De skriuwer fertolket de haadrol

TSJOMME DIJKSTRA –

De Fryske literatuer is sûnt koart in útjouwerij riker: Grotesk, oprjochte yn Amsterdam, wol útjeften op it mêd fan eksperimintele literatuer en krityske essays útbringe. “Yn septimber binne wy begûn”, fertelt oprjochtster Friduwih Riemersma. “Ik wie mei myn eigen bondel Kultuerferlies dwaande en tocht deroer om dy yn eigen behear út te bringen. Mar myn freon Abe de Vries sei tsjin my: dat moatst net dwaan. Ik ha der noch oan tocht it dochs by in útjouwer dwaan te litten. Mar doe kaam ik, eins by tafal, fia myn dochter in printster tsjin dy’t ik alles freegje koe oer útjaan. Doe tocht ik: dan doch ik it sels.”

 

It semi-wittenskiplike kin net maklik útjûn wurde, dat is in gat dêr’t wy yn sprongen binne.

 

En doe hast sels in útjouwerij yn it libben roppen. Wolle jimme troch eksperimintele literatuer en essayistyk te stimulearjen de Fryske literatuer in grutte ympuls jaan?
“Ja, wy wolle de literatuer op dy mêden stimulearje. Wy hawwe grut fertrouwen yn de Fryske útjouwers hear, Bornmeer en de oare útjouwers. Se dogge it allegear hiel goed. Mar foar de hege literatuer, los fan gedichten, is der net sa folle. Dat is in min gebiet yn de Fryske literatuer en ek mar mei in hantsjefol lêzers fansels. Sis mar it semi-wittenskiplike kin net maklik útjûn wurde, dat is in gat dêr’t wy yn sprongen binne.”

 

Wat is der mooglik, kwa redaksjewurk, begelieding, assistinsje?
“Wy helpe by it útjaan fan it wurk. En dogge je dat leaver yn eigen behear, dan leverje wy de kennis. It stimulearjen is foaral yn de rjochting fan it proses, dat mear as it produkt. Abe hát ek mear mei de ynhâld. Redaksjewurk sil er altyd dwaan. En myn dochter helpt yn saaklik opsicht hiel bot. Sy studearret boekwittenskip en dat is in hiel praktyske en ekonomyske stúdzje. Wy ha Aggie van der Meer har bondel Ho Wu en Misty Mac útjûn, dy ferskynde yn desimber. Dy bondels is eins cross-sjenres; hy befettet in protte technysk eksperimint. Leuk foar skriuwers, se is in writers writer. Mar der binne ek ferhalen mear yn de rjochting fan de essayistyk. Oansetten ta sosjaal ûndersyk. Dat is by ús better op syn plak as by de Afûk. En ek foar oar jier binne der al ferskate plannen, dus it wurdt al lestich om it by ien boek it jier te hâlden.”

 

Jimme wolle it plan fan de skriuwer as útgongspunt nimme. Hoe grut is it ferskil tusken jim wurkwize en de wurkwize fan oare útjouwers tinkst yn de praktyk?
“It is de bedoeling dat wy it redaksjewurk bot ûnderstypje sille. Lêsten waard bekend dat de Provinsje de boekpromoasje oars oanpakke sil. De Afûk krijt de promoasje offisjeel as taak. En dat is geweldich, dat it dien wurdt. Mar foardat it boek der leit is der fansels ek in hiel soad wurk. Reklame meitsje is op de ferkeap rjochte, mar boeken wolle je net oan keapers, mar oan de lêzers ferkeapje. It moat ek in goed produkt wêze, ik bin der ek fan oertsjûge dat elke útjouwer dat wol fynt as je it besprekke. As dat feroare is, kinne je dat ek wer werom feroarje. Dat wolle wy, op lytse skaal. Dat is idealistysk, ik kin ek gjin sifers neamme, mar it is tink ik ek befredigjend foar skriuwers om dêr ôfspraken oer te meitsjen. Op dy manier kinne se nei nije foarmen sykje. In belangryk gegeven is foar ús ek dat wy net oan Fryske ‘identiteitskarakteristiken’ wolle. By de lêste útrikking fan de Gysbert Japicxpriis hie de deputearre it oer ‘ûnfrysklange sinnen’, dat gie oer Koos Tiemersma syn wurk. En dat wie net ferkeard bedoeld, mar it yllustrearre ek wol wat. It komt, fyn ik, besêftigjend oer. It is net sa dat as wy it skrasse as wy yn in boek oer griene greiden lêze, of oare identity markers, mar dat ûnderskied sille wy net meitsje.”

 

Is it foar in útjouwerij foar Fryske boeken net handiger om yn Fryslân te sitten, of is de fysike ôfstân foar jim yn de digitale tiid gjin probleem?
“Fia de cloud kinne je maklik begelieding biede ja. Skriuwer en redakteur kinne tagelyk earne oan wurkje. Foar my is it hjir ek hiel plesierich, ik wenje der ek ommers.”

 

Yn Amsterdam bist dus ek op it idee kommen foar de útjouwerij, begryp ik.
“Ja, ik wie mei myn dochter by de presintaasje fan de autobiografy fan Grace Jones yn De Bijenkorf en dy wie twa oeren te let. Dêr rekke ik fia har oan de praat mei in printster, Saskia van der Tol hjit sy. Ik koe alles oan har freegje. Se sei ek dat ik my net oanslute moast by in grutte útjouwerij. Doe frege ik har: ‘Mar Saskia, hoe doch ik dat dán?’ Doe hie se ek wer in goed antwurd. Grace Jones komt altyd te let, mar wie dat net sa west, dan wie ik hjir net op útkommen.”

 

Yn 2015 hast it Netwurk Frysk Literatuerwittenskiplik Undersyk oprjochte: ek mei it doel om ferbiningen te lizzen yn it fjild, mar hjir op it mêd fan literatuerwittenskiplik ûndersyk. Sjochsto oerienkomsten mei de doelen fan Grotesk?
“Yn it netwurk giet it ek om hoe’t wy mei it ûndersyk omgean; witte wat elk docht, dan rinne je inoar net foar de fuotten. Dat is yn in lytse kultuer belangryk fansels. Der wurdt gauris sein dat der yn de Fryske literatuer in soad spul en kompetysje is, mar ik krige ek wer samar in soad stipe by myn plan foar de útjouwerij. Inisjativen om te ferbinen binne tink ik altyd goed. Sa’t it ek goed is om jonge skriuwers en arrivearre skriuwers te keppeljen. En op dat mêd en yn dat kontakt barre gelokkich in soad goeie dingen.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.