Skriuwer en oersetter: twa minsken, ien wrâld

Publisearre op 30 april 2015

MONIQUE FLINKER – 

As in boek oerset wurdt yn in oare taal, ûntstiet der in bysûndere bân tusken skriuwer en oersetter. In hast ûnsichtbere, want beide moetsje elkoar eins noait. Dochs sieten oersetter Jantsje Post fan Winaam en skriuwster Monika Held út Dútslân ferline wike neist elkoar op de bank by útjouwerij Cossee yn Amsterdam.

Fiksje skriuwe oer Auschwitz. In dapper beslút. Mar skriuwster Monika Held hat it nea oars wold. Se hie as sjoernaliste genôch realiteit skreaun oer de Twadde Wrâldoarloch, seit se sels. Dit boek, oer Auschwitz, moast fiksje wurde.

 

“It is de keunst om it boek te skriuwen lykas de skriuwer fan it orizjineel, mar dan yn dyn eigen taal. It boek moat troch dy hinne gean.”

 

No is it oerset yn 7 oare talen. Sels yn it Hebrieusk, wat net faak bart en dêr’t se o sa wiis mei is. En yn it Nederlânsk. En dêrfoar waard Jantsje Post fan Winaam frege. Al mear as 20 jier set sy boeken oer, de lêste jierren, neidat se har diploma fan de Fertalers-fakskoalle helle hat, ek literêre.

Foar in skriuwer is it altiten spannend as in boek oerset wurdt yn in frjemde taal. Je moatte der mar op fertrouwe dat de oersetter net allinnich de wurden geef oerset, mar ek de ûnderlizzende boadskippen meinimt. “It is de keunst om it boek te skriuwen lykas de skriuwer fan it orizjineel, mar dan yn dyn eigen taal. It boek moat troch dy hinne gean”, seit Jantsje. “De styl, de sfear, it tempo, dat makket it boek.”

Sawol skriuwer as oersetter meitsje mei harren wurk itselde proses troch, fertelt Jantsje. “De skriuwer libbet in hiel skoft yn de fiktive wrâld en de oersetter libbet in skoft yn dyselde fiktive wrâld en mei de personaazjes. Dat skept in bân.”

Oan de ein fan it oersetwurk hienen Jantsje en Monika mailkontakt oer in stikmannich details fan de oersetting. Geandewei ûntdutsen se oerienkomsten en dwêrsferbannen mei mekoar en mei it boek. Wat it boek foar Jantsje bygelyks nijsgjirrich makke, is it berop fan Lena, de froulike haadpersoan. “Se is in oersetster, lykas ik, se wrakselet betiden mei deselde swierrichheden. Mar hielendal moai wie dat Monika Lena Der Schimmelreiter oersette lit, in yn Dútslân hiel ferneamde novelle fan Theodor Storm. Ik haw oait myn ôfstudearskripsje skreaun oer de oersettingen fan dat boek yn it Frysk en yn it Nederlânsk”, seit Jantsje. Beide haadpersoanen binne intelligint en tige taalgefoelich. “Boeiende minsken; ik begûn oersettendewei echt fan harren te hâlden.”

Ek de leafde foar Fryslân is in dielde passy. Monika hat in twadde hûs yn Nord-Friesland, yn Ockholm. En yn it boek lit se de haadpersoanen ferhúzje nei itselde Nord-Friesland. De sfear fan it terpdoarpke, de mienskip en de tsjerke, it is foar Jantsje werkenber as wie it Winaam.

Yn it boek, dêr’t Auschwitz-oerlibjende Heiner yn de jierren ’60 in relaasje krijt mei de jongere frou Lena, besiket Heiner syn frou de skiednis fan Auschwitz te fertellen en sjen te litten. Monika: “Niet alleen Lena, maar ook de lezer krijgt aan de hand van Heiners verhalen een rondleiding door het concentratiekamp.”

Hoewol’t it fiksje is, binne benammen de haadpersoanen wol basearre op echte minsken. Monika kaam yn de jierren ’70 as sjoernaliste yn kontakt mei de echte Heiner en Lena. Nei de earste moeting, foar in ferhaal oer de stichting dy’t Hermann Reineck (yn it boek Heiner) oprjochte hie foar oerlibjenden fan Auschwitz, is Monika yn kontakt bleaun mei harren. Se gong sels wol mei op reizen fan it echtpear nei Poalen en hat sadwaande mei harren it kamp besocht. It fasinearre de sjoernaliste dat dizze man sa iepen wie oer syn ferline yn it konsintraasjekamp. Hy fertelde oer alles wat er meimakke hie dêr. Dochs is se pas nei de dea fan Hermann en syn frou op it idee kaam om der in boek oer te skriuwen. “Het gaf me veel meer literaire vrijheid doordat ze beiden al gestorven waren. Anders was het veel meer een autobiografie geworden”, tinkt Monika.

De ferhalen yn it boek oer Auschwitz sels, binne lykwols gjin fiksje. “Dat hoef je niet te verzinnen, want er is heel veel documentatie over”, seit de skriuwster. Se hie nei de lansearring fan har boek yn Dútslân in stoarm oan krityk ferwachte, omdat de measte boeken oer dit ûnderwerp ferslaggen fan tsjûgen binne; fiksje en Auschwitz is eins in taboe. “Ik kreeg tijdens een signeersessie maar een keer negatief commentaar. Die vrouw vond het niet kunnen dat er fictie over dit onderwerp werd geschreven zolang er nog overlevenden in leven zijn. Maar de rest van de reacties waren eigenlijk allemaal positief.”

It sukses hat him ferspraat nei 7 oare lannen, dêr’t it boek no ek útkaam is. Mei hast alle oersetters hat Monika allinnich koart mailkontakt. Dat se no njonken Jantsje op de bank sit, fynt se bysûnder. “Het is zo jammer dat dit niet vaker gebeurt.” Ek foar Jantsje is it in moaie gelegenheid. It petear giet fuortendaliks oer passaazjes yn it boek. Sa wie bygelyks de titel dreech om oer te setten. De Dútske titel slacht werom op it momint dat Heiner syn Lena foar de earste kear meinimt nei Auschwitz. As se der hast binne, seit Lena: Ik bin bang. En dan antwurdet Heiner: Hoechst net bang te wêzen, want ‘der Schrecken verliert sich vor Ort’. Hy bedoelt: ast der ienkear bist, falt de eangst fan dy ôf. It is eins in âlderwetsk soart taalgebrûk, dat ik normaal noait brûke soe, bekent Monika. “Ik droomde een keer dat iemand deze zin zei, en toen ik het daarna aan mijn man vertelde, zei hij direct: dat is een mooie titel voor je boek.” It wurd ‘Schrecken’ wie in stroffelblok. Uteinlik is dêr ‘angst’ fan makke, mar hielendal tefreden is Jantsje der net mei. “Schrecken is sterker as eangst. Mar dêr hat it Nederlânsk net in wurd foar. Boppedat is it de útjouwer dy’t úteinlik bepaalt wat de titel wurdt.”

Sa binne der noch in pear oersetproblemen dêr’t skriuwer en oersetter in skoft oer filosofearje. Sa no en dan lêst Jantsje ek wat foar. Monika begrypt net alles, mar knikt ynstimmend. Se binne it der oer iens: as minsken dit boek yn it Nederlânsk lêze en ferjitte dat it om in oersetting giet, dan is it goed.

 

Nu de angst is verdwenen – Monika Held, útjouwerij Cossee, 256 siden. €19,90

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels