fotografy: Natasja Gibbs

Goede Fryske lessen as minskerjocht?

HENK WOLF – 

Yn al it coronageweld fan de ôfrûne tiid is heel wat oar nijs ûndersnijd. Spitich, want der sit it ien en oar oan nijsgjirrichs by. Sa hat in Kanadeeske wittenskipper yn opdracht fan de Feriene Naasjes in wiidweidich stik skreaun oer juridyske aspekten fan ûnderwiis yn minderheidstalen, lykas it Frysk.

 

Dat bern fan skoalle komme sûnder goede kennis fan it Frysk, is no noch in provinsjaal probleem dêr’t provinsjaal oplossingen foar socht wurde. Op it lanlike bestjoersnivo is der net folle belangstelling foar om dat probleem oan te pakken.

 

Dy man, Fernand de Varennes, konkludearre dat goed ûnderwiis yn de eigen taal in minskerjocht is. Abe de Vries hat datselde frame ek ferskate kearen brûkt om te pleitsjen foar bettere lessen Frysk: in needsaak, want ûndersyk fan myn kollega’s Albert Walsweer en Nynke Anna Varkevisser hat sjen litten dat de measte skoallen de offisjele doelen foar it fak Frysk lang net helje.

It sneue is: dat hie ik yn 2005 al foarsjoen. De doelen foar it Frysk wienen doe in stik ambisjeuzer as dy fan no – en se waarden fansels op de measte skoallen ek net helle. De provinsjale polityk hat se doe in stik ferlege: bern hoegden lang safolle net mear te kinnen. Der waarden moaie nije lesmaterialen by ûntwikkele, op papier sawol as op ‘e kompjûter, mei it idee dat skoallen dan yn alle gefallen entûsjast har bêst dwaan soenen om dy nije, legere doelen wol te heljen. Mei in ploechje – benammen jonge – minsken ha wy doe moannenlang aksjefierd foar it behâld fan de âlde kearndoelen. Dat hat neat úthelle en de situaasje is ek net ferbettere.

De Varennes jout ferlykbere krityk op de ûnderwiispraktyk yn in soad lannen en ek op dizenige termen lykas twatalich ûnderwiis, dêr’t elkenien wat oars ûnder ferstean kin. Hy skriuwt: “De maklikste manier om ‘ridlik en passend’ gebrûk fan in minderheidstaal yn it ûnderwiis te omskriuwen is safolle mooglik lessen, op it heechst mooglike nivo: om pedagogyske en oare redenen heart de memmetaal de fiertaal te wêzen as it kin, en as dat net helber is, moat er op syn alderminst as fak jûn wurde.” [Myn oersetting, HW].

Dat bern fan skoalle komme sûnder goede kennis fan it Frysk, is no noch in provinsjaal probleem dêr’t provinsjaal oplossingen foar socht wurde. Op it lanlike bestjoersnivo is der net folle belangstelling foar om dat probleem oan te pakken. Mooglik is it ynternasjonale nivo it gaadlikste: emansipaasje fan de Frysktaligen fia it ûnderwiis as minskerjochtekwestje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.