Steat fan de stêd

MONIQUE FLINKER – 

‘Het gaat ontzettend goed met Leeuwarden.’ Dy konklúzje lûkt arsjitekt Bauke Tuinstra út Burdaard. Ljouwert hat nei jierren it imago fan ‘It sil noait wat wurde’ fan him ôfskodde. In analyze fan de Ljouwerter binnenstêd.

It sintrum fan Ljouwert brûst wer. De stêd ûntwikkelet him. De projekten folgje mekoar yn rap tempo op. En dat is moai, fynt Bauke Tuinstra fan TWA Architecten. ‘We hebben jarenlang zonder zelfvertrouwen gezeten. Altijd gekeken naar “het grote Groningen”. Nu gaat Leeuwarden uit van eigen kracht. En dat levert mooie dingen op’, analysearret er.

 

De RUG siket noch in geskikt plak, earne yn of flak by de binnenstêd fan Ljouwert. As Tuinstra kieze mocht, soe er foar de Twibaksmerk gean. ‘Het past precies in het statige karakter van de straat.’

 

Doe’t Tuinstra goed 25 jier lyn nei Ljouwert kaam, hong der in oare sfear. ‘De stad was sleets, er was weinig trots.’ Mar hy sjocht in opgeande line. En hy hopet dat Ljouwert dat fêsthâlde kin. En noch in soad moaie projekten útfiere kin.

Ien fan dy projekten is de Blokhúspoarte. De âld-finzenis wurdt klearmakke foar 2018. Koartlyn waard de earste stap echt sichtber, mei de iepening fan in nij ynformaasjesintrum fan Kulturele Haadstêd.

Mar hie it besikerssintrum net better op in sichtberder plak sitte kinnen? Bygelyks yn it sintrum, njonken it Fries Museum? ‘Nee’, seit Tuinstra resolút. ‘Het bezoekerscentrum is niet enkel de verbouwde smederij in de Blokhuispoort, het is de hele gevangenis. Hier is mede de ambitie ontstaan om Culturele Hoofdstad te worden. Hier zitten creatieve geesten bij elkaar. Een betere plek is er niet.’

En dêr komt meikoarten de biblioteek noch by. De kommende tiid krije de plannen dêrfoar har beslach. It buro fan Tuinstra is dêr ferantwurdlik foar. De byb komt oan it earste plein. It moat in plak wurde om kennis te dielen, om krêften te bondeljen en om kreativiteit op te roppen.

‘De bibliotheek komt op een plek waar veel creatieve bedrijven zitten. De bieb kan daar profijt van hebben. Andersom kan de Blokhuispoort ook baat hebben bij de komst van de bieb’, tinkt Tuinstra. Hy referearret oan de hûnderttûzenen besikers dy’t alle jierren nei de Blokhúspoarte komme. Boppedat biedt de biblioteek ek wissichheid op de lange termyn foar de finzenis. ‘De bieb is in transitie, is meer dan een plek om alleen een boek te lenen. Het is de bedoeling dat de bibliotheek hier de komende jaren op deze plek blijft en dat geeft zekerheid, ook aan andere bedrijven.’

Mar dat freget in yngripende ferbouwing. Om’t de Blokhúspoarte in Ryksmonumint is, kin dat net samar. In part fan de eardere finzenis wurdt dêrom restaurearre. Tink bygelyks oan it achterste part, dêr’t in hostel komt. Foar de byb is it oars. Dêr wurdt in part fan de sellen foar ôfbrutsen, om iepen romten te kreëarjen.

 

‘Ik zou ervoor pleiten om van de Beurs een markthal te maken, naar voorbeeld van Rotterdam en Amsterdam.’

 

Yndustriële look
Dat is bêst in stap. Hoe komt dat der dan út te sjen? It nije ynformaasjesintrum fan KH2018, de smidderij, ‘ferriedt’ al hoe’t de styl wurdt. In soad ljocht, wite romten, mar wol mei grutte swarte balken dy’t foar in yndustriële look soargje.

In grut part fan it wurk sil lykwols noait sichtber wurde. ‘Achter de skermen’ is in bulte te dwaan. De fundearring, elektra en isolaasje meitsje ek ûnderdiel út fan it ferbouwurk. Foar 2018 moat it projekt klear wêze.

In oar punt dat noch wat omtinken freget, is de tagonklikheid fan de Blokhúspoarte. Wa’t no it plein oprint, folget in dearinnend paad. Dat moat iepenbrutsen wurde, fertelt Tuinstra. ‘Op termijn breken we de achterkant open. Dan kun je echt door de Blokhuispoort heen lopen. Het moet een leuke nieuwe attractie worden bij een wandeling door de stad.’

In nije attraksje, neist wat der op dat gebiet al bestiet. Want Ljouwert hat tsjintwurdich in soad te bieden, fynt de arsjitekt. Sa komt it Beursgebou frij, dêr’t de biblioteek no noch syn ûnderkommen hat. In prachtich gebou, dat in soad te bieden hat, tinkt Tuinstra. ‘Als eerste gedachte hoor je vaak dat in zulke panden iets cultureels moet komen. Maar er zijn al behoorlijk wat culturele instanties vertegenwoordigd in het centrum. Ik zou ervoor pleiten om van de Beurs een markthal te maken, naar voorbeeld van Rotterdam en Amsterdam.’

It leafst soe Tuinstra ek sjen dat inkelde oanpassingen út de jierren 80 wer weromdraaid wurde. Sa binne doetiids de treppen foar it gebou smeller makke. ‘Wanneer je die weer zou verbreden, krijg je een opener aanblik. Dat nodigt mensen uit om binnen te komen.’

 

Bliid mei ‘rafelrandjes’
No is Ljouwert net by útstek in wrâldstêd dy’t op listjes fan ynteressante stêdetrips foarkomt, tinkt Tuinstra. Mar dat is net sa slim. ‘Juist middelgrote steden zijn vaak erg aantrekkelijk, met voldoende dynamiek en juist wat minder de grootstedelijke problematiek.’ Hy fergeliket Ljouwert yn dy sin mei Deventer, Zutphen of Den Bosch. Of bûtenlânske stêden lykas Ljubljana, Bristol, Brighton of Bratislava. ‘Mensen zijn vaak blij verrast als ze toch naar zo’n stad gaan. Het biedt meer dan mensen in eerste instantie denken.’

Sa kinne minsken hjir bygelyks terjochte yn Neushoorn, it nagelnije poppoadium yn it kulturele kertier fan Ljouwert. ‘Een ruig gebouw, dat zorgvuldig ingepast is in de omgeving’, seit Tuinstra. ‘Ik ben vooral erg blij met de rafelrandjes. Dat geeft het gebouw echt karakter.’

Ek de neistlizzende Haniasteech profitearret fan Neushoorn, sjocht Tuinstra. ‘Na dertig jaar is die boel daar eindelijk opgeknapt.’

Binne alle ûntwikkelingen dan goed foar de stêd? Nee, warskôget de arsjitekt. Sa binne de plannen foar de nije Pathé-bioskoop goed foar it plak dêr’t dy komme moat – ‘een winderige plek die wel een mooie opvulling kan gebruiken’ – mar hâldtTuinstra syn hert fêst foar de oare bioskopen yn it sintrum. Hoefolle kin Ljouwert ha? En wat as de konkurrinsje daliks te grut is?

 

Net noch mear kultuer
Dat bringt him fuortendaliks by wat hy it grutste probleem fan de Ljouwerter binnenstêd neamt: leechstân. Resintlik foelen V&D, Manfield, Dolcis en noch inkelde grutte ketens om. It thúswinkeljen, de kwakkeljende ekonomy, it wurket allegear net befoarderjend foar in brûzjende binnenstêd.

En wat bart der mei de lege gebouwen? Foaral de saneamde A-lokaasjes falle fuort op. Tuinstra: ‘Een bijna automatische respons is dan om er culturele instellingen in onder te brengen. Of nieuwe winkels. Maar vooral met dat eerste moet je oppassen’, warskôget er. Ljouwert is goed bedield mei kultuer en kulturele organisaasjes. ‘Je moet geen overkill aan cultuur krijgen.’

Wat is dan wol de oplossing? ‘Selectief herbestemmen’, seitTuinstra. In drege term, mar de ynfolling dêrfan is noch folle dreger. Winkels of kultuer losse it net op. Wenjen soe kinne. Mar ek wer net oeral. Of dochs de winkel-oplossing, mar dan wol mei in eigen identiteit.

Guon strjitten slagget dat lêste hiel goed, fynt Tuinstra. Sjoch mar ris nei de Easterstrjitte, of de Lytse Tsjerkestrjitte. ‘Dat zijn echt straatjes met een eigen karakter. Iedereen kent ze, mensen hebben er hun vaste adresjes. Het plaatje klopt daar.’

It binne benammen de oare, saneamde oanrinstrjitten, dêr’t it noch better kin. Tuinstra neamt De Tunen en de Foarstreek as foarbyld. Dêr falle gatten yn it winkelbyld. Gjinien wit wat dêryn komme moat. Hjir en dêr wurde eardere winkelpannen ferboud ta apparteminten. Mar in echt plan liket der net te wêzen. En dat wurket troch yn de útstrieling fan in strjitte…

 

‘Bijna Haags’
Ien wichtige funksje ûntbrekt noch yn dit ferhaal. Ek it ûnderwiis kriget in hieltyd gruttere rol yn Ljouwert en yn de binnenstêd. Sa komt de RUG/Campus Fryslân fan 2017 ôf nei Ljouwert. Nei mear as 200 jier hat Fryslân dêrmei wer in universiteit. De RUG siket noch in geskikt plak, earne yn of flak by de binnenstêd fan Ljouwert.

As Tuinstra kieze mocht, soe er foar de Twibaksmerk gean. ‘Het past precies in het statige karakter van de straat, met onder meer het provinciehuis, Hotel Post-Plaza en natuurlijk de Kanselarij. Het heeft bijna een Haagse, chique uitstraling.’

Om dy reden soe ‘wonen op stand’ ek in prima ynfolling fan de gebouwen oan dy strjitte wêze kinne, tinkt Tuinstra. Salang as it mar by it karakter en de útstrieling fan de strjitte past.

Fansels binne der ek al ûnderwiisynstellingen yn Ljouwert dy’t goed draaie. Nim it terrein fan de NHL en Stenden. ‘Maar de aansluiting van die instellingen op de binnenstad kan veel beter.’ No stappe studinten yn de bus en ride streekrjocht wer nei it stasjon. Se sjogge it sintrum amper.

Wol tinkt Tuinstra dat ynstellingen lykas de Blokhúspoarte en Neushoorn ek foar it ûnderwiis yn Ljouwert goede ympulzen wêze kinne. ‘Hier komt alles samen. Dit soort creatieve hotspots zijn bij uitstek ook geschikt voor studenten.’

En dan binne der dus noch de plannen foar de akademyske hoeke tusken de Twibaksmerk en Hoeksterein. Hoe’t dat romtlik útpakt, is noch net te sizzen. Wol tinkt Tuinstra dat ‘het de broodnodige impuls kan zijn voor de noordoosthoek van het centrum.’

Bart dat allegear goed, dan sjocht Tuinstra de takomst en de ûntwikkeling fan Ljouwert fleurich yn. ‘Het is in gang gezet met Serious Request. En daarna met de uitverkiezing tot Culturele Hoofdstad 2018. Dat zijn de omslagmomenten. Leeuwarden lijkt echt te beseffen dat het uit moet gaan van eigen kracht. Doet het dat, dan komt het helemaal goed’, konkludearret Tuinstra.

‘Leeuwarden moet een sterke en aantrekkelijke stad zijn in een prachtig landelijk gebied’, ferfolget er. Stêd en plattelân kinne net sûnder mekoar. ‘Ik denk dat we hier met de gemeenschapszin, de natuur en de historie een erg aantrekkelijke en duurzame ontwikkeling kunnen doormaken.’

Tuinstra tinkt dêrby oan de kâns om eigen enerzjy op te wekken, selsridende auto’s te ûntwikkeljen en virtual reality. ‘Mensen zijn straks steeds meer in staat te wonen op de plek waar ze willen, en elders te werken. Dat is echt in het voordeel van Friesland. Verder hoop ik dat we straks een hele mooie erfenis hebben van de CH2018.’

 

Wat stiet der de kommende jierren allegear op stapel yn Ljouwert

  • Yn 2017 set de RUG útein mei de Campus Fryslân yn Ljouwert. Earne fan ’t maitiid wurdt dúdlik op hokker lokaasje oft de universiteit komt.
  • Yn 2018 moat de ferbouwing fan de Blokhúspoarte ree wêze. Net allinnich kreative ûndernimmers hawwe dêr dan in plak, ek Kulturele Haadstêd 2018, de biblioteek en in hostel sitte dan yn de âld-finzenis.
  • De Pathé-bioskoop op it Ruterskertier kriget sân sealen. Yn 2017 geane de doarren iepen.
  • Lân fan Taal is yn april dit jier offisjeel fan start gien. Op it Aldehoustertsjerkhôf komt in tydlik gebou te stean, mei tribune. Binnen kinne minsken multymediale presintaasjes sjen, en bûten wurde dêr yn 2018 alle jûnen audiofisuele presintaasjes hâlden. Dy wurde projektearre op de Aldehou en omlizzende gebouwen. Yn de Prinsetún is in tydlike taletún mei paviljoen oanlein.
  • De Fryske Akademy wurdt yngripend ferboud. Trije gebouwen oan de Grienewei binne sloopt. Dêr komt nijbou. Ek komt der in nije haadyngong op de hoeke fan de Grienewei mei de Doelestrjitte. Yn de rin fan 2016 moat it wurk klear wêze.
  • Keramykmuseum Princessehof, fêstige yn it eardere stedspaleis fan Maria Louise van Hessen-Kassel, wurdt opknapt. Sa kriget it museum in nije tagong, komt der in nije winkel mei teesalon en wurdt de tún oanpakt. Dêr moatte tenei aktiviteiten en eveneminten organisearre wurde. De werynrjochting moat yn 2017 klear wêze. Dan bestiet it Princessehof 100 jier.
  • It Sint Anthony Gasthuis wurdt renovearre en der komt nijbou. De besteande wenten en apparteminten wurde ferboud ta libbensrinbestindige wenningen foar âlderen. Ek kriget it kompleks in nije haadyngong. Under it Gasthuis komt in parkeargaraazje. Oan de achterkant, by de Grutte Tsjerkestrjitte, wurde inkelde bygebouwen en wenningen ynrjochte foar aktiviteiten, lykas keunstateliers. Ek de tún wurdt oanpakt. It is de bedoeling dat dy iepenbier tagonklik wurdt en in ‘griene long’ foarmet yn it Ljouwerter sintrum. Ein dit jier moat de ferbouwing klear wêze.

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 36-39.

Comments
Ien reaksje oan “Steat fan de stêd”
  1. van Dongen schreef:

    Vertaling a.u.b.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.