Alma-Tadema troch oare eagen
MONIQUE FLINKER – Mei oare eagen sjen nei it wurk fan Sir Lawrence Alma-Tadema (1836-1912). Dat is de útdaging foar 24 keunstners yn it projekt ‘Besiele troch Alma-Tadema’. Harren kreaasjes binne fan 14 oktober ôf te sjen yn Tresoar. De ien wie al bekend mei it wurk fan Alma-Tadema, foar de oar is it ien […]
Steat fan de stêd
MONIQUE FLINKER – ‘Het gaat ontzettend goed met Leeuwarden.’ Dy konklúzje lûkt arsjitekt Bauke Tuinstra út Burdaard. Ljouwert hat nei jierren it imago fan ‘It sil noait wat wurde’ fan him ôfskodde. In analyze fan de Ljouwerter binnenstêd. It sintrum fan Ljouwert brûst wer. De stêd ûntwikkelet him. De projekten folgje mekoar yn rap tempo […]
Kulturele Haadstêd: in ultramaraton
MONIQUE FLINKER – Noch minder as twa jier foar de start fan Kulturele Haadstêd en de grutte linen wurde lang om let sichtber. Ein maart krigen de oarspronklike bidbookprojekten definityf in grien of read ljocht. “We zijn de bidbookfase nu echt voorbij. We moeten nu gaan bouwen aan het programma.” It nije ûnderkommen fan Kulturele […]
Teater as spegel foar museumpublyk
MONIQUE FLINKER – Musea en teater. Twa keunstfoarmen mar dochs in wrâld fan ferskil. Dêr’t besikers fan in museum sjogge nei keunst dat al klear is, wurdt it publyk yn in teater meinaam yn it proses. De foarstelling wurdt net allinnich belibbe, mar ek besjoen. Keunstner Caro Kroon en dramaturch Hans Brans út Ljouwert ferwurkje […]
Hoe giet it mei jo?
MONIQUE FLINKER – Bêste ynwenner fan Fryslân. Hoe giet it mei jo? Nee, echt. Hoe giet it mei jo? De wrâld om jo hinne feroaret hieltyd mear. Is dat in goeie ûntwikkeling of net? En wat foar ynfloed hat dat op jo en hoe’t je jo fiele? Boppesteande fragen steane sintraal by it nije Fries […]
Skriuwer en oersetter: twa minsken, ien wrâld
MONIQUE FLINKER – As in boek oerset wurdt yn in oare taal, ûntstiet der in bysûndere bân tusken skriuwer en oersetter. In hast ûnsichtbere, want beide moetsje elkoar eins noait. Dochs sieten oersetter Jantsje Post fan Winaam en skriuwster Monika Held út Dútslân ferline wike neist elkoar op de bank by útjouwerij Cossee yn Amsterdam. […]
Mediakeunst foar de gewoane minsk
MONIQUE FLINKER – De omkearde wrâld, dêr liket it wol wat op. Mei in spegel op de noas rin ik troch de hal fan de Kanselarij yn Ljouwert. De rûte dy’t ik folgje moat, stiet útstippele op it plafond. Mar dan ferspringt it plafond. Doar ik noch fierder te rinnen? Hiel foarsichtich set ik noch in […]
Wurdearring foar it ‘ûnsichtbere’
MONIQUE FLINKER – Skriuwe is in ûnsichtber fak, fynt Floortje Schoevaart (38). Of net? De Amsterdamse tekstskriuwster dy’t sûnt koarten yn Waskemar wennet, wûn dit jier de Willem Wilminkpriis. It berneliet ‘Op de markt’ fan Schoevaart koe op de measte wurdearring rekkenje fan de sjuery. Dy wie entûsjast oer de ferskate emoasjes dy’t it liet […]