Gysbert Japicxhûs Lêzing

Eala,

Hjirby noegje wy jo fan herten út ta it bywenjen fan in lêzing oer it wurk fan Gysbert Japicx troch Hein de Jong. De Jong is psychiater fan berop, mar hâldt him ek dwaande mei psychoanalityske  bestudearring fan literêre teksten. Syn lêzing hat as titel:

De Friesche Tjerne fan Gysbert Japicx en de oersetting fan Douwe Tamminga psycho-analytsk beljochte

Datum en tiid: tiisdei 13 desimber om 19.30 oere.

Plak: Gysbert Japicx-hûs, Wipstrjitte 6, 8701 HZ Boalsert.

Kosten: 5 euro

Opjaan: As jo de jûn bywenje wolle, is it nedich om jo fan tefoaren op te jaan yn ferbân mei de beheinde romte. Dat opjaan kin telefoanysk of fia de mail. Skilje nei: 0515 – 573990 of mail nei: ynfo@gysbertjapicx.nl

De wurklist fan ’e jûn sjocht der sa út:

19.30 – 20.00 oere: Ynrinnen en besite oan it museumpart fan it Gysbert Japicxhûs
20.00 – 20.45 oere: Lêzing.
20.45 – 21.00 oere: Skoft.
21.00 – 21.45 oere: Beantwurdzjen fan fragen en diskusje.
21.45 – 22.00 oere: Ofsluting.

Taljochting by de lêzing
De Friesche Tjerne fan Gysbert Japicx is drok bekommintariearre. It probleem is dat it ek neffens de lêste ûndersiker Ph. H. Breuker, net alhiel te pleatsen falt ûnder it sjenre houliksgedichten, der wurdt in persoanlik ferhaal yn ferweefd. Dat ferhaal falt ôf te lieden út de tekst en de útdaging is, om allinne de tekst foar ynterpretaasje te brûken.

In psycho-analityske tekstynterpretaasje lient him dêrfoar, wat yn it foarste plak lêze en werlêze freget. Yn de tekst sels sitte iepeningen nei djippere lagen, sa as metonimy en metaforyk, obesedante metafoaren en it werkennen fan oerdracjhts- en tsjinoerdrachtsgefoelens. De lêzer reagearret, sa as ek út de respesjeskiednis fan it gedicht bliken docht, mei in reaksje dy’t mear te meitsjen hat mei de persoanlike skiednis van de lêzer as mei de tekst. Oarsom ropt it personaazje ek emoasjes by de lêzer op, sadat de tekst oars lêzen wurdt. Dat komt yn it bysûnder oan it ljocht by oersettings. Sa jout Klaas Bruinsma fan Tjerne in folle steviger byld as yn de oarspronklike tekst stiet. Douwe Tamminga reagearret nei alle gedachten út syn eigen ûnferwurke problematyk wei of fielt de eangst foar it stjerren by Tjerne. Yn myn ûndersyk wurdt besocht om net út in subjektive posysje wei te ynterpretearjen, mar trou te bliuwen oan de objektive tekst. Dat betsjut dat elk wurd, elke punt of komma in betsjutting ha moat.

In gedicht is pas in gedicht as it mear lagen hat, nei’t de dreamachtige aspekten yn de tekst ûndersocht binne. By it lêzen fan dit gedicht komt de lêzer al gau fantasymateriaal fan Tjerne tsjin, dy’t in psychologyske ûntjouwing trochmakket mei ferwizings nei seksualiteit en in earder trauma. Dat materiaal is troch eardere ûndersikers nea serieus nommen om’t it kenlik net paste yn de oerdrachtsposysje fan ’e ûndersiker. Sa seach Halbertsma yn Tjerne in sosjalist, Douwe Kalma in religieus persoan ensfh.

Tjerne kaam nei de relaasjesbreuk mei syn freondinne Yntske yn in frije fal telâne, wat net past by ús earste literêre held fan formaat. Hy kaam dêr út troch sels ek te dichtsjen en brûkte dus poëtyske middels as ‘terapy’.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.