fotografy: Sirkwy.nl, Haye Bijlstra

Presintaasje ‘It Faderpaard’

ARJAN HUT – 

“Eins hie it Tsjêbbe hjitte moatten, ynstee fan Obe.” Gasthear Geart de Vries spriek ôfrûne freedtemiddei yn Tresoar by de presintaasje fan Het Vaderpaard / It Faderpaard, it sammele wurk fanTsjêbbe Hettinga, foar in seal fol skriuwers, dichters en pommeranten dy’t it grif mei him iens wiene. Sterker noch, in pear dagen earder krekt foardat Sietske Poepjes yn De Aldehou de namme iepenbier makke, gokte ik der èk op dat it Tsjêbbe wurde soe.

 

Meast opfallende ferhaal kaam fan Piter Boersma. Hy fertelde oer hoe’t er begjin jierren santich mei Tsjêbbe yn de kunde kaam en hoe’t dy him oanslute by de redaksje fan it jonge blêd Hjir.

 

Op tongersdeitejûn hie der al in presintaasje yn Amsterdam west, mar likegoed kaam der in soad folk nei de Bûterhoeke. In soad skriuwers en dichters, it like wol in boekefeest. De Omrop wie der mei in tv- en in radioferslachjouwer. Asing Walthaus stapte der om. Gearstaller Teake Oppewal fertelde wat oer it ûntstean fan it projekt en de wurkwize dy’t hantearre waard. Men hie sels de hurde skiif fan de ferstoarne dichter trochkrûpt, troch west om net publisearre wurk. (Tip oan libbene dichters: ferneatigje jim hurde skiven as de ein yn’t sicht komt!)

Albertina Soepboer fertelde oer har inisjele besykjen om de gedichten fan Hettinga te begripen of folslein neikomme te kinnen, mar by einsluten kaam se ta de konklúzje dat begryp djip fan binnen sit en syn eigen taal hat. Sy droech dêrnei it fers ‘Dwylsinnich’ foar. Elske Kampen, dy’t okkerdeis op deselde lokaasje har masterlike fjirde bondel YNBYLD presintearre, fertelde oer Tsjêbbe as skriuwdosint. “It gong him om de foarm, it fleis, de bonken, de spieren. Hy sei ‘wat jim mei in fers sizze wolle hoech ik net te witten, hâld dat moai foar jimsels.'” Oeren koe er wol prate oer in wurd, in komma, de kursisten moasten gauris avensearje om nei ôfrin noch nei bûten foardat Tresoar jûns op slot gie.

Ald-buorman en freon fan de dichter Henk Deinum spriek en muzikant Basil Maneka Lukadi spile meardere lieten dy’t er eartiids ek mei Tsjêbbe Hettinga spile. It wie smûk en drok en flarden poëzij streamden troch de seal. Alles meimekoar rûn it offisjele programma aardich út. Geart de Vries hie it yn de gaten.”Begjin mar daliks mei foardragen!”, sei er tsjin Piter Yedema krekt foardat dy it poadium opstapte. Prima, sei Yedema en begûn in kolleezje fan in lyts kertier oer Hettinga, Fryske poëzy en filannellen.

Meast opfallende ferhaal kaam fan Piter Boersma. Hy fertelde oer hoe’t er begjin jierren santich mei Tsjêbbe yn de kunde kaam en hoe’t dy him oanslute by de redaksje fan it jonge blêd Hjir. Piter Yedema koe it beäme, dy wie der ek by. Romantyske bylden fan gearkomsten mei smokende en drinkende Fryske dichters ta de nacht út keuveljend yn in rûzich doarpke op de klaai. Mar der siet ek in kop op Hettinga fansels. Der moast fan him wolris in redaksjelid ferfongen wurde. Hy joech syn arguminten en krige dan syn sin.

Mar yn 1990 kaam it oars. Jelma Knol moast der fan Hettinga út, mar Boersma fûn de argumintaasje diskear net reedlik. Hy hie it benammen net stean op redaksjelid Jelma Knol, om’t er har net kompetint achte en miskien ek wol om’t se in frou wie, of in frou dy’t der wol wêze doarst, de mûle op it goeie plak hie en neat om reputaasjes joech. “Oars moasto der sels út”, konklúdearre Boersma. “Do seist it”, fûn Hettinga en dêrmei kaam der in ein oan dy syn Hjir-redakteurskip. “Wy ha der fierder gjin spul om hân,” gie Boersma fierder, mar it publyk wie al wat skrokken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.