Skjirpapier: In moardner ûntsnapt yn syn sel oan ’e dea
ERIK BETTEN – It ferhaal fan Emanuel Polak is it ferhaal fan in Joadske man dy’t de oarloch oerlibbe. Sa gearfette klinkt it as in feelgood-story, mar it is earder it tsjinoerstelde. Want dat fan alle Joaden yn Nederlân hy by de lytse groep hearde dy’t de oarloch neifertelle koe, mei wol in skrinende kear […]
In nije Moanne
It is tiid foar in nije koers by de Moanne. Ynhâldlik, organisatoarysk en yn foarm. Tialda Hoogeveen nimt mei yngong fan 1 jannewaris takom jier de einredaksje oer fan Sito Wijngaarden, dy’t 10 jier lang dy funksje útfierd hat. Dêrneist ferhuzet it blêd fanút de Afûk nei in nij ûnderdak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. […]
Deepgrooves: finylplaten fan de modernste makkelei
TSJOMME DIJKSTRA – Trije moannen lyn waard yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert in nije finylfabryk yn bedriuw nommen. ‘Deepgrooves’ is de twadde finylparserij yn Nederlân nei Record Industry yn Haarlem. En dy koe de produksje de ôfrûne jierren troch de gestage ‘comeback’ fan de finylplaat aardich fergrutsje. In brancheferiening, NVPI, berekkene dat de ynkomsten fan […]
Steat fan de stêd
MONIQUE FLINKER – ‘Het gaat ontzettend goed met Leeuwarden.’ Dy konklúzje lûkt arsjitekt Bauke Tuinstra út Burdaard. Ljouwert hat nei jierren it imago fan ‘It sil noait wat wurde’ fan him ôfskodde. In analyze fan de Ljouwerter binnenstêd. It sintrum fan Ljouwert brûst wer. De stêd ûntwikkelet him. De projekten folgje mekoar yn rap tempo […]
Leafde foar iuwenâlde boeken en atlassen
FROUKJE SIJTSMA – Skimmel út antike boeken waskje, missende parten fan iuwenâlde atlassen bytekenje of swartwyt printen ynkleurje. It is it deistich wurk fan de Frisian Colorists & Restorers yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Boeksammelers en –hannelers út de hiele wrâld fertrouwe harren pronkstikjes ta oan in hantsjefol ambachtslju út Fryslân, om it eintsjebeslút restaurearre […]
Gedichten ‘Poetic Potatoes’
Juster binne de earste gedichten fan it projekt Poetic Potatoes ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan Deputearre Jannewietske de Vries en boargemasters Krol en Crone is in jirpelkistje mei gedichten fan Hein Jaap Hilarides, Gryt Witbraad, Tjitte Piebenga, Sito Wijngaarden, Remco Kuiper, Sytse Jansma en Willem Schoorstra yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk op transport set nei Valetta. […]
KH2018 kâns Ljouwerter biblioteken
LEO POPMA – Ein dit jier beslút de Gemeente Ljouwert oer de takomst fan de biblioteek. Besunigings hawwe fan gefolgen dat de trije wykbibliotheken ferdwine en de Ljouwerters it tenei dwaan moatte mei ien sintraal loket. Dy sintrale biblioteek huzet dan net mear yn ‘de Beurs’, mar wurdt wei yn ‘e Blokhuispoort is it doel. […]
Harmoniekwartier
JACOB HAAGSMA – Der komt in nij poppoadium yn Ljouwert. Mar wat foar probleem wurdt dêrmei oplost? En wurdt der net mear sloopt as allinne it ferfallen Harmoniekertier? Pop en poppoadia yn Ljouwert. Nim no in trochsneed freedtejûn. Wy hiene nei Klavan Gadje kinnen by Podium Asteriks, yn de Blokhúspoarte. Of nei Candybar Planet yn Poppodium […]
Boukje Werhoven-Visser
Sanne van der Heide gie op besite yn de Blokhuispoort yn Ljouwert by Boukje Werhoven-Visser fan Menaam dy’t krekt as oare keunstners in sel hiert yn it kreative hert fan Ljouwert. ‘Mijn stijl is realistisch. De afbeeldingen divers. Het schilderen is gewoon leuk en gaat uit van gevoel en gemoedstoestand. Het blijft een heerlijke tijdbesteding. […]
Harm Wijbenga
SANNE VAN DER HEIDE – Harm Wijbenga is kunstenaar en werkt in de Blokhuispoort in Leeuwarden. Ik ging bij hem op bezoek. Bekijk de video.