear oer de takomst as de ik-persoan ynearsten tinkt. Want sa ûnbegryplik as de Mariaferskiningen en de genêzingen yn Brazilië binne, sa ûnbegryplik is ek de takomst tichteby hûs. Jens, de man fan de ik-persoan, blykt slim siik te wêzen en komt te ferstjerren. Dy tredde ferhaalline, de striid tsjin in slimme sykte, is yn dichtfoarm skreaun. De trije ferhaallinen meitsje it boek kompleks, mar troch de typografyske foarmjouwing binne de ferhaallinen goed te ûnderskieden. Hjir en dêr kruse de ferhaallinen inoar, wat derfoar soarget dat se net folslein op harsels steane en moai yninoar gripe.

It boek is yn deiboekfoarm skreaun. Dat soarget foar werhelling yn it ferhaal, ommers de dagen yn it kleaster binne oer it generaal gelyk. Dat alle kearen de belibbing fan de tiden yn de kleasterkapel beskreaun wurdt is net slim, it jout in goede yndruk fan it ritme fan it kleasterlibben. Boppedat is de auteur deryn slagge om it ferbliuw yn it kleaster luchtich en mei humor te beskriuwen. Dat die fuort al bliken. At de ik-persoan by de foardoar fan it kleaster om de skile siket en dêrby om har hinne sjocht, sjocht se rjocht yn in bewakingskamera. ‘Big sister is watching you.’ (s. 12) wurdt der droech opmurken.

It op himsels sa strukturearre kleasterlibben wurdt dynamysker troch it kommen en gean fan gasten. Der wurdt wol beskreaun hokker gasten at der binne, mar fierder spylje sy net in grutte rol yn it ferhaal. Wol soargje de oare gasten derfoar dat it eigen ferbliuw yn it kleaster yn perspektyf pleatst wurdt. Elts yndividu komt om in oare reden nei it kleaster. Elk is der yn it foarste plak foar himsels, mar is likegoed benijd nei de eftergrûn fan de oare gasten.

It kleaster jout ûnderdak oan bysûndere gasten, lykas de ‘bôleblokjesfrou’ dy’t alle dagen oandachtich har timpe bôle yn blokjes snijt en swijsum opyt. Ek opfallend is de Amsterdamske pryster mei syn freondinne. Sokke ûnotterdokse eleminten sitte mear yn it ferhaal en dat makket dat de lêzer it kleasterlibben op in oare wize besjen en wurdearje sil. De susters binne ek mar gewoane minsken en it kleasterlibben blykt in stik minder geheimsinnich as jin foar eagen stiet. ‘It hillige en it profane rinne hjir floeiend yninoar oer.’ (s. 99), merkt de ik-persoan op at se nei de Lauden oan de kofje sitte. Op dyselde wize is it ferhaal skreaun, de auteur is deryn slagge om it kleasterlibben relativearjend te beskriuwen en soarget sa foar in moaie balâns tusken it gewoane en it sakrale libben. It ferbliuw yn it kleaster biedt romte foar besinning en de relativearring fan religy.

Offisjeel binne der acht tiden, mar yn it Sieuske kleaster wurde fiif kear deis de psalmen songen. Hoewol’t de ik-persoan de dissipline opbringe wol om safolle mooglik by de gebeden oanwêzich te wêzen, giet se der ek wolris op út. Nei it strân bygelyks. It strân, dêr’t leech en heech tij inoar ôfwikselje yn in floeiende beweging. It tij fan de see is as de tiden fan it kleaster.

‘Op it hurde sân fan de floedstripe leit yn in brúngrien bosk seewier in wyt útbiten stôk. Yn in refleks doch ik wat ik altyd doch: ik krij him op, sleep him achter my oan en meitsje al slingerjend myn bernetekening fan de weagen. Dan rin ik werom mei deselde beweging. En dêr leit er libbensgrut yn it wiete sân: in slinger fan lemniskaten, in keatling fan 8-en. Patroan fan de sânrinner, it âlde symboal fan de einleaze gong fan it libben, fan eb en floed, ferline en takomst. Yn de krusing it kanteljend tij, dit momint, dizze dagen yn it kleaster.’ (s. 222)

Boppesteand fragmint omfiemet de kearn fan it boek. It giet om de wikselwurking tusken jinsels, de tiid en it plak dêr’t je libje. Neffens it lemniskatysk tinken giet it libben net streekrjocht fan a nei b, mar ferrint it yn in syklyske beweging dêr’t alles yn werom komt, mar dan krekt yn in oare foarm. It libben is as de see: ‘it ivige op- en ôfgean fan wetter, mei altyd wer oare weagen.’ (s. 176-177) En nei sa’n skoftke bûten it kleaster kin it samar wêze dat je net mear op ʼe tiid binne foar it gebed. ‘Doe’t ik út de bus stapte, hearde ik de klokken. Kompleten kompleet fergetten!’ (s. 134)

De earste ferhaalline – de brieven fan pater Hoogma – is net djip útwurke. De brieven binne yn it boek ôfdrukt en passe ridlik yn de twadde ferhaalline – de belibbenissen yn it kleaster – mar wurde fierder net troch de ik-persoan ynterpretearre. De tredde ferhaalline – oer de slimme sykte fan Jens – is wol yngeand útwurke. It witten dat de dea stapke foar stapke tichter by komt, is nochter en mankelyk, mar net swiersettich, beskreaun. Ek it lêste eintsje libben is stapke foar stapke beskreaun. It tanimmen fan de lichaamlike klachten, it minne nijs fan de arts, foar de lêste kear besite fan de bernsbern, foar de lêste kear nei it harren sa dierbere Flylân… Hoewol’t minsken fan natuere hope en moed hâlde, komt stadichoan it besef dat it tij foargoed ôfgeand is. It belibben fan it sykteproses makket yndruk.

Marga Claus is deryn slagge om in swier en persoanlik ûnderwerp as de striid tsjin in slimme sykte en in frijwat ûntagonklik ûnderwerp as it kleasterlibben te kombinearjen en op luchtige en nochtere wize te presintearjen. Der is in knappe balâns ta stân brocht tusken û.o. it deistige en it sakrale libben, hope en frees, ûnbegryplike genêzing en sykte en de foarskreaune en de eigen ynterpretaasje fan religy. It boek makket yndruk en sil in soad minsken oansprekke. ‘Yn ferbining libje, dêr giet it om. Ommers: ‘de sin fan it bestean is net te finen yn wat Hegers of wat Djippers of yn wat foar of achter my leit. De sin leit yn it libben sels, yn it my folslein bewustwêzen fan wat ik doch of lit. It giet om it hert fan it lemniskaat, dêr’t de linen inoar kruse.’ (s.192)

 

Kompleten, Marga Claus. Utjouwerij Afûk, priis €17,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels