Censored voices

Achte bruorren Van Brakel,

Dat sil in moai momint foar jim west ha op it gemeentehûs yn Drachten: twa bruorren dy’t tagelyk in lintsje krije omdat ‘het zijne majesteit heeft behaagd’. In journalist en in plysjeman. Yn ruste, dat wol, mar dochs. Jim sille de ôfrûne desennia op jierdeifeestjes grif geregeld fûl yn diskusje west ha oer de soms yngewikkelde ferstânhâlding tusken parse en gesach.

Op deselde dei dat jim kreas op de foto yn de krante stienen, publisearre in ferslachjouwer fan itselde krantebedriuw in alarmbrief oer presys dit ûnderwerp. Hy beskriuwt hoe skrinend de posysje fan de journalist wurden is ten opsichte fan it leger oan foarljochters en kommunikaasje-adviseurs. Leger? Ja, want de ferhâlding tusken journalistyk en foarljochting is tsjintwurdich ien op tsien.

 

De teneur is dúdlik: de journalist hat it swier.

 

Tajûn, dy tsien kear safolle foarljochters hâlde har net allegear dwaande mei it manipulearjen fan de ferslachjouwer of it ferdraaien fan de wierheid, mar de teneur is dúdlik: de journalist hat it swier. Tsjin in foar syn opliedingsnivo net al te heech lean moat er mear en hurder opbokse tsjin in korps fan minsken dat hieltyd better traind is om it eigenbelang sa lûd mooglik klinke te litten.

Dat is gefaarlik. De ekstremen fine we samar. Op deselde deis dat jim mei jim lintsje yn de krante stean, wurde we oerspield mei berjochten út Turkije. Op noch altyd dyselde dei sjoch ik jûns op televyzje in reportage fan journalisten dy’t mei gefaar foar eigen libben bylden meitsje fan martelingen en eksekúsjes yn Saoedi-Arabië. En letter dy jûn noch in documentaire mei de allessizzende namme ‘Censored voices’, oer Israelyske militairen dy’t har net fryút útsprekke mochten oer de besetting fan Palestijnske gebieten.

Eltse demokratyske rjochtsteat soe dit skrikbyld brûke moatte om de frije, ûnôfhinklike journalistyk te fersterkjen. Goed wurkjende journalistyk is ommers essensjeel foar minsken om har goed ynformearje te litten en sa har frije miening bepale te kinnen.

Mar nee, wy litte it ta dat plysjekorpsen yngeand besykje om ferslachjouwers te beynfloedzjen. Wy stean ta dat regionale omroppen sa djip snije moatte yn de begrutting dat dy hâlden en kearen hawwe om noch wat fatsoenlike radio en tv meitsje te kinnen. We litte gebeure dat minsken sa massaal de krante opsizze dat der oan alle einen en kanten snoeid wurde moat op redaksjes. En we litte in hiele nije generaasje opgroeie sûnder dy it belang by te bringen fan goeie ûnôfhinklike journalistyk, ek yn ús eigen regio. In belang dat dochs kear op kear oantoand wurdt mei ferhalen oer Caparis, ôffaloven en bestjoersperikelen yn stadions en stêdhuzen. Sûnder goeie journalisten soenen dy allegear ûnder it kleed lizzen bleaun wêze.

We kinne ús gelokkich noch altyd drok meitsje oer ekstremen yn it bûtenlân – terjochte, mar de tendins yn eigen lân wolle we net sjen. It gesach wol it net sjen, de bedriuwen wolle it net sjen. No ja, dy hawwe dan ek belang dat harren ynformaasje op syn foardielichst nei bûten komt. Der is dus mar ien partij dy’t Echt Alle Belang hat by goeie journalistyk, en dat binne wy, it folk.

Mar we litte se sitte. We wolle net mear betelje foar nijs, en dus falt der hast gjin brea mear te fertsjinjen yn goeie ferslachjouwing. Hast gjin tweintiger mear dy’t dit fak yn wol. Omdat er hast gjin foarútsjoch hat op in fatsoenlike karrière. En dan moat er ek noch de hún en spot ferneare dy’t him hieltyd mear ten diel falt. It is ommers bon ton wurden om de ferslachjouwer fan in renommearre mediabedriuw ôf te skilderjen as in sneue, fêstruske en dêrtroch ûnbetroubere soertût. It is in wûnder dat der yn sa’n klimaat noch minsken binne dy’t dit wurk mei niget en passy útfieren bliuwe. Omdat it sok moai wurk is, en foaral omdat it sa belangryk is dat it dien bleaun wurdt.

Ik hoopje dat jim mei de famylje Van Brakel noch lang neigenietsje kinne fan dizze bysûndere dei yn Drachten. En ik gun alle journalisten, skriuwend, pratend en filmjend, in lintsje. Yn de heechste oarder fan Oranje Nassau. Omdat it de rjochtsteat behaget.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.