By de 100ste bertedei fan Anne Wadman

Publisearre op 9 december 2019

PIETER DE GROOT –

Alle lof foar soan Thys dat er op it idee kommen is fan dit skriuwersprinte- anneks tinkboek en foar de Afûk, dy’t fuort ree wie en jou it út, tsien jier neidat de Friese Pers Boekerij syn oarlochsomnibus útjûn hat, de werútjefte fan trije romans yn ien bân. In jier letter, yn 2010, kaam ûnder it motto ‘Fryslân lêst syn toppers’ De smearlappen wer foar it ljocht, in presintsje fan de bibleteken.

Planken kinne der fold wurde mei syn wurk, mar sa’t Tetman de Vries, hoefolle bettere programma’s hy letter ek skreaun hat, hieltyd wer oan syn earste sukses De tiid hâldt gjin skoft herinnere waard, sa wurdt sa gau’t de namme Anne Wadman falt, yn ien sike De smearlappen út 1963 neamd.

 

‘Wat een merkwaardige kerel was het, in de grond verlegen maar altijd geestig tot op het cynische af, en een zeer precieze docent die op academisch niveau historische taalkunde gaf.’

 

De assosjaasje dy’t dy titel opropt, kombinearre mei it seksuele elemint – dat hat doe de earste yndruk by it publyk west en in earste yndruk is faak beskiedend foar hoe’t in boek fierder de skiednis yngiet. Betink dat de seksboeken fan Jan Cremer en Jan Wolkers noch net ferskynd wiene, en Trinus Riemersma moast ek noch fanwegen komme. De iennichste boeken dêr’t de ynstjoerde stikkeskriuwers, dy’t der skande fan sprutsen, it mei fergeliken, wie doe de searje De Liefde van Bob en Daphne fan Han. B. Aalberse; der spile ein fyftiger jierren in rjochtssaak tsjin de skriuwer om’t dy jonge bern de seks ûntdekke liet. De skriuwer sei dat er dat bedoelde as seksuele foarljochting, mar it waard opfette as pornografy, dy’t doe noch ferbean wie.

De smearlappen yn datselde ramt pleatse, dat wie bûten alle roai. De Ljouwerter Krante stelde syn ynstjoerde stikkerubryk doe noch iepen foar lju dy’t ûnder inisjalen skriuwe woene, ‘naam en adres by de redactie bekend’. Mefrou C.D. út Snits oppenearre har as earste en stuts oaren oan. In Frysk skriuwende L.S. út Ljouwert sette de toan foar in hiele rigele stikken. ‘Krapoan 100 siden fiis en smoarch praat’ skreau er. Dat koe dy mefrou C.D. net gewurde litte en se ferklearre dat se by wize fan foarljochting dat treflike boek oan har dochter fan achttjin te lêzen joech. De bekende Snitser boekhannel G. van de Pijpekamp foer der wol by. Hy sette advertinsjes: ‘Geprezen! Verguisd! Het gesprek van de dag. Ieder leest het. De SMEARLAPPEN van Dr. A. Wadman. ƒ3,50. Lees het zelf.’

It gefolch wie dat de 1.500 eks. fan de earste printinge by útjouwer Laverman yn Drachten ta de doar útfleagen. Der soene binnen oardel jier fiif printingen ferskine. De hear Visser fan de Bruna stasjonsboekhannel yn Ljouwert alarmearre syn baas yn Utert: der wie grif ek ferlet fan in Hollânske oersetting. Dy kaam der en dêr waarden mear as 30.000 eksimplaren fan ferkocht. De kritiken wiene meast posityf en soms koe immen it net litte en wês grappich: ‘Anne Wadman levert het bewijs dat de Friese literatuur produkten kan maken die net als de ingeblikte melk en het stamboekvee hoge exportwaarde bezitten’. En jawis, it boek ferskynde ek yn it Dúts: Elke und die Männer.

Wadman hat geregeld sein dat er noait wat fan de ophef begrepen hat, Tiny Mulder, destiids de iennichste froulike kritikus, ferûnderstelde dat mooglik it feit dat hjir in frommeske Eelkje, rjochtút, yn felle woede, de manlike smearlappen yn har libben te kyk sette, lêzers op it sear kaam.

In rol hat miskien ek spile dat der yn De Fryske Boekewike fan 1963 gjin nije romans oanbean waarden, Wadman hie allinne konkurrinsje fan in ferhalebondel fan Fedde Schurer, Beam en Bast, en fan in pear boeken fan de KFFB.

Hy hie yn dy rûzige sixties de smaak te pakken, tusken 1960 en 1968 ferskynden seis romans en op de lêste side wie te lêzen hoe lang, better sein, hoe koart dat er oer in boek die. It binne mar koarte skoftsjes, De smearlappen hat er yn de fakânsje op It Amelân yn trije, fjouwer dagen skreaun. Of leaver jûnen, sei er, want oerdei lei er oan it strân Anthony van Kampen te lêzen.

Paradoksaal genôch hie er krekt foardat er der sukses mei hie, mei syn skriuwerij ôfweefd. Hy wie teloarsteld yn de ûntfangst troch de krityk op syn boeken, en de reaksjes op syn ienmanstydskrift De Teannewâdder, neffens Douwe Tamminga karakterisearre as ‘in aaklik rabbersnêst dêr’t Jan mei Alleman oerheap leit en Alleman mei Jan’, sinnigen him ek mar min. Of faaks is it better en sis: dat sinnige hímsels mar min.

It boek fan Joke Corporaal, dat in antwurd besocht te finen op de fraach wêrom’t Wadman himsels as in mislearre skriuwer seach, hâldt yn 1963 op, en it skôgjende boek fan Steven de Jong komt him ek mar ‘ta in hichte’ benei. It is hjir dus it plak om oan te stean op in stúdzje nei de komplete Wadman, dizze alsidige mar ek tige gefoelige en gau kwetste yntellektueel, dy’t it himsels net maklik makke. In konflikt koe samar ûntstean. Mei oare skriuwers, dy’t er dan gauris as gjin turf heech beskôge, en ek privee.

En hoe wie it op syn wurk? Hy hie altyd les jûn op in lyts gymnasiumke yn Snits. Doe’t 1968 wankte, mei de feroaringen fan de Mammoetwet, naam er in sabbatical, sa’t it hytte om op syn libben werom te sjen, yn 1969 waard er 50. It resultaat wie it autobiografyske Mei Abraham fûstkje, dat er yn in resinsje achteryn fuort mei in heap irony relativearre. Hy hie yn ‘de net mear besteande Teannewâdder’ suver elk op ’e teannen trape en him beheind ta it miniwrâldsje fan ‘it net mear besteande Boun fan Fryske Kunstners’, ‘de net mear besteande Tsjerne’ en de amper noch besteande Relyprizen – sa’t sjuerylid Gerben Brouwer ‘yn alkoholise tastân’ him op in feestje tabetroud hie, hie de bêste Rely-ynstjoering syn ferhaal De reade roas west, mar wie dat oan ’e kant lein om wille fan it lêzerspublyk fan de Fryske Bibleteek. Dat soe it fallyt fan sawol de Rely Jorritsmapriisfraach as dy Fryske Bibleteek betsjutte.

Wat er net neamt, om’t er dat doe noch net witte koe: dat Mei Abraham fûstkje it lêste boek wie dat by Laverman ferskynde; de útjouwerij waard oernommen troch de Arbeiderspers en sanearre. Freark Dam, syn fêste kontakt dêre, hie al de wyk nommen nei it FLMD. Boppedat klagen alle útjouwerijen oer de minne ôfset fan Fryske boeken. De Kikkertrige, wêrby’t elke útjouwer in paperback foar syn rekken naam, soarge foar in koarte oplibbing mar ek foar trelit. Tsjêbbe de Jong fan Boalsert, dy’t foar de KVP yn de Steaten siet, spuide raar guod oer de boeken fan Wadman en Riemersma. Dat wiene ‘suspekte Kikkerts’ neffens him: ‘Wurde de druven lekkerder as men der mei smoarge hannen yn omwrot? Boppedat is it lêzen fan ditsoarte boeken foar de jongerein in dûbel gefaarlik bedriuw dat har pynlik en libbenslang beseare kin.’

Jo soene sizze, no hie Wadman hielendal syn bekomst, sjoen syn negativistysk kommentaar, mar neat wie minder wier. Hy hie yn dat sabbatical al wer in pear manuskripten fierhinne dien makke. De malêze dêr’t de Fryske literatuer yn ferkearde, wie oanlieding foar in krisisberied: moasten de skriuwers net mei in tsjinoffensyf komme en har ferienigje? Wadman en û.o. Douwe Tamminga, Jo Smit, Rink van der Velde, Ypk fan der Fear en Tiny Mulder stutsen de koppen by elkoar yn Ald Skou en in pear moanne letter, op 22 maart 1969, waard yn hotel De Klanderij te Ljouwert it Skriuwersboun oprjochte.

Dêr wie ik ek en dêr haw ik Wadman foar it earst libbensliif sjoen. Hy kaam doe fan in repetysje fan it Frysk Keamerorkest. Miskien wie it wol aardich om in stikje te spyljen, stelde immen foar doe’t it oan it noflike part ta wie. Dat gie oan, Jan J. Bylsma efter de piano, Wadman op ’e fioele. Se spilen in tal operettemeldijen. Oant op in stuit fan efter út de seal roppen waard: ‘En no in pear Fryske lieten graach!’ Ja, dat moasten jo him no krekt net freegje. De fioele kaam wer yn ’e koffer.

Rink van der Velde krige yn oerlis mei de haadredaksje fan de Ljouwerter Krante klear dat, no’t Laverman yn Drachten der mei ophâlde, de Friese Pers syn manuskripten wol útjaan woe en sa sette yn 1970 de Gurberige út ein mei de ‘damesroman’ It rammeljen fan de pels, trije jier letter folge troch As in lyts baeske.

Wadman wie lid fan de Raad voor de Kunst en hy soe as skriuwer, dy’t sa’t er it sels útdrukte, altyd op twa skonken rûn, in Fryske en in Nederlânske, foar it Skriuwersboun de kontakten mei de Vereniging van Letterkundigen ûnderhâlde. Mar it is der net fan kommen, want der kaam in ambisjeuze baan op syn paad: universitêr haaddosint Nederlânsk by de learareoplieding Ubbo Emmius. Dat wie oare tee as dy baan yn Snits. Hy krige de ferantwurdlikheid oer acht à tsien dosinten.

Ik haw myn ljocht opstutsen by ien fan har, Remco Ekkers. Foar in part kloppet it byld dat de bûtenwacht fan him foarme: in ferlegen man, en swiertillend. Mar as baas wie der gjin betterenien. Hy wie o sa belutsen, oergryslike konsinsjeus, rette de gearkomsten hiel goed ta en kontrolearre de notulen op krektens. It heucht Ekkers net dat er ea in konflikt mei ien fan syn dosinten hân hat en as dy it ûnderinoar net iens wurde koene, dan bemiddele hy op in minlike wize, faak sûnder folle wurden, ‘want erg spraakzaam was hij niet’.

Wadman stelde hege easken oan syn baan en it is net ûnmooglik dat him dat bytiden opbriek en dat er yn in depressive rite ferfoel. Mar hy hat it nei bûten nea skine litten. Fan skriuwen kaam der yn dy jierren lykwols neat op ’e hispel: wat er yn ’70 by de ein hie, en dat wie net te min, wie lizzen bleaun en soe er pas nei syn pinsjonearring wer oppakke. De muzyk hat foar him al dy jierren wol in útlitklep west. Doe’t ik by him op besite wie, yn simmer fan 1996, sei er dat it him spyt dat er net mear oer muzyk skreaun hie, oars as wat losse skôgings. Hy fielde wat dat oanbelanget ferwantskap mei Vestdijk, al rûnen har smaken útinoar. Hy woe Saint-Saëns rjocht dwaan dy’t der yn de essays fan Vestdijk mar bekaaid ôfkaam – mar ta mear as wat oansetten is it net kaam.

Yn 1985 hat it Frysk Keamerorkest op syn inisjatyf noch in jubileumkonsert jûn yn De Bouhof ta eare fan de 150ste bertedei fan Saint-Saëns. Foar de Ljouwerter Krante hat er doe op in hiele side yn de kultuerbylage in foarbeskôging skreaun. Ik wie doe sjef fan de kultuerredaksje en ik wit noch dat guon kollega’s skampere opmerkingen dêroer makken, safolle oandacht foar in by de measte lêzers ûnbekende komponist en dan ek noch foar in útfiering fan it Frysk Keamerorkest. Mar ‘do doarst tsjin Anne Wadman fansels gjin nee te sizzen’. En dat wie fansels ek wier. Mar nettsjinsteande de ‘alarmerende berichten’ dy’t resinsint Oene Nijdam berikt hiene, foel it konsert him o sa mei. Dirigint Jonathan Wallen hie syn saakjes goed foarinoar, ‘er werd enthousiast gemusiceerd, de vonk sloeg over op het publiek en daar gaat het tenslotte om’.

Remco Ekkers stie neat by fan syn ôfskie, in resepsje heucht him net. No wie it privee ek yn ’e hobbel – fan Hylkje Goïnga, mei wa’t ik yn de redaksje fan De Strikel siet, haw ik der fansels geregeld wat fan meikrigen, der is ek wol wat oer te lêzen yn de bylage achteryn Steven de Jong syn boek, mar dat is in oar ferhaal, dêr’t in folgjende biograaf him of har mar op stoarte moat.

Ik sjoch it sa: as er weromkommen wie op syn gymnasium, ek al wie dat ûnderwilens in grutte skoallemienskip wurden, dan hie er yn dy santiger jierren wol de tiid fûn foar syn literêre wurk, grif noch mear, om’t er op skoalle dan frijwat op syn rûtine fertrouwe koe. Lykwols, doe’t er nei safolle jier de tried wer oppakke soe, lei it literêre lânskip der hiel oars hinne, sa moast er bekenne yn in ynterview yn de LC (25-11-1987). Wie útjouwerij Laverman der noch mar, sei er, dêr koene jo alles klear krije, no keallet it allegear like swier en krije jo fan de útjouwer in briefke dat se op subsydzje wachtsje. En de gruttere útjouwers yn Nederlân dêr’t er foarhinne maklik oanslach krije koe, hiene ek gjin belang. Skriuwers as Maarten ’t Hart of Boudewijn Büch hoege mar in skeet te litten of it wurdt breed útmetten, en sokken as Tessa de Loo of Marjan Brouwers wurde yn ’e watten lein. Ja, hy gunde it se bêst, mar it waard der sa net makliker op foar de âlderen. Sa’t wy witte, is it sûnt in noch gruttere gekkeboel wurden, mei dy grutte omloopsnelheid fan boeken en navenante reklame yn it programma dat syn namme eare oandocht, De Wereld Draait Door, mar dit sa sydlings.

Ta beslút gean ik te seil op in oare kollega dy’t by Ubbo Emmius mei him wurke hat, Kees ’t Hart. Yn Ons Erfdeel (nr. 1 fan 2011) herinneret er oan syn sollisitaasjepetear by Wadman thús:

‘Daar zaten we dan, hij in een leunstoel voor het raam en ik in de buurt, allebei niet goed wetend wat we zouden zeggen. Om een uur of één kwam de drank op tafel. Anne schonk zichzelf een jenever in, ik nam een wijn. We zwegen vaak en lang. Meestal keek hij naar buiten en leek dan mijn aanwezigheid te zijn vergeten. Maar ineens zei hij een zin die ik niet ben vergeten, hij zei die niet één maar twee keer. Hij zei, terwijl hij naar buiten staarde: ‘Het is allemaal niks.’

Kees ’t Hart sketst Wadman as ‘een lange, slungelige man, onhandig en verlegen, die de gezelligheid en de conversatie overliet aan zijn vrouw, Hylkje Goïnga.’

Mei de sin ’t is allemaal niks’ wie, tocht Kees, syn fizy op de wrâld wol sawat gearfette. ‘Wat een merkwaardige kerel was het, in de grond verlegen maar altijd geestig tot op het cynische af, en een zeer precieze docent die op academisch niveau historische taalkunde gaf.’

Oer syn boeken hat er noait mei him praat, mar hy hearde wol fan oaren dat er dêr ek net heech fan opjoech: ‘het stelde allemaal niets voor’. Dat wie in ferlegen poaze fansels, want wa’t him better koe, wist dat er syn wurk fan jongs ôf oan sekuer bewarre en oardere – yn it lêst fan syn libben hat er net allinne syn krante- en tydskriftkritiken bondele, mar ek syn taalrubriken en oare losse stikken mei achteryn in komplete bibliografy (Oer oarmans en eigen, 1994).

Kees ’t Hart wist sels ek wol better: frijwat fan syn boeken, fan De smearlappen oant De verkrachting – dat er yn it Nederlânsk skreau en dat fiersten te min omtinken krigen hat – kinne neffens him de ferliking mei gâns Europese romans muoiteleas trochstean en hy einige syn stik yn Ons Erfdeel mei in dream: ‘Daarin zie ik in mijn boekenkast een fors tweedelig dundrukwerk staan, uitgegeven met zware subsidie van de provincie Fryslân, net zo fraai vormgegeven als de Pléiadereeks in Frankrijk. Dat zou een daad van gerechtigheid zijn, Titel: Anne Wadman, Samle wurken I en II.’

Waarvan akte, tankewol.

 

Taspraak fan Pieter de Groot by de presintaasje fan it boek Anne Wadman 1919-1997 ‘It tipelsinnich bousel, ik’ op 30 novimber 2019 yn Langwar.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels