Rêst yn frede, ea en nea

ANNA MARIJE BLOEM – 

Sa’n 4 iuwen lyn, om 1700 hinne, barde der wat nuvers yn de Fryske taal. De wurden ea en nea ferdwûnen. Dêrfoar yn it plak kamen it Nederlânske oait en noait. In unyk fenomeen? Op himsels net, der waarden yn dy tiid ommers mear Nederlânske wurden liend. Mar wat wol hiel ferrassend wie is dat dizze wurden yn sa’n koart skoftke tiid ferfongen waarden en dat dy feroaring ek net te kearen wie. Hoe koe dat dochs?

 

Tsjintwurdich tinke in soad minsken dat ea en nea geef Frysk is en oait en noait min Frysk.

 

Yn de Taaldatabank (TDB) fan de Fryske Akademy is te sjen dat de wurden ea en nea om it jier 1700 hinne suver ynienen ferdwûnen. Ea en nea hienen doe noch in oare funksje as it oait en noait fan no. Ea en nea ferwiisden nammentlik allinne nei it ferline en net nei de takomst. Gysbert Japicx wie sa’n bytsje de lêste skriuwer dy’t ea en nea skreau. En ek Gysbert brûkte as taalbouwer dy wurden net konsekwint. Wy soenen Gysbert syn wurk ûnderferdiele kinne yn twa perioaden: Gysbert I en Gysbert II. Gysbert I brûkte oan it begjin fan syn skriuwerskarriere it meastea en nea en sa no en dan it mear poëtyske immer en jimmer. Mar Gysbert II brûkte ek gauris oait en noait yn syn skriuwen.

Wêrom begûn Gysbert mei oait en noait? Foar it antwurd op dy fraach moatte wy sjen nei it ferdwinen fan ea en nea yn in grutter taalhistoarysk ramt. It komt der op del dat de Hollânske lienwurden oait en noait mei altyd in prachtich rychje foarme. Ommers, it einichst [t]-lûd makket sa’n rychje moai werkenber; ‘oait, noait, altyd’. Sa’n rychje wie op dat momint fan taalûntwikkeling yn ’e skiednis tige wolkom. Om’t Gysbert dochs de trendsetter wie foar it Frysk en oaren ek oait en noait brûkten, hat it sa’n 120 jier duorre foardat ea en nea wer brûkt waarden. De bruorren Halbertsma joegen ea en nea nij libben. Mar dat kaam om’t de bruorren Halbertsma Gysbert I as foarbyld namen. Tsjintwurdich tinke in soad minsken dat ea en nea geef Frysk is en oait en noait min Frysk. Begryplik, mar oait en noait waarden al om 1700 brûkt en hiel bewust keazen troch ús eigen taalbouwer en grûnlizzer fan it Frysk Gysbert Japicx.

Comments
5 reaksjes oan “Rêst yn frede, ea en nea”
  1. Krottsy schreef:

    Dat ha’k nea witten… Nijsgjirrich stikje!

  2. Karel F. GIldemacher schreef:

    As men sa graach ûnderskied meitsje wol tusken geef en min Frysk yn taalkundige-etymologyske sin (dat hoecht net om my) dan is it kletspraat fan Bloem om mei Gysbert bewize te wollen dat noait ek wol geef is omt master It brûkte. Ik fyn ( faaks soe ik my tinkt skriuwe moatte) fyngefoelich, presiis sizzend wat men bedoeltgeef Frysk en sa fyn ik dat der is tusken “nea” en “”Noait”. Wat mear nuânses wat leaver it my is. Dat ivige geskriuw oer geef Frysk, sûnder dat dúdlik is wat bedoeld wurdt, skjin myn noch haw ik fan sok ôfwaaid praat. Trouwens wat is GJ I en GJ II?

  3. Siem de Vlas schreef:

    It is my gûl om goarre hokker wurd ik brûke sil. Praat ik mei in skiteldeftige Fryskprater, dan brûk út it eachweid fan it distânsjemotyf (foar it Hollânsk oer) ‘ea’ en ‘nea’. Somtemets past my ‘oait’ better as ‘ea’ yn myn dichtrigels. Dat jildt ek foar ‘noait’ en ‘nea’. It is dochs in rykdom fan ús taal wannear’t wy mei de putsamer ferskate wurden ophelje kinne dy’t itselde betsjutte. De omstannigens jout beskie.

  4. Dauwe A'daam oan d'Ie schreef:

    4 reaksjes? ’t Binne trije.
    4 iuwen lyn? 1700 is 3 ieuwen lyn.
    NEarne? Oaiten, noaiten, alltiten, ’n trits?
    Hat Blom bewiisd dot it wurke by Gysbert Japix? (-x Ph.Breuker 1989)
    Ja, Karel, wat healwiis gever, what leavver AT/ott it my is.
    Simen Flaaks: it is uus hoel om goarre hokker wurd OTT ik broek.
    Omstannigens kin net os olternatyf foar omstonnichhieden.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.