• 26 augustus 2016

    MONIQUE FLINKER -  ‘Het gaat ontzettend goed met Leeuwarden.’ Dy konklúzje lûkt arsjitekt Bauke Tuinstra út Burdaard. Ljouwert hat nei jierren it imago fan ‘It sil noait wat wurde’ fan him ôfskodde. In analyze fan de Ljouwerter binnenstêd. It sintrum fan Ljouwert brûst wer. De stêd ûntwikkelet him. De projekten folgje mekoar yn rap tempo op. En dat is moai, fynt Bauke Tuinstra fan TWA [...]

  • 8 juni 2012

    TSJOMME DIJKSTRA - Der hingje tsjustere wolkens oer de stúdzje Frysk yn Grins. De selsstannigens fan de stúdzje stiet faai troch besunigings en de gearfoeging fan talestúdzjes. Tagelyk binne der nije ûntjouwings dy’t de wolkens miskien ferdriuwe kinne, mar it is noch net alhiel dúdlik út hokker hoeke oft de wyn úteinlik waaie sil. In oersjoch fan bedrigings, feroarings en kânsen foar de Fryske ûnderwiiswrâld. [...]