• 11 oktober 2016

    MARRE SLOOTS -  Skriuwer en programmamakker Bart Kingma is troch de sjuery fan it projekt ‘Oare Wurden’ útkeazen om nei it Baskyske San Sebastian te reizgjen. Hy sil dêr acht wiken trochbringe om ynspiraasje op te dwaan foar it skriuwen fan syn roman. Ik praat mei him as er ûnderweis is nei syn bestimming. Wêr bist no? Ik stean no earne tusken Parys en Orléans op in [...]

  • 26 juni 2016

    Hoi Gerrit, Nee sorry, ik koe der net by wêze, sneontejûn op it City Proms festival. Wurk moast eefkes foargean. Dus ik miste dyn optreden mei it Stendenkoar, wêrby't jim it requiem 'It komt, sa't it giet' opfierden, oer de teloargang fan it Fryske plattelân. It spiet my echt dat ik net komme koe, nei ôfrin hie'k graach eefkes mei dy prate wollen. Want ik [...]

  • 29 mei 2016

    Achte kolonel De Smit, In moaie sêne wie it, dy oankomst fannewike op de fleanbasis. De kommintator dy't de Loftmacht ynhierd hie om op de eigen live-stream ferslach te dwaan kraaide deroer, der wie goed neitocht oer de formaasje wêryn't de fleantugen oer de spotters en kameraminsken hinne fleagen, de brânwacht spuite it wijwetter as in hillich ritueel oer de debutanten hinne, minister en medailleboarsten [...]

  • 1 mei 2016

    Achte bruorren Van Brakel, Dat sil in moai momint foar jim west ha op it gemeentehûs yn Drachten: twa bruorren dy't tagelyk in lintsje krije omdat 'het zijne majesteit heeft behaagd'. In journalist en in plysjeman. Yn ruste, dat wol, mar dochs. Jim sille de ôfrûne desennia op jierdeifeestjes grif geregeld fûl yn diskusje west ha oer de soms yngewikkelde ferstânhâlding tusken parse en gesach. Op [...]

  • 3 april 2016

    BART KINGMA -  Op de dei dat bommen barsten op Zaventem wurke ik mei in kollega dy't yn Amsterdam wennet. Se fertelde oer de eangst dy't se net talitte wol, mar lykwols alle dagen sterker fielt as se troch de stêd rint. Op drokke plakken yn it sintrum komt se noait mear hielendal los fan de gedachte oer dat iene momint dêr't se mei syn [...]

  • 6 maart 2016

    Bêste Grunnegers, Dus. Jim wolle fan it Grunnegs in offisjele taal meitsje. Da's wol stoer. It Nedersaksysk is yn al syn foarmen de muoite wurdich, soms sels prachtich. Ik ha ris meidien oan it Grunnegs diktee en mei oergeunst sjoen nei de moaiste wurden dy't jim hawwe. 'Stoer' bygelyks, dat betsjut by jim 'lestich, dreech'. En jim ha fansels foar ivich Ede Staal, dy lit [...]

  • 18 januari 2016

    Bêste Jitse, Goed 50.000, dêr stie de teller sneintejûn op. Digitale hantekeningen om dy in hert ûnder de riem te stekken. Da's in yndrukwekkend oantal, in Feijenoard-stadion fol minsken dat dy tajuicht. Je soenen der suver ferlegen fan wurde, as ienfâldige jonge út Ljouwert. Ik sneup eefkes troch de kommintaren dy't de minsken achterlitte op de site. Dy lige der net om. Wurdearring foar dyn [...]

  • 5 januari 2016

    Achte hear Algra, De earste wike fan jannewaris, dat is fansels de wike fan it weromsjen. Weromsjen op de krystfakânsje. Hoe hawwe we 't yn godsnamme oerlibbe: al dat iten en drinken, al dy besites, al dy listjes fan moaiste, minste, leukste of lestichste boeken, films, programma's en politisi; of al dy mankelike ferhaaltsjes fan Top 2000-harkers oer hoe gesellich se it froeger hienen, doe't [...]

  • 14 december 2015

    Achte frou Ottjes, Wylst de studio fan Omrop Fryslân stadichoan it oansjoch krijt fan in distribúsjesintrum yn oarlochstiid, sjoch ik oeral om my hinne – it is allegear prachtich te folgjen op radio en televyzje – bliere gesichten. Grutske presintatoaren, opteine frijwilligers en stoere besoargers. Allegear fiele se har goed by de nommele bydrage dy't se leverje oan it wolwêzen fan de minsken dy't it [...]