It rif

Publisearre op 31 juli 2019

AGGIE VAN DER MEER – 

Hy hie de laptop iepenklapt. Hy wist dat se har no twong om har nergens mei te bemuoien. Doe’t er in kertier letter allinnich noch mar omrûn hie, weage se it derop om him foar te stellen om foar de kofje in moai ein te rinnen. Goed, hie er sein. Goed, hiel fanselssprekkend. No ophâlde, tocht se.
Oant no ta wie alles him tafallen. It hûs wie ljocht en freonlik en as de tún har te machtich wurde soe om it paradys te bliuwen dat it no wie, koenen se it altyd noch ferwylderje litte. ‘It meast natuerlike dat der is,’ hie er oermoedich sein. Cisca hie lake, mar dat hie net echt west.
It hûs hie Cisca har idee west. Hy hie him makliker beprate litten as se ferwachte hie. It idee dat er dêr de ynspiraasje fine soe dy’t er al te lang miste, hie sy as argumint brûkt om him oer de streek te heljen.

Se hienen daliks de stap deryn. Gjin klachten, net oer harsels, net oer elkoar en alhiel net oer it waar. Se hienen alle tiid.
Doe ûntdutsen se it rif.
‘Net elk dy’t op in rif stiet springt derôf,’ sei er. Hy dage har út. Of himsels?
It rif hie har ferrast. Minutenlang hienen se dêr stien mei elk har eigen gedachten, hoop en eangst. Doe, ynienen, hie er har omearme. Se hienen gjin wurd sein, mar oars as by eardere fersiken om inoar benei te kommen, it wanhopige ferlet om te tútsjen, te frijen, wat alle gemis allinnich mar pynliker makke, hie dêr op it rif even oars net as folsleinens west en langstme. Hy hie har triennen hoeden drûge, wittend fan de wearde en de kwetsberens.

 

&&&

 

It fielde hast as ferrie om doe oan Jesse te tinken. Jesse en hy by de ûnbewekke oergong. Dat wie letter. It wie dermei begûn dat Jesse by har op skoalle kaam. Jesse hie it troffen. Dat hie er daliks al tocht. Jonges hienen it meastentiids nofliker as famkes dy’t ‘nij’ wienen. Fan groep seis ôf wie it it bêste om krekt as alle oaren te wêzen. Foaral de skuon moasten modern wêze. En de broeken. Hysels, Nick, seach by de famkes foaral nei it hier. En, faker noch, of eins altyd, oft se him oanseagen of net. Jesse hie de goede klean, en dat er wat stil wie, hie de bazen yn ’e groep der net ta brocht om him te ûnderfreegjen. Jesse hie it dus troffen. Hy, Nick, no ek. Se waarden freonen. Earst wie Nick in jonge dy’t it geweldich fûn dat in oare jonge alle oaren de baas wie, as it bygelyks gie om wat der yn ’e wrâld mis wie of noait wer goed komme soe of miskien ek wer wol. Jesse koe ek útlizze dat je mei allinnich in mobile tillefoan en in tas eksplosiven in hiel ein komme koenen as je in goede terroristyske oanfal útfiere woenen. Hie er dat sels betocht? Dat soe Harke, de grutte Harke, noait oan ien fan ’e oaren frege ha. ‘Nee,’ sei Jesse, ‘hy hie it fan Kaplan.’ Harke koe it himsels net tastean om no ek noch nei dy Kaplan te fernimmen en dus soe Jesse it letter oan him, Nick, fertelle, watfoar man dy Kaplan wie. Jesse wie net eigenwiis: hy pochte net mei wat er wist: as syn freon it witte woe, soe er it dy wol fertelle. Letter begriep Nick dat Jesse him as maat nedich hie, ien dy’t hy alles fertelle koe. Dy’t hy ynljochte oer wat er fielde as er foar de ûnbewekke treinoergong stie. Hoelang’t it duorre dat in trein hjir by it plak dêr’t se stienen foarby raze soe, neidat er by it salmiakfabrykje de bocht omgien wie. Wist er dat? Ja. Gewoan mei in maat dy’t witte woe wat hy te sizzen hie de fyts pakke, in stopwatch meinimme, de kop derby en de útkomsten notearje, sei Jesse. Die er sokke dingen ek mei auto’s en skippen bygelyks? Nee. Soms gie er nei in oare net-bewekke oergong. Dêr hie er dan ek alles metten en dien.
‘Giest dêr altyd op ’e fyts hinne?
‘Ja, dan wit ik hoe let ik fan hûs moat.’
‘Hinget fan it waar en de wyn ôf?’
‘Dat rekkenje ik rom fan tefoaren út. Ik mei in pear minuten te betiid by de oergong oankomme. Of sels in kertier.’
‘Net earder?’
‘Better net.’
‘Wêrom net?’
‘Omdat ik it dan, tink ik, net mear doar.’
‘As se dus straks de oergongen befeiligje, moatst in oar spultsje betinke,’ sei Nick.
‘Spultsje?’ sei Jesse, ‘do tinkst dochs net dat ik in spultsje spylje?’
‘Do tinkst dochs net,’ sei Nick, ‘dat ik leau datsto dy op in dei mei stopwatch en al op it goede momint foar de trein goaist, Jesse?’
‘As ik it doch, de ferlieding net langer wjerstean, Nick, silsto sizze datst dêr al lang bang foar west hast.’
‘Nee.’
‘Ja, Nick, sis it Nick, datst dêr bang foar wiest.’
‘Nee, nee, ik sis it net.’

Nei dy middei hienen se it dêr net wer oer hân, mar dat it de freonskip net feroarje soe, wie net wier. Dat wisten se beide. Ien kear hie Jesse him noch ferteld hoe’t it fiele koe as je op it goede momint by de oergong stienen, de trein al te hearren, noch net te sjen. Jesse wie begûn as fertelde er in mearke dêr’t er sels earst net yn leaude. ‘Do witst net, Nick, hoe spannend it is, hoe’t it je yn ’e greep krije kin. It je hast twingt om de earste stap te setten … en dan de folgjende, je net mear sykhelje kinne … je eins net oars mear kinne … omdat je oars te lef binne … je jesels net tsjinfalle meie … jesels en …’
‘Wat en?’
‘Niks,’ sei Jesse. Hy hie him omkeard. Sein dat er Nick net wer sjen soe. Se soenen ferhúzje. Jesse hie gûld. Nick doe ek. Sachtsjes. Even.

 

&&&

 

De kearen dat er allinnich nei it rif rûn en de laptop oerdeis tichtbleau, namen ta. Jûns siet er boppe faker en langer achter de laptop. Dat wol. Oft dat hoop joech? Hy wie wat makliker benei te kommen, dat yn alle gefallen. Oft it him wat slagge, hie Cisca úteinlik frege doe’t se oan him fernaam dat er amper loskomme koe fan it wurk, wat it ek wie. Ja, hie er sein, hy probearre wat.

 

&&&

 

Se stelde it net langer út. Doe’t se seach dat er behalve de fierrekiker ek bôle meinaam, wist se dat er daliks net wer werom wêze soe. Noch in gelok dat er de laptop net op slot hie. Hy hie har dus fertroud, en dat fertrouwen, wat wie dat noch wurdich no’t se it skeinde. Se skamme har. Dat it har yn betizing bringe soe, hie se miskien wol ferwachtsje kinnen, mar om it dêrom te litten stie se harsels net ta: se hie reden genôch om no yn syn geheim yn te brekken, wat it ek wêze soe. Dat it om geheimen gie, wie se wis fan, en dat koe se net langer negearje. Wa wit wat er him yn ’e holle helle.

Wat er him yn ’e holle helle hie?
Se wie troud mei in man dêr’t se fan hâldt, en hy, leaut se, tinkt se, ek fan har. Foarsafier’t dat mooglik is, mar wol in man dy’t har jûns allinne lit mei wat se betinkt, har ôffreget, en bang makket. Hie er gjin kofje wollen? ‘Noch even nei boppen,’ sei er dan. As in ferslaafde dy’t him net langer fersette wol tsjin de twang dy’t him beset, ûntwykt er har fragen.

Se wit no dat er dan de jonge is dy’t syn freon fertelt wat er fielt as er by in net bewekke oergong stiet as er de trein oankommen heart, in roppich meunster dat him ferliedt, meinimme wol nei wêr’t er mar wol, dat him seit him no oer te jaan, him gean te litten, gjin ferset langer. Alles ferjitte. De freon dy’t doe tocht oan it wetter. Is it wetter net genediger. Soe de see je net drage kinne, oer withoehege weagen tille, falle litte. Wer opkrije? Soe der in boat wêze kinne? Nee, gjin boat. It soe net ophâlde moatte, de see is ivich. De see jout en nimt.
De freon seit dat er wit dat de jonge de ferlieding winne litten hat, hy net oars mear koe, hy noait witte sil wat er fierder noch belibbe hie, hoop krigen hie, of gelok. Gelok? Hie it wat heldhaftichs west, alles riskearje, of earder leffens, eangst foar it ûnbekende, de driging dy’t him yn ’e greep krije kin?
Wat oerbleau wienen fragen en treurnis.

Se hie net fierder lêzen.
Yn har sliepkeamer hie se gûld, foar it rút stien dêr’t se sicht hie op ’e dyk, sadat se him oankommen seach as er weromkaam.
Weromkaam …
Letter, doe’t alles foarby wie, herinnere se har de lege oeren fan net tinke, net leauwe. Hie se bidden? Nee, bidden hie se net, mar help sykje wie wat oars, wie it iennige wat har te dwaan stie.

Uteinlik bleau Jesse Winter oer. Jesse Winter, de iennige dy’t har, as er noch libbe, helpe koe.

Ynienen wie se der wis fan dat Jesse yn harren skoaltiid wichtich foar Nick west hie. Net dat er it faak oer Jesse hân hie. Omdat it te bedriigjend wie? Te frjemd ek? In geheim dat Nick net mei in oar diele woe?
Hoe dan ek, tocht se, in jonge lykas Jesse ferdwynt net samar. Sa’n jonge lit spoaren nei. En dus …

 

&&&

 

It hie noch net iens sa dreech west. Net om har goed te hâlden, har plan te betinken, en út te fieren. It petear mei Jesse wie nei in muoisum begjin yn alle iepenheid ferrûn. Jesse hie frege oft sy it him tabetroude om de earste stap te setten. Se hie dat de bêste oplossing fûn, al hie se no earst foar harsels in wat beslissender rol yn ’e holle hân. Hy hie dat field, mar wie dúdlik net fan doel har dêryn temjitte te kommen. Se soe it him te maklik meitsje om dêr, skuldich as er wie, goed mei ôf te hanneljen. Boppedat wie der ynienen noch wat, te betiizjend om no út hannen te jaan. Se seach him wrakseljen. Se seach syn oanstriid om in ûnferwachte opteinens yn betwang te hâlden. Want se fielde in kâlde wyn en iensumens. Se hie it sa litten.

 

&&&

 

Pas in wike of wat letter, nei de earste brief fan Jesse, en neidat alle fierdere stappen fan wjerskanten set wienen, elk fan de trije spilers yn it dramatyske spul harsels yn har rol ynlibbe hienen, soenen de twa mannen der tegearre op út. Cisca wist net wat se hoopje soe en freze moast.

 

&&&

 

Hie der wat oars west as it rif? Wat betters as it opgean fan de berch? Se hienen ûnderweis om har hinne sjoen. It wie moai bûten. De wurden waarden even oppakt en moasten har fierder mar rêde. De see, fan fierrens te hearren, te rûken, wie wat oars. De see koe syn gong gean, mar krekt hoe’t it der foarstie mei syn macht, syn nocht en ûnnocht; wat de moanne yn ’e holle hie of net.
Se swijden, wienen der by sitten gien, folgen de kobben. Doe hie Jesse syn hân yn sinen nommen en frege oft er dy earste dei yn groep sân al begrepen hie dat se foar inoar bestimd wienen. Nee, net begrepen. Der wie gjin fraach en ek gjin antwurd. Der wie eins net wat oars. ‘Hasto dat ek sa field, Nick?’
‘Nee,’ sei Nick, ‘mar datsto in freon wurde soest wist ik daliks, al hie ik it doe sa gau net tajûn.’ Hy lei syn hân net op dy fan Jesse, dy’t baarnde op syn earm.
‘En fierder?’
‘Fierder? Fierder wie ik bang. Oer dy, oer myn eangst foar myn tinken, foar de lokrop fan it rif.’
Doe frege Jesse oft er him tute mocht.
‘Nee,’ hie er skreaud. Heas, wanhopich. Hy wie oereinkommen, hie him omkeard, jammere en doe ‘Hâld op!’ roppen.
Deastil hie er wachte, Jesse, op syn freon, oant er weromkomme soe om ‘ja’ te sizzen.

Wat er sjoen hie, doe’t er him omkeard hie, frege Jesse oeren letter.
‘In ûnbewekke oergong,’ hie er sein.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels