Sniewinter

Publisearre op 10 november 2011

Ik bin ien dy’t net alles fan Durk van der Ploeg lêzen hat. Ik tink dat ik net de iennichste bin, sjoen it feit dat der jierliks wol in boek fan him ferskynt. As ik my konsintrearje op de perioade dat ik boeken besprek foar sawol de Moanne as it Friesch Dagblad (sis mar sûnt 2005) dan binne der wol in pear oerienkomsten oan te wizen tusken de boeken dy’t ik lêzen ha: De hûnsdagen (2006) , In beferzen mar (2009) en resint De sniewinter (2003).

Van der Ploeg-ienlingen binne faak mannen dy’t bûten it deistich libben stean. Se hawwe gjin telefoan of televyzje, lit stean in kompjûter of gsm, en komme de tiid troch mei snieskowen, jirpels bakken en bisten ôfsjitten. De romanskriuwer Van der Ploeg skreau yn 2003 de novelle De sniewinter. It is in ferhaal oer in widdoman dy’t allinnich op in spultsje wennet en in grutte belangstelling hat foar in skilderes en byldhouster dy’t yn it tsjerkje fierderop har atelier hat. Ek yn De sniewinter snijt it en teit it en is it dôve televyzjeskerm, dêr’t de haadpersoan himsels yn sjocht, it iennige moderne yn en om ’e hûs. De frijheid dy’t de skriuwer him dêryn permittearret giet my wolris wat fier. As it 2000 is, is it net mear 1951. Soms wol ik in haadpersoan wolris taroppe: belje ien op! Yt in kroket! Sjoch nei Lingo! Nim dyn frou! De Dongeradielen binne ommers krekt sa modern as Amsterdam of New York. Nederlân hat ek hielendal gjin plattelân mear, sadat it dekor wolris it effekt hat fan in fersliten jas dy’t kear op kear wer oanlutsen wurdt. Yn In beferzen mar bygelyks fersoarget de âld-Bosniëgonger Loch syn broer Teves, as dy troch it iis sakke is. Dat bart mei militêre presizens, as komt de fijân der daliks oan en moat Loch avensearje, mar wêrom bellet er net gewoan eefkes mei de gsm nei de helptsjinsten?

Mar dan bart der dochs wat. Fansels, de snie is yn De sniewinter wer ris metersheech en de wyn buldert mar troch, mar Durk van der Ploeg wit yn syn ferhaalkomposysje altyd de spanning heech te hâlden. It is effektyf, it is prachtich fan styl, it is yn dizze tiid fan lange, saaie, ferfeelsume, neatsizzerige egodokuminten ek hiel goed skreaun. Rink van der Velde’s om deselde tiid hinne  ferskynde Guozzeroer (2001) ferblikt ta in opstel neist dizze novelle.

Eins is it spitich dat Van der Ploeg de Dongeradielen e.o. noait ferlitten hat – dat wol sizze: in swym fan belangstelling foar moderne tiden yn syn wurk ferwurke hat. Ja, ik sit hjir moedwillich te prutsen oan de artistike frijheid fan de skriuwer. In fakman as Van der Ploeg hie miskien in grut publyk berikke kind – it part dat fan nei de oarloch is en grutbrocht is yn sûnens, frede, kuierrûtes en natoergidsen.

Jaap Krol

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels