Gysbert Japicx-hûs Sljucht en rjucht 1908

It wie op in moaie neisimmerdei dat der in kreaze, skredige man de winkel ynkaam. Blond, blauwe eagen, sa’t je dat allinnich by echte Friezen sjogge, en op ’e tried. ‘Moarn’ en as wie er paadwiis yn ’e winkel, sa dûkte er ûnder de kast dêr’t twaddehânske Fryske boeken te keap steane. Ja, we befine ús no yn it lytse winkeltsje dat ferskûle leit efter it bombastyske stedhûs fan Boalsert. We befine ús om presiis te wêzen yn it hûs efter it trepgeveltsje oan de Wipstrjitte nûmer 6. Sa’t it liket in frij normaal hûs, mar eins is it in hûs mei in djippe histoarje.

Yn dit hûs waard mear as 400 jier werom in jonkje berne as soan fan in foaroansteand man. In foaroansteand man dy’t boargemaster wie yn de stêd, in man dy’t twa gouden hannen hie, in man dy’t it ûntwerp makke fan dat grutte ymposante gebou midden yn ’e stêd, it stedhûs. Mar ek dat jonkje wie net sa min. Al gau wie er te finen op de Latynske skoalle yn ’e stêd en makke er beweging op literêr mêd. It jonkje waard in man. Hy sloech om mei taal en ferzen.
Dat jonkje wie Gysbert Japicx.

Mar dan dy man, dy’t sa Frysk eage en no langút oer de flier yn de winkel lei op ’e siik nei dat iene Fryske boek. Hy eage Frysk, mar allinnich al yn it wurd ‘moarn’ wie te hearren dat er in ‘overseas’ aksint hie. Nijsgjirrich as ik bin frege ik al ridlik gau wêr’t hy wei kaam en wat syn namme wie. ‘Oppedyk, Kalifornië’. Sa fluch as er wie, hie er de hiele rige Fryske boeken ûnder de kast al neisjoen. ‘Oppedyk, mar dan kin it hast net misse dat wy famylje faninoar binne.’ Ut ’e gauwens sjogge jo inoar dan oan, mar likenis wie der net te finen. Syn skaainamme wie ek de skaainamme fan myn oerbeppe en ja, wy wiene famylje. No sa. Eins gie it dêr net oer. It gie oer dat iene boek. Dy man út dat fiere Kalifornië wie al in skoftsje op ’e siik nei de Sljucht en Rjucht 1938, it boek dat syn rige ‘Sljuchten en Rjuchten’ kompleet meitsje soe. Mar ik koe him dêr ek net oan helpe.

‘Dy gevel, dat moaie trepgeveltsje, witsto wol wannear’t dy op ’e nij foar dit hûs kommen is?’ Dy moarns hie ik my krekt ferdjippe yn de skiednis fan it hûs, tafal bestiet ommers net, en koe dêrom sûnder bot nei te tinken andert jaan; 1908. Just, en sa foelen wy yn de Sljucht en Rjucht fan 1908, it boek dat Oppedyk krekt útlêzen hie. Boek nei boek lies er út de rige folkslektuer fan Waling Dykstra, dêr’t yn 1897 it earste diel fan ferskynde. En sa foel alles teplak.

Sljucht en Rjucht 1908, dat wie it boek dêr’t ík fansels mear oer witte woe. Freegje hoegde ik net, it ferhaal wie al oan ’e gong. Yn it boek soe in foto stean fan it Gysbert Japicxfeest, mar ek noch in foto mei it ferhaal oer de gevelstien dy’t mei datselde feest yn de gevel fan Gysbert syn bertehûs ynmitsele is. Wat soe ik dat boek, dêr’t dy man oer fertelde, graach ris ynsjen!

De middeis wie er al werom. Yn de boekekast fan syn 84-jierrige heit út Boalsert fûn er, jo wolle it leauwe of net, de Sljucht en Rjucht út 1908. (Syn eigen eksimplaar lei ommers yn Kalifornië!)
En sa ûntdieken wy yn dat boek ek noch in ôfbylding fan Sijcke Salves, de frou fan Gysbert Japicx. De frou dy’t oant no ta foar my gjin gesicht hie, allinnich in namme. Dy frou pronket no ek yn it museum oer Gysbert Japicx. Sa is Gysbert net mear allinnich, mar sjogge wy him yn ús ferbylding mei Sijcke yn syn blommetún oan de Snorckstrjitte yn Boalsert omwrotten. Sa sjogge wy him mei har yn it fertriet doe’t sy al harren bern oan de swarte dea ferlieze moasten. Sa sjogge wy Sijcke him oer de rêch striken nei in lange jûn skriuwen en dichtsjen efter syn âlde buro. Gysbert en Sijcke yn de Sljucht en Rjucht fan 1908.

Dat boek, om dat no ris yn depot te hawwen, dat soe moai wêze. Noch folle moaier is it dat we it no, al is it tydlik, yn de fitrine fan it museum lizzen hawwe.

Sa no en dan, somtiden, falt alles efkes teplak, kruse de wegen fan troch it bloed ferbûne sibben inoar en fine ferhalen harren wei nei it plak dêr’t se hearre.

Rieneke Speerstra –  it Gysbert Japicxhûs

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.