Kyra, Elske Schotanus
fotografy: Kyra, Elske Schotanus

Elske Schotanus: dingen ûntstean ûnder myn hannen

PAUL VAN DIJK –

It is maitiid yn ’e tún fan Elske Schotanus (1957). We sprekke elkoar op in sinnige moandeitemoarn op It Hearrenfean oer har boek Kyra − In skiednis dy’t spilet yn it Jier fan de Rôt. De earste Fryske graphic novel, wêryn’t neat is wat it liket. De skriuwster, byldzjend keunstner en resinsint hâldt wol fan in nije útdaging. Al earder eksperimintearre se mei oare foarmen. Sa skreau se in Facebookroman, makke se ‘faction’ en dit jier ferskynde in graphic novel fan har hân.

‘Ik bin begûn yn it koroanajier. Sa no en dan skreau ik dêr wolris wat oer op Facebook. Hoe nuver de bylden út Sina wiene. Minsken dy’t in flatgebou net út mochten en mei-inoar stiene te sjongen. Ik hâlde dat wat by. Yn Nederlân wiene de earste koroanagefallen ek bekend. Al gau bedarren we yn in yntelliginte “lockdown”. Ofstân hâlde dus. En doe, midden yn it koroanajier, skuorde myn relaasje út. Knap ûnferwachte. Dat, én koroanatiid, én fan de iene op ’e oare dei allinnich sitte… dêr haw ik slim lêst fan hân.

Ik wie dus al dwaande mei in deiboek en op in stuit hie ik in dokumint fan 300.000 wurden. Dêr sieten brieven tusken, appkes, mar ek in soad teloarstelling en werhellingen.

Yn dy simmer gie myn broer op fakânsje, mar hy hie it net goed regele mei it oppasadres foar syn hûn. De hûn kaam by my útfanhûs. Dat gie oerdeis goed, mar jûns, doe’t er trochhie dat syn baaske him net opheljen kaam, waard it bist oerstjoer en woe net ite. Ik hie in protte wille oan dat bist. De namme fan de hûn? Kyra.

Dat is in ferhaalline yn it boek. Ergens yn dy perioade skreau in columnist yn de Ljouwerter: “Waar blijven de coronadagboeken van Friese schrijvers?” Myn deiboek, dat sa moai begûn wie, mar útdraaide op teloarstelling en grime, wie fansels net geskikt foar publikaasje.’

It ûntstiet

Kyra, Elske Schotanus

Kyra, Elske Schotanus

‘Op in stuit bin ik begûn te eksperimintearjen mei de app Procreate. Ik hie wolris wat digitaal tekene, op de tillefoan bygelyks, mar doe’t ik ris in famke op in tekentablet wurkjen seach wie ik ferkocht. Dat woe ik ek kinne! Ik tekene wat plaatsjes, sette dy op Facebook en sa kaam ik op it idee om wat ik sa al belibbe hie yn it Jier fan de Rôt te ferwurkjen ta in grafyske roman. Mei tank oan in wurkbeurs koe ik in iPad Pro oanskaffe. It digitale tekenjen ha ik mysels oanleard. Dat yntrigearret my. Om de basis troch te krijen en it dan nei myn eigen hân te setten. Foaral de aparte resultaten dy’tst krije kinst op de iPad fyn ik nijsgjirrich. Do makkest in plaatsje, makkest in achtergrûn en dêr komt dan in stik tekst by. Hoe it einresultaat presys ûntstiet wit ik net iens. Ik haw net in synopsis skreaun fan it ferhaal. It ûntstiet, komst ûnderweis op ideeën.’

 

 

De tekeningen yn Kyra binne foar in part út ’e holle makke, foar oare tekeningen is fotomateriaal brûkt as foarbyld, en op inkelde plakken binne foto’s opnaam. De teksten binne yn it Frysk, mar der is ek in kollaazje opnaam fan Nederlânsk- en Ingelsktalige en sels Sineeske kranteberjochten.

‘It ferhaal fan Kyra, fan de hûn, dat hie ik, as part fan myn deiboek, opskreaun. Foar de graphic novel haw ik dat ferfrissele mei it koroanaferhaal. Dat posityf begûn: “houd moed, heb lief”, wie it boadskip. Der waard applaudissearre foar de soarch, de klokken letten. Mar yn septimber draaide de sfear om. Der kamen demonstraasjes en tinten fan de GGD waarden yn ’e brân stutsen. Dy omslach ha ik ek beskreaun. En dêrneist spilet it ferbrekken fan myn relaasje in rol yn it boek.’

Kyra hat meardere lagen. Lytse details soargje derfoar dat it in ryk gehiel is. Ien fan de yllustraasjes is in rút mei dêrop ‘Covid is fake’ kalke. Hiel subtyl sjogge we yn de wjerspegeling in traumahelikopter fuortfleanen. Dy tsjinstellingen komme faker foar yn it ferhaal.

Parallellen binne der ek. Bygelyks dy tusken in lilke mopshûn en de ‘ik’. De âldhûn freget de oandacht fan it baaske, mar it baaske is allinnich mar dwaande mei syn nije poedel. Is Kyra de ‘ik’ wurden? Stiet de omslach yn it tinken oer koroana ek foar de omslach yn har relaasje? Betiizjend.

Feit en fiksje

Feit en fiksje rinne by Schotanus wol faker trochinoar. Earder die sy dat yn de roman De raven − Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint. ‘Der sit meast wat autobiografysk yn myn wurk. Mar it is by my altyd in proses dat ik net goed omskriuwe kin. Ik haw wolris in hiel dúdlik idee hân oer in boek dat ik skriuwe woe, mar moast dêr ûndersyk foar dwaan en dêrnei kaam it der net fan. Krekt as by De raven ûntstie Kyra al wurkjend. De Raven skreau ik op Facebook. It ferhaal begjint dermei dat ik mei myn âldste broer by de fjoerkoer sitten hie – dat wie hielendal net sa! Boppedat haw ik mar ien broer. Dat ik krige dêr allegear reaksjes op: do hast dochs mar ien broer? Doe rekke ik yn de ‘flow’ en alle dagen skreau ik dêr in ferfolch op. Pas in pear dagen foar de lêste ôflevering tocht ik: ah, dêr giet it ferhaal hinne! Sa sit it mei Kyra ek. Dingen ûntstean ûnder dyn hannen.’

In Facebookroman, faction, in graphic novel. Is der noch mear dêr’t se nijsgjirrich nei is? ‘Op it momint dat je je ergens yn ferdjipje wurde je nijsgjirrich. Ik ha earder in libbensskets makke fan Pier Feddema, ien fan de fiif skilders fan de groep “Yn ’e line”. Op in tentoanstelling fan Feddema’s wurk waard ik frege oft ik dat ek dwaan woe oer de keunstner Jan Frearks van der Bij. Dan dûkst yn ien syn libbensferhaal en dan wurdt it suver fansels ynteressant. Begjinst dysels fragen te stellen. Wêrom waard Van der Bij yn de oarlochsjierren reklametekener? Dan dûk ik yn krante-argiven en sykje ik ynformaasje op. Elk ûnderwerp hat syn sydpaadsjes. De reklamewrâld, mar hy makke ek mozaïken op skoalgebouwen en boekomslaggen. Al dy ûnderwerpen, dêr sit safolle omhinne. Ik fyn it leuk om ergens yn te dûken en dan makket it eins net út oft it foar in graphic novel oer in hûntsje is of foar de libbensbeskriuwing fan in keunstner.’

Foar Kyra hat Elske Schotanaus de foarmjouwing sels dien. Dat gie net altyd fan in laaien dakje. Om’t de tekst ûnderdiel is fan de foarmjouwing, moat de tekst fuortdaliks goed wêze. Sprutsen teksten moatte, krekt as by in strip, yn ‘wolkjes’ passe. As yllustraasjes feroarje, moat de tekst ek wer in oar plak krije. Se hie earst it boek makke op it formaat A4, mar de útjouwer woe it op 17×24 ha. Doe makke se in lytsere ferzje, mar dêrby hold se gjin rekken mei saken lykas ‘snijferlies’. Technysk sjoen wie foarmjouwer Monique Vogelsang har klankboerd. Ek op oare fronten gyng der wolris wat mis. ‘It tekenprogramma hat lagen, de trúk is om lagen op slot te setten. Dochs bart it wolris datst per ûngelok in laach iepenstean hast en datst dan fierder wurkest op in laach dy’t klear wie. Gelokkich hie ik dan noch in eardere ferzje op de kompjûter stean.’

Werom

Schotanus sjocht mei grutskens werom op it proses fan it meitsjen fan har earste graphic novel. En se hat de smaak te pakken. Se is fan doel om in twadde graphic novel te meitsjen. ‘Ik bin hiel tefreden oer de ferhaallinen, oer hoe’t it derútsjocht én oer it feit dat ik yn de ferantwurding oan ’e ein ien wurdsje feroarje koe. Ofstannen tusken freonen en neisten liken net langer te oerbrêgjen. “Liken” wie earst “blieken”. As it giet om myn neiste, dan is it allegear goed beteard. Fan ’e middei komt er del.’

Kyra, skreaun, yllustrearre en foarmjûn troch Elske Schotanus, is útjûn troch de Afûk en is te keap foar € 15,- by de boekhannel of fia www.websjop.afuk.frl

Elske Schotanus 

Paul van Dijk is skriuwer, dichter, yllustrator en dosint Ingelsk

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.