Stille opskaling

Publisearre op 25 maart 2013

JAN FOLKERTS – 

Wa’t fia de âlde dyk by de Smilderfeart del de stêd Assen binnenriedt, seach de ôfrûne moannen in wol hiel ferfremdzjend spektakel. Op ‘e kop fan ‘e feart stie dêr it mânske byld fan Wladimir Iljitsj Oeljanov of wol Lenin, de lieder fan de Russyske revolúsje fan 1917. By guon skynt it byld nochal wat argewaasje oproppen te hawwen. Wat no, in kommunistyske machtsoername yn de oars sa rêstige Drintske provinsjehaadstêd?

Nee, Lenin stiet der tydlik, as in grut úthongboerd foar de útstalling oer sosjaal-realistyske keunst út de Sovjet Uny yn it fernijde Drintsk Museum, dat foar Assen en Drinte perfoarst in grutte oanwinst is. Wy wiene der op in kâlde dei in maart. No ha ik lang lyn in skoft yn Assen wurke, en sa hie ik noch wat oantinkens oan it âlde museum. Yn dy tiid ha ik my sels ek nochal mei de skiednis fan dizze provinsje dwaande holden, dat ik wie behalve yn de Russen ek ynteressearre yn de ôfdieling Drintske skiednis.

Yn de prachtige, grutte museumwinkel wie it wol even sykjen. Ja, hielendal yn it úterste hoekje fan dizze winkel wie in romte fan heechút 2 kante meter beskikber foar boeken en oar guod oer Drinte…

Lokkigernôch wie it ‘famke fan Yde’ der noch. It ferneamde feanlyk is te sjen yn de argeologyske ofdieling, dy’t ek fierder beslist de muoite wurdich is. It sjocht der goed út en der is folop gebrûk makke fan multimedia om it foar alle besikers sa tagonklik mooglik te meitsjen. Nei de argeology folgen wy de boerdsjes ‘geschiedenis’. Fia in oantal stylkeamers en in oare fraaie útstalling kamen we werom by de argeology. Nee, wy hiene ús net fersind. De skiednis fan de provinsje, wêr’t it museum ea mei begûn, is út it nije museum ferdwûn.

Ynienen tocht ik werom oan 1994, doe’t ik foar it earst yn it nije Groninger Museum kaam. Ek hjir yndrukwekkende nijbou, fraaie aktuele eksposysjes, mar nei al dat moais dochs mar op syk nei de regionale skiednis. Hielendal ferdwûn wie it dêr doe net, mar de Grinzer skiednis wie wol ôfskipe mei in tsjuster part fan de kelder, sa fier mooglik fuort.

Wat wy hjir sjogge is in lanlike ûntwikkeling. De provinsjale musea binne linkendewei opskaald ta nasjonaal meispyljende ynstellingen, en dat giet ten koste fan de oarspronklike doelstellingen dy’t faak nau ferbûn wiene mei de identiteit fan de eigen regio.

In modern regionaal museum hat grutte blockbusters nedich om besikers út it hiele lân te lûken. It Grinzer Museum en it Drintsk Museum hawwe sjen litten dat soks in geweldich sukses wurde kin. Dochs binne it net allinnich de blockbusters: de moderne direkteur fan in regionaal museum hat faak net safolle mei provinsjale skiednis. Yn it ljocht fan de ratrace om nasjonaal oansprekkende eksposysjes te meitsjen wurdt provinsjale skiednis al gau as provinsjaalske skiednis sjoen. Yn in protte musea is de macht oernaam troch keunsthistorisy of managers dy’t fan regionale skiednis soms likemin ferstân hawwe as gewoane histoarisy fan keunst.  Yn guon stêden bestiet sels in totale skieding fan skiednis en keunst yn twa ferskillende gebouwen, sa as yn Arnhem en Den Haach.

Is dit in slimme ûntwikkeling? Is it te kearen? Ik tink dat it oars kin, en lokkigernôch binne der yn Nederlân ek foarbylden fan. Hoe oansprekkend lokale skiednis wêze kin lit bygelyks it Amsterdam Museum sjen, foarhinne it Amsterdams Historisch Museum, in museum dat sa’n 200.000 besikers yn it jier lûkt. Ik ha neat tsjin grutte blockbusters dy’t gjin direkt ferbân hâlde mei de regio, mar betelje mei it jild fan dat spektakel dan in nijsgjirrige en grutte regionale ôfdieling.

Fan ‘t hjerst sjogge we hoe’t de Fryske skiednis yn it nije Fries Museum syn gerak krije sil. In kâns om sjen te litten hoe’t it ek kin. Want as de regionale musea noch fierder fuort reitsje fan de eigen regio ha wy miskien al binnen tsien jier in oare ûntwikkeling. Dan kinne de trije grutte noardlike musea wol gearfoegd wurde ta ien sintraal noardlik museum yn de ‘lânsdielhaadstêd’ Grins. Se wolle dan ommers alle trije it selde?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]